Gizeh

Gizeh (Arabysk: الجيزة, al-Gīzah; Ingelsk: Giza) is in foarstêd fan de Egyptyske stêd Kairo, sa'n 20 km fan it sintrum fan dy stêd ôf. Gizeh is foaral bekend fanwege de Sfinks en piramides dy't dêr tichtby lizze.

Gizeh
الجيزة
Gizeh oan de Nyl
Gizeh oan de Nyl
Polityk
Lân Egypte
GûvernemintGizeh
Sifers
Ynwennertal3.628.062 (2012)
Oerflak1579,75 km²
Befolkingsticht.2300 / km²
StêdekloftGrut-Kairo: ± 27.500.000
Hichte19 m
Oar
Stifting642 f.Kr.
TiidsôneUTC+2
Offisjele webside
Webstee
De piramides fan Gizeh

Yn 2012 hie Gizeh 3.628.062 ynwenners.

Underwiis

Yn Gizeh is sûnt 1924 de Universiteit fan Kairo festige. De stêd is in sintrum fan ûnderwiis foar de hiele Mediterrane regio. Gizeh hat tal fan skoallen, beukerskoallen en ynstituten foar heger ûnderwiis.

Gizeh hat de Japaneeske Ynternasjonale Skoalle.[1] Yn Dokki yn Giza stiet teffens de Deutsche Evangelische Oberschule stiet ,[2] en de Pakistan International School of Cairo.[3]

Nijsgjirrichheden

De wichtichste nijsgjirrichheden fan Gizeh binne:

  • Piramide fan Geops fan kening Geops (Kufu)
  • Piramide fan Gefren
  • Piramide fan Mykerinus
  • Sfiks fan Gizeh

Stêdebân

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: