Kollumerlân en Nijkrúslân

(Trochferwiisd fan Kollumerlân)

Kollumerlân en Nijkrúslân, faak ôfkoarte ta Kollumerlân, (Nederlânsk en offisjeel: Kollumerland en Nieuwkruisland of Kollumerland c.a.; Kollumerlânsk en Pompstersk: Köllumerland en Nijkruusland; Kollumersk: Kollumerland en Nijkrúsland) wie in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. It hie 12.853 ynwenners (30 april 2017) en besloech in gebiet fan 116,35 km², wêrfan 6,6 km² wetter. Kollumerlân ûntstie as gritenij yn 'e fjirtjinde iuw. It hold op te bestean op 1 jannewaris 2019, doe't it opgie yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Kollumerlân en Nijkrúslân

De mûne Rust Roest, by Muntsjesyl.
flaggewapen

Wapen fan Kollumerlân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemasterBearn Bilker (CDA)
sifers en geografy
haadplakKollum
grutste plakKollum
ynwennertal12.853 (2017)
befolkingstichtens117,1 / km²
oerflak116,35 km²
● wêrfan lân109,75 km²
● wêrfan wetter6,60 km²
tal doarpen12
ferkearsierenN355, N358
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Kollumerlân
opheft2019
opgien yn Noardeast-Fryslân
oar
netnûmer0511, 0594
postkoade9291–9299, 9851–9853
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.kollumerland.nl

Gebiet

It Dokkumer Djip en it Alddjip foarmen yn it noardwesten de grins mei Dongeradiel. Yn it westen foarmen de Terpwei, de Petsleat en de Langwaerster Wei, en sa fierder tusken De Westerein en Sweagerbosk troch de grins mei Dantumadiel. Yn it suden foarmen de Swadde, de Swaddesleat, de Hessewei en de Lauwers de grins mei Achtkarspelen. En yn it easten en noardeasten foarmen de Alde Lauwers, it Mûntsjesylsterryd, it noardlik part fan de Stêdswei en sa fierder nei de Sâltkamper Ril de grins mei Grinslân.

Skiednis

Oant en mei de 14e iuw wie Kollumerlân in part fan Dantumadiel. Dêrnei waarden der twa nije gritenijen neamd: Eastbroeksterlân, eastlik fan Dantumadiel, en Kollumerlân, om Kollum hinne. Yn 1443 sleaten beide gritenijen in ferbûn mei Grins. Wylst Grins dêr it bewâld hie, makken de Fetkeapers út de beide gritenijen it de Skieringers lestich.

Yn 1497 naam Albrecht fan Saksen it bewâld yn Fryslân oer, en ferbruts de bân mei Grins. Mar yn 1515 keas Kollumerlân foar Gelre, en bleau oant 1523 Geldersk. Yn dy tiid waard der allinnich noch sprutsen fan "Kollumerlân", mar doe't begûn waard mei it bedykjen fan it Krúslân waard dat, oant 1578 as in selsstannige gritenij bestjoerd.

De gritenij Kollumerlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. By it ôfdamjen fan de Lauwerssee krige Kollumerlân der yn ien kear in grutte lape lân by yn de foarm fan de platen dy't oan de súdkust fan de see lein hienen. Op 1 jannewaris 2019 waard Kollumerlân opheft en gie it yn 'e mande mei Dongeradiel en Ferwerderadiel op yn 'e nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Plakken

It haadplak fan de gemeente wie de flekke Kollum. De oare plakken yn de gemeente wiene: Aldwâld, Boerum, Feankleaster, Kollumerpomp, Kollumersweach, Lytsewâld, Muntsjesyl, De Trieme, Warfstermûne, Westergeast en Sweagerbosk.

Yn 2005 bepaalde de gemeenterie dat Kollumerlân der 15 buorskippen by krije moast. It gie dêrby om gebieten dy't lânskiplik weardefol wiene en wêrfan't de histoaryske namme bewarre bliuwe moast.

De buorskippen Healweg, De Keegen, De Kolk, Kollumerâldsyl, Krabbuorren, Leechte, De Skâns en Sânbulten leine yn it eastike Nedersaksyske taalgebiet.

Untwikkeling ynwennertal

Sjoch ek

Keppeling om utens

             Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
🔥 Top keywords: