Súdwest-Ingelân

Súdwest-Ingelân (Ingelsk: South West England) is ien fan de njoggen regio's fan Ingelân en leit yn it súdwesten fan it Feriene Keninkryk. Neffens oerflak is it de grutste regio fan Ingelân.

Súdwest-Ingelân

South West England

Sifers
Ynwennertal5.339.637 (2012)
Oerflak23.829 km²
Befolkingstichtens224/km²
Polityk
LânIngelân

De regio beslacht foar in grut part de ûnder it eardere West Country gearfoege greefskippen en in soad fan it âlde keninkryk Wesseks. De grutste stêd fan de regio is Bristol, oare stedssintra binne Plymouth, Swindon, Gloucester, Cheltenham, Exeter, Bath, Torbay en Dorset. Der binne acht stêden: Salisbury, Bath, Wells, Bristol, Gloucester, Exeter, Plymouth en Truro.

De twa nasjonale parken Dartmoor and Exmoor lizze folslein yn de regio en der binne fjouwer lokaasjes fan it Wrâlderfgoed, wêrûnder Stonehenge en de Jurassic Coast. De regio stiet bekend om syn rike tradysjes. Cornwall hat in eigen taal.

Bestjoersyndieling

Ta de regio hearre de folgjende counties en unitary authorities:

  1. Bath and North East Somerset (Unitary)
  2. North Somerset (Unitary)
  3. Bristol (Unitary)
  4. South Gloucestershire (Unitary)
  5. Gloucestershire (County)
  6. Swindon (Unitary)
  7. Wiltshire (Unitary)
  8. Dorset (County)
  9. Poole (Unitary)
  10. Bournemouth (Unitary)
  11. Somerset (County)
  12. Devon (County)
  13. Torbay (Unitary)
  14. Plymouth (Unitary)
  15. Cornwall (Unitary)
  16. Scilly-eilannen (Unitary, lizze likernôch 45 kilometer westlik en steane net op de kaart)

Sjoch ek

Keppeling om utens

Side regio

🔥 Top keywords: