Ioanyske See

De Ioanyske See is de see besúdeasten de Lears fan Itaalje, eastlik fan Sisylje en westlik fan Albaanje en Grikelân. Oan de noardkant foarmet de Strjitte fan Otranto de trochgong nei de Adriatyske See. De Strjitte fan Messina is de ferbining mei de Tyrreenske See. Al dizze seeën meitsje part út fan de Middellânske See. De Ioanyske See hat neat út te stean mei de lânstreek Ioanje, dy't oan 'e westkust fan Lyts-Aazje leit.

Ioanyske See
geografy
type wetterrânesee
lokaasjesúdeast fan Itaalje
lân Albaanje
Grikelân
Itaalje
koördinaten38°N 18°E
ûnderdiel fanMiddellânske See
sifers
djipste punt5.267 m
🔥 Top keywords: