Snoadfoan

In snoadfoan (Ingelsk: smartphone) is in mobile tillefoan dy soad kompjûtermooglikheden biedt en foar it earst yntrodusearre waard yn 1999. Yn 2013 waarden der mear as in miljard snoadfoans ferkocht.[1]

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Skaaimerken

Android snoadfoans

Folle mobile telefoantsjes biede de mooglikheid adressen en ôfspraken op te slaan, mobyl ynternet (e-maile, op it ynternet surfe en chatte), musyk te beharkje en filmkes te besjen, mar in snoadfoan biedt faak noch justjes mear. Se kinne bygelyks in inboude gps-ûntfanger hawwe, de mooglikheid om te syngronisearje mei Microsoft Outlook of Lotus Notes, en/of de mooglikheid hawwe ferbining te meitsjen mei bedriuwsnetwurken.

Dit artikel is in stobbe oer technology‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Bestjoeringssystemen

  • Android fan Google Inc.
  • Firefox OS fan Mozilla Foundation
  • iOS fan Apple Inc.
  • Tizen fan Samsung Electronics
  • Ubuntu Phone fan Canonical Ltd.
  • Windows Phone fan Microsoft
  • Sailfish OS fan Jolla

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: