Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight)

Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA. It nûmer is ien fan de grutste hits fan ABBA, mar hat nea op in studio-album fan de popgroep stien. Wol is it nûmer opnommen op it kompilaasje-album Greatest Hits Vol. 2 út 1979. Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) waard yn oktober 1979 útbrocht as single.

Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight)
algemiene ynformaasje
B-kantThe King Has Lost His Crown
artystABBA
albumGreatest Hits Vol. 2
taalIngelsk
sjenrePop
útbrochtoktober 1979
doer3:21
labelPolar Music
skriuwerBenny Andersson,
Björn Ulvaeus
produsintBenny Andersson,
Björn Ulvaeus
fideoclip
ABBA - Gimme! Gimme! Gimme! (A Man After Midnight)
resultaten
hitlistenflagge fan Austraalje Kent Music Report - 8,
flagge fan Eastenryk Ö3 Austria Top 40 - 2,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 1,
flagge fan Finlân Suomen virallinen lista - 1,
flagge fan Ierlân IRMA - 1,
flagge fan Japan Oricon International Chart - 1,
flagge fan Japan Oricon Singles Chart - 17,
flagge fan Nederlân Top 40 - 2,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 2,
flagge fan Nij-Seelân Recorded Music NZ - 15,
flagge fan Noarwegen VG-lista - 2,
Springbok Radio - 16,
Flagge fan Sweden Sverigetopplistan - 16,
flagge fan Switserlân   Schweizer Hitparade - 1,
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân UK Singles - 3,
flagge fan Dútslân Official German Charts - 3
sertifisearre  Denemark Goud,
Frankryk Goud,
Itaalje Goud,
Nederlân Goud,
Grut-Brittanje Platina

Oer it nûmer

Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. It nûmer giet oer in jonge frou dy 't langet nei in romantyske relaasje wylst se iensum en allinnich yn har tsjustere, lege hûs sit. Se sjongt oer it ferskil tusken har situaasje en de " happy endings " fan films. Guon minsken tinke dat se gek wurdt en alles dwaan wolle soe foar in relaasje, sels as it om in moeting foar ien nacht giet.

Muzikanten