It Hearrenfean (gemeente)

gemeente yn it suden fan Fryslân

It Hearrenfean (Nederlânsk en offisjeel: Heerenveen, Stellingwerfsk: et Vene) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 51.812 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), wêrfan 30.200 yn de flekke It Hearrenfean sels (1 jannewaris 2017). It hat in gebiet fan 187,76 km², wêrfan 6,9 km² wetter.

It Hearrenfean

Crackstate op It Hearrenfean, no ûnderdiel fan it gemeentehûs.
flaggewapen

Wapen fan It Hearrenfean
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemasterTjeerd van der Zwan (PvdA)
sifers en geografy
haadplakIt Hearrenfean
grutste plakIt Hearrenfean
ynwennertal51.812 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens277,7 / km²
oerflak187,76 km²
● wêrfan lân180,86 km²
● wêrfan wetter6,9 km²
tal doarpen21
ferkearsierenA7, A32, N380
skiednis
oprjochte1934; weroprj. 2014
oant 1851 Gritenij Aenjewier
Gritenij Skoatterlân
Gritenij Haskerlân (diel)
Gritenij Utingeradiel (diel)

1851 – 1934 Gem. Aenjewier
Gem. Skoatterlân
Gem. Haskerlân (diel)
Gem. Utingeradiel (diel)

1934 – 1984 Gem. It Hearrenfean
Gem. Haskerlân (diel)
Gem. Utingeradiel (diel)

1984 – 2014 Gem. It Hearrenfean
Gem. Boarnsterhim (diel)
Gem. Skarsterlân (diel)
oar
netnûmer0513, 0516, 0566
postkoade8411–8459, 8468–8469,
8490–8491, 8494–8495
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.heerenveen.nl
Dizze side giet oer de gemeente It Hearrenfean. Foar it plak, sjoch: It Hearrenfean (plak).

Skiednis

Fan 1 jannewaris 1812 oant 1 oktober 1816 bestie der ek in gemeente (eins in mairie) It Hearrenfean, dy't lykwols inkeld de plakken It Hearrenfean en Terbant en de buorskip It Mar omfieme. Yn 1816 waarden de gritenijen Aenjewier en Skoatterlân weroprjochte, dy't foar 1812 ek bestiene en har oarsprong fûnen yn 'e Midsiuwen. Yn 1851 waarden dy beide gritenijen omfoarme ta gemeenten.

Yn 1934 waard de gemeente It Hearrefean foarme troch de fúzje fan Aenjewier en Skoatterlân, wêrby't ek in lyts diel fan Haskerlân tafoege waard, eastlik fan it hjoeddeiske Nijehaske. De trije neamde gemeenten foarmen oant doe ta in trijegemeentepunt yn it plak It Hearrenfean, wat al lange tiid in obstakel foar de pleatslike ûntjouwing wie.

Topografyske kaart gemeente It Hearrenfean

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 ferlear It Hearrenfean it doarp Nijbrêge oan 'e nije gemeente Skarsterlân. Yn 2014 fûn der op 'e nij in gemeentlike weryndieling plak. Op 1 jannewaris fan dat jier waard de (âlde) gemeente It Hearrenfean wetlik sjoen opheft, wylst dêr mei-iens in nije gemeente It Hearrenfean foar yn 't plak kaam. De nije gemeente kombinearre it grûngebiet fan 'e âlde gemeente mei de doarpen Nijbrêge en Haskerdiken fan it ophefte Skarsterlân en de doarpen Akkrum, Aldeboarn en Nes fan it krektlyk ophefte Boarnsterhim. Dêrmei waard it grûngebiet útwreide fan 140,2 km² nei 187,76 km².

Plakken

It haadplak fan de gemeente is It Hearrenfean, en de oare plakken yn de gemeente binne: Akkrum, Aldeboarn, Aldhoarne, Aldskoat, Bontebok, Gersleat, Haskerdiken, Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, De Knipe, Lúnbert, Nes, Mildaam, Nijbrêge, Nijhoarne, Nijskoat, It Oranjewâld, Terbant en Tsjalbert.

Gemeentehûs

Yn 1934 waard Oenemastate gemeentehûs fan It Hearrenfean en yn 1952 waard dit Crackstate. Yn de 1990-er jierren folge nijbou, dat ferbûn waard mei Crackstate. Yn 2007 is it gemeentehûs ferboud.

Omskriuwing

It flek Hearrenfean is yn 1551 ûntstien op it plak dêr't de Skoatterlânske Kompanjonsfeart krúst waard troch de wei nei Oerisel, de wei fan Ljouwert nei Swol. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Mar hjoed de dei is it faaks it meast ferneamd troch iisstadion Thialf en SK It Hearrenfean mei it Abe Lenstra stadion, dat diel útmakket fan Sportstêd It Hearrenfean.

Taal

Yn de gemeente It Hearrenfean wurdt benammen Frysk sprutsen. Fan âlds út waard der yn it eastlike part fan de gemeente, yn de doarpen Hoarnstersweach en Jobbegea ek Stellingwerfsk sprutsen. Mar hjoed de dei hat noch mar 2% fan de befolking it Stellingwersk as memmetaal. Dêrnjonken hat 53% it Frysk as memmetaal en 38% it Nederlânsk. Stedsk wurdt troch 4% fan de minsken sprutsen wylst 3% fan de ynwenners in útlânske taal as memmetaal hat.[1]

Befolking

1951196119901995200020012002200320042005200620072008200920102011
24.20525.89337.92939.25640.44341.77740.44342.19042.65342.84642.75742.77542.86743.33143.41943.448

Polityk

De gemeenteried fan It Hearrenfean bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partijferkiezings 2018[2]ferkiezings 2022[3]
%sitten%sitten
PvdA18,4619,77
VVD14,5512,04
CDA13,859,53
FNP10,2310,73
GrienLinks9,739,53
GB It Hearrenfean9,737,02
D668,228,13
SP6,327,02
KristenUny5,414,21
It Hearrenfean Lokaal0010,53
oare partijen3,801,70
ûnjildich & blanko0,60,3
opkomst/totaal sitten53,1%3155,5%31

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heerenveen fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
wizigje
🔥 Top keywords: