Marije (mem fan Jezus)

Marije, Maria (fan Gryksk Μαρία), Mirjam (fan Hebriuwsk מרים) of Maryam (fan Arabysk مريم) is yn it Nije Testamint en yn de Koran de mem fan Jezus. Neffens de kristlike tradysje is hja de dochter fan Joachim en Anna;[1] yn de Koran wurdt melding makke fan Imraan as har heit.[2] Foar katoliken is hja de wichtichste hillige. Yn de Roomsk-katolike Tsjerke en Eastersk-ortodokse Tsjerke hat Marije as Mem fan God in wichtige rol yn it leauwenslibben. Yn de otterdokse tsjerke is de wenstige útdrukking foar Marije Memme Gods en net Marije. Der is binnen de teology sels in folsleine dissipline dy't him spesjaal op har rjochtet: de mariology. Ferskate liturgyske feesten en heechfeesten wurde ta eare fan har fierd.

Pieta, Vincent van Gogh

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


🔥 Top keywords: