Publykrjocht

It publykrjocht is it rjocht dat it ferkear tusken boargers en oerheden en it ferkear tusken oerheden ûnderinoar regelet. Inkelde fan de wichtichste publykrjochtlike wetten binne:

  • it Statút fan it keninkryk fan 'e Nederlannen;
  • de Grûnwet;
  • de Kieswet;
  • de Provinsjewet;
  • de Gemeentewet;
  • de Wetterskipswet;
  • de Algemiene wet bestjoersrjocht;
  • de Wet op de Romtelike Oardering.

Ek ferdraggen kinne ta it publykrjocht rekkene wurde, alhoewol it giet om rjocht tusken steaten. Foarbylden fan inkelde wichtige ferdraggen binne:

  • it Hânfêst fan de Feriene Naasjes;
  • de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske;
  • it Ferdrach ta beskerming fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden;
  • it Ferdrach de Jeropeeske Uny oanbelangjende;
  • it Ferdrach fan Wenen oangeande it Ferdraggerjocht.
🔥 Top keywords: