Servysk

It Servysk is ien fan de standertfarianten fan it Servokroatysk, it heart ta de súdlike groep fan de Slavyske talen. Servysk wurdt it meast sprutsen yn Servje, Bosnje en Herzegovina, Montenegro en Kroaasje. It is de offisjele taal fan Servje en Bosnje en Herzegovina en is in erkende taal yn Montenegro, Kroaasje, Roemeenje, Masedoanje, Bulgarije en Hongarije.

Servysk
algemien
eigen nammeLatynske alfabet: srpski Sirillyske alfabet: српски
lânseigen ynServje, Montenegro, Bosnje en Herzegovina, Kroaasje, Masedoanje, Roemeenje en Hongarije. Ek as ymmigrantetaal yn West-Jeropa en Noard-Amearika
tal sprekkers12.000.000[1]
skriftit Latynske alfabet, it Sirillyske alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk - Balto Slavysk - Slavysk - Súd Slavysk - (Servokroatysk) - Servysk
taalstatus
offisjele statusOffisjeel yn Servje en Bosnje en Herzegovina, Kroaasje, Masedoanje en Roemeenje. Minderheidstaal fan Montenegro en Hongarije
taalkoades
ISO 639-1sr
ISO 639-2srp
ISO 639-3srp

De Servyske standerttaal is basearre op in Neostokavysk dialekt. Yn it súdeasten fan Servje wurdt ek Torlakysk sprutsen, wat as in soarte fan Servysk-Bulgaarsk grinsdialekt sjoen wurde kin.

Alfabet

Yn it Servysk wurdt sawol gebrûk makke fan it Latynske alfabet as it Sirillyske alfabet.

Sirillyske alfabet
Latynske alfabet
А а
A a
Б б
B b
В в
V v
Г г
G g
Д д
D d
Ђ ђ
Đ đ
Е е
E e
Ж ж
Ž ž
З з
Z z
И и
I i
Sirillyske alfabet
Latynske alfabet
Ј ј
J j
К к
K k
Л л
L l
Љ љ
Lj lj
М м
M m
Н н
N n
Њ њ
Nj nj
О о
O o
П п
P p
Р р
R r
Sirillyske alfabet
Latynske alfabet
С с
S s
Т т
T t
Ћ ћ
Ć ć
У у
U u
Ф ф
F f
Х х
H h
Ц ц
C c
Ч ч
Č č
Џ џ
Dž dž
Ш ш
Š š
Yn it giel it gebiet wêr't it Servysk in soad sprutsen wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Servyske ferzje.
🔥 Top keywords: