The Black Dahlia Murder

The Black Dahlia Murder is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 2001 yn Detroit. De namme fan de band komt fan de nea opheldere moard op de aktrise Elizabeth Short faak oantsjut as Black Dahlia. De band brocht yn 2003 syn debútalbum Unhallowed út. De teksten fan de band geane benammen oer de dea, horror, it okkulte en H.P. Lovecraft. The Black Dahlia Murder hat njoggen studio-albums en twa live-albums útbrocht. Op 11 maaie 2022 ferstoar sjonger Trevor Strnad op 41 jierrige leeftiid [1] [2]. Fjouwer moanne letter makke de band bekend dat se troch geane, gitarist Brian Eschbach, nimt tenei de sang foar syn rekken en gitarist Ryan Knight dy't yn 2016 de band ferlitten hie kaam wer werom by de band.[3]

The Black Dahlia Murder
band
The Black Dahlia Murder yn 2019
The Black Dahlia Murder yn 2019
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaalIngelsk
sjenreMetal
bestean2001 – No
label(s)Metal Blade
âld-ledenMahlon Orrin bas
Mark Ratay bas
Sean Gauvreau bas (2001-2002)
Mike Schepman bas (2001)
Cory Grady drums (2001-2004)
John Deering gitaar (2001-2002)
David Lock bas (2002-2005)
John Kempainen gitaar (2002-2008)
Joe Boccuto bas (2003-?)
Zach Gibson drums (2004-2005)
Bart bas (2006-2012)
Pierre Langlois drums (2006)
Shannon Lucas drums (2007-2012)
Trevor Strnad sang (2001-2022) †
leden
SangBrian Eschbach
GitaarRyan Knight
GitaarBrandon Ellis
BasMax Lavelle
DrumsAlan Cassidy

Diskografy

Studio-albums

AlbumUtbrocht opLabelSingles
Unhallowed17 juny 2003Metal BladeFuneral Thirst
Miasma12 july 2005A Vulgar Picture,
Miasma,
Statutory Ape
Nocturnal18 septimber 2007Everything Went Black,
What a Horrible Night to Have a Curse
Deflorate15 septimber 2009A Selection Unnatural,
Necropolis
Ritual17 juny 2011Moonlight Equilibrium
Everblack11 juny 2013Into the Everblack,
Goat of Departure
Abysmal18 septimber 2015Vlad, Son of the Dragon,
Receipt,
Threat Level No. 3
Nightbringers6 oktober 2017Gone But Not Forgotten
Verminous17 april 2020Verminous

Live-albums

AlbumUtbrocht opLabel
Majesty12 maaie 2009Metal Blade
Fool 'Em All!23 maaie 2014

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: