Moanne (tiid)

In moanne is in tal fan dagen dat likernôch gelyk is oan de perioade dêr't de Moanne yn om de Ierde draait. Om't dy perioade likernôch 29,53 dagen is, kin in moanne net presiis de goede lingte hawwe, sadat moannen of te lang of te koart binne.

Yn de Gregoriaanske kalinder duorret in moanne 28, 29, 30 of 31 dagen, en in jier duorret 12 moannen:

MoanneLingteNeamd neiOare namme
Jannewaris31de Romeinske god JanusFoarmoanne
Febrewaris28/29it Romeinske reinigingsfeest FebruaSelle(moanne)
Maart31de Romeinske god MarsFoarjiersmoanne
April30it Latynske wurd "aperire"Gersmoanne
Maaie31de Romeinske goadinne MajaBlommemoanne
Juny30de Romeinske goadinne JunoSimmermoanne
July31de Romein Julius CaesarHeamoanne
Augustus31de Romeinske keizer Augustus OktavianusRispmoanne
Septimber30it Latynske wurd foar "sân"Hjerstmoanne
Oktober31it Latynske wurd foar "acht"Wynmoanne
Novimber30it Latynske wurd foar "njoggen"Slachtmoanne
Desimber31it Latynske wurd foar "tsien"Wintermoanne

Sjoch ek

🔥 Top keywords: