Leelee Sobieski

Liliane Rudabet Gloria Elsveta Sobieski, (Leelee) (New York, 10 juny 1983) is in earder Amerikaansk aktrise.

Leelee Sobieski
akteur
Leelee Sobieski, 2009
Leelee Sobieski, 2009
persoanlike bysûnderheden
echte nammeLiliane Rudabet Gloria Elsveta Sobieski
nasjonaliteitflagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne10 juny 1983
berteplakNew York City
jierren aktyf1995-2012
offisjele webside
Hiemside Sobieski
Leelee Sobieski in 2009

Sobieski studearre Ingelsk en keunst. Sy wûn yn 1999 in YoungStar Award foar har haadrol yn Joan of Arc en in jaar letter krige sy de Young Hollywood Award yn de kategory 'Superstar of Tomorrow - Female' . Foar Joan of Arc waard se ek neamd foar in Emmy Award, in Golden Globe en in Satellite Award. Twa jier letter waard Sobieksi op 'en nij nominearre foar in Golden Globe foar de haadrol yn Uprising (2001).

Sobieski debutearre yn 1994 yn de telefyzjefilm Reunion. Nei in rige rollen yn telefyzjesearjes, makke hja har bioskoopdebút yn Jungle 2 Jungle (1997).

Privee

Sobieski is de dochter fan in Frânske heit (Jean Sobieski)) en in Amerikaanske mem (Elizabeth Salomon). Sobieski sprekt neist Ingelsk ek floeiend Frânsk. Sa komt it dat sy sawol Ingelsktalige as Frânsktalige rollen spilet. Har fan hat sy te tankjen oan Poalske foarâlden. Har pake fan memmekant Robert Salomon wie kaptein yn de United States Navy. Sobieski waard grutbrocht yn in "pan-religieuze" famylje; sy hat wolris sein dat se grutsk op har joadsk komôf is.

Yn july 2009 ferloofde sy har mei Adam Kimmel[1] en yn desimber 2009 krigen hja in famke, Louisanna Ray Kimmel.[2] It pear troude yn Itaalje yn 2010.

Filmografy (karút)

Sobieski yn 2007
  • Branded (2012)
  • Acts of Violence (2010)
  • Finding Bliss (2009)
  • Public Enemies (2009)
  • Night Train (2009)
  • Finding Bliss (2008)
  • Acts of Violence (2008)
  • Walk All Over Me (2007)
  • 88 Minutes (2007)
  • In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale (2007)
  • The Elder Son (2006)
  • The Wicker Man (2006)
  • In a Dark Place (2006)
  • Heavens Fall (2006)
  • Lying (2006)
  • Hercules (2005)
  • Les liaisons dangereuses (2003, Frânsktalich)
  • Idole, L' (2002, Frânsktalich)
  • Uprising (2001)
  • The Glass House (2001)
  • Joy Ride (2001)
  • My First Mister (2001)
  • Here on Earth (2000)
  • Eyes Wide Shut (1999)
  • Joan of Arc (1999)
  • Never Been Kissed (1999)
  • A Soldier's Daughter Never Cries (1998, Frânsktalich)
  • Deep Impact (1998)
  • Jungle 2 Jungle (1997)
  • Reunion (1994)

Telefyzjerigen

*Sûnder gastrollen foar ien kear

  • NYC 22 - Jennifer 'White House' Perry (2012, 13 ôfleveringen)
  • Les liaisons dangereuses - Cécile de Volanges (2003, trije ôfleveringen - minysearje)
  • Charlie Grace - Jenny Grace (1995-1996, njoggen ôfleveringen)

Trivia

  • De Australyske band Primitive Whore wije in nûmer oan Sobieski, Why Leelee won't Love Me.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: