Aadlike titel

(Trochferwiisd fan Titel (adel))

In aadlike titel is in rang fan 'e adel. Dêrby wurdt yn 'e regel ferwiisd nei de Jeropeeske adel, dy't syn woartels hat yn 'e Lette Aldheid en de Midsiuwen. Hoewol't sokke aadlike titels fan lân ta lân ferskille kinne, bestiet der dochs in dúdlike hierargy.

De kroan, it symboal fan in monarch.

Titels en rangoarder fan 'e Jeropeeske adel

titel
(manlike foarm)
froulike foarmdomeintitel erfgenamttitel fan manlike berntitel fan froulike bernopmerkings
keizerkeizerinnekeizerrykaartshartoch
gruthartoch
kroanprins
aartshartoch
gruthartoch
prins
aartshartoginne
gruthartoginne
prinsesse
Om't keizers kroane steatshaden binne, wurde se faak net ta de 'gewoane' adel rekkene. De iennichste keizer is tsjintwurdich de keizer fan Japan. Dútsk: Kaiser; Frânsk: empereur; Gryksk: basileus; Hindy: chhatrapati; Ingelsk: emperor; Latyn: caesar; Nederlânsk: keizer; Russysk: car (tsaar); Sanskryt: samrāt.
kening der keningenkeninginne (oarehelte)keizerryk of keninkrykkroanprinsprinsprinsesse In titel dy't gauris lykslein wurdt mei dy fan keizer. Om't sokken kroane steatshaden binne, wurde se faak net ta de 'gewoane' adel rekkene. Perzysk: sjahansjah (ferkoarte foarm: sjah); Geëz (Aldetiopysk): nəgusä nägäst; Georgysk: mepe-mepeta; Koreaansk: taewang; Turko-Mongoalsk: khagan.
hege keninghege keninginnehege keninkrykkroanprinsprinsprinsesseIn titel foar in kening dy't regearret oer ferskate mindere keningen. Om't sokken kroane steatshaden binne, wurde se faak net ta de 'gewoane' adel rekkene. De iennichste hege kening is tsjintwurdich de yang di-pertuan agong, yn it deistich taalgebrûk de kening fan Maleizje neamd. Angelsaksysk: bretwalda; Egyptysk: farao; Iersk: ard rí; Sanskryt: mahāraja (maharadja); Sûmearysk: nam-lûgal.
keningkeninginnekeninkrykkroanprinsprinsprinsesseOm't keningen kroane steatshaden binne, wurde se faak net ta de 'gewoane' adel rekkene. De steatshaden fan Bachrein, Belgje, Bûtan, Denemark, it Feriene Keninkryk, Jordaanje, Lesoto, Marokko, Nederlân, Noarwegen, Saûdy-Araabje, Spanje, Swazylân, Sweden en Tailân drage de titel fan 'kening', en dy fan Brûnei en Omaan drage de ferlykbere Arabyske titel fan sultan. In oare Arabyske titel foar kening, mar mei sterke religieuze (te witten islamityske) konnotaasjes, is kalyf. Arabysk: sultan of malik; Deensk: konge; Dútsk: König; Frânsk: roi; Geëz (Aldetiopysk): nəgus (negus); Hongaarsk: király; Iersk: ; Italjaansk: re; Latyn: rex; Nederlânsk: koning; Noarsk: konge; Oerdû: nizam; Perzysk: sjah; Poalsk: król; Portegeesk: rei; Russysk: korol; Sanskryt: raja (radja); Servysk: kralj; Spaansk: rey; Sweedsk: kung; Tsjechysk: král; Turko-Mongoalsk: khan.
aartshartochaartshartoginneaartshartochdomerfaartshartochaartshartochaartshartoginneDizze titel waard yn 1358 kreëarre troch de Habsburch-dynasty yn 'e Eastenrykske Erflannen, om in hegere titel te hawwen as de oanbuorjende foarsten. Oarspronklik (as selsstannige titel) inkeld dêre yn gebrûk, mar letter ek mank Habsburch-tûken yn oare dielen fan Jeropa, lykas de Súdlike Nederlannen, Toskane en Modena. Dútsk: Erzherzog; Frânsk: archiduc; Ingelsk: archduke; Nederlânsk: aartshertog; Russysk: ercgercog.
gruthartochgruthartoginnegruthartochdomerfgruthartochgruthartochgruthartoginneDe iennichste regearjende gruthartoch is tsjintwurdich de gruthartoch fan Lúksemboarch. Dútsk: Großherzog; Frânsk: grand duc; Ingelsk: grand duke; Lúksemboarchsk: Groussherzog; Nederlânsk: groothertog.
grutfoarstgrutfoarstinnegrutfoarstedomerfgrutfoarstprinsprinsesseYn it ferline benammen brûkt yn 'e Slavyske dielen fan East-Jeropa. Dútsk: Großfürst; Frânsk: grand prince; Ingelsk: grand prince; Nederlânsk: grootvorst; Russysk: velikij knjaz.
hartochhartoginnehartochdomerfhartochhartochhartoginneDútsk: Herzog; Frânsk: duc; Ingelsk: duke; Italjaansk: duca; Latyn: dux; Nederlânsk: hertog; Portegeesk: duque; Russysk: gercog; Spaansk duque.
prins
foarst
prinsesse
foarstinne
prinsdom
foarstedom
erfprins
erffoarst
prins
foarst
prinsesse
foarstinne
De foarm 'prins' (as regearjend monarch) wurdt en waard benammen brûkt yn 'e Romaansktalige gebieten fan súdlik en súdwestlik Jeropa, wylst de folslein ekwivalinte foarm 'foarst' yn gebrûk is en wie yn 'e Dútsktalige gebieten en Slavysk East-Jeropa. Tsjintwurdich wurdt Monako regearre troch in prins, Andorra troch twa ko-prinsen en Lychtenstein troch in foarst. In tsjerkfoarst dy't (ek) in wrâldsk domein bestjoerd, wurdt in prinsbiskop neamd. De iennichste oerbleaune prinsbiskop is de paus fan Rome, dy't oer Fatikaanstêd hearsket. Yn it Arabysk is de titel emir min ofte mear fan deselde rang; Koeweit, Katar en de Feriene Arabyske Emiraten wurde regearre troch emirs. Arabysk: emir; Dútsk: Fürst; Frânsk: prince; Geëz (Aldetiopysk): ras; Ingelsk: prince; Italjaansk: principe; Latyn: princeps; Nederlânsk: prins of vorst; Portegeesk: príncipe; Russysk: knjaz; Spaansk príncipe.
markys
markgreve
markizinne
markgrevinne
markizaat
markgreefskip
erfmarkys
erfmarkgreve
markys
markgreve
markizinne
markgrevinne
Dútsk: Markgraf; Frânsk: marquis; Ingelsk: marquess (op 'e Britske Eilannen), marquis (yn 'e Romaanske lannen) of margrave (yn it Dútsktalich gebiet); Italjaansk: marchese; Latyn: marchio; Nederlânsk: markies of markgraaf; Portegeesk: marquês; Russysk: markiz of ek wol bojar (bojaar); Spaansk marqués.
lângrevelângrevinnelângreefskiperflângrevelângrevelângrevinneDútsk: Landgraf; Ingelsk: landgrave; Nederlânsk: landgraaf.
grevegrevinnegreefskiperfgrevegrevegrevinneDútsk: Graf; Frânsk: comte; Ingelsk: earl (op 'e Britske Eilannen) of count (dêrbûten); Italjaansk: conte; Latyn: comes; Nederlânsk: graaf; Noarsk: jarl; Portegeesk: conde; Russysk: graf; Spaansk conde.
boarchgreveboarchgrevinneboarchgreefskiperfboarchgreveboarchgreveboarchgrevinneDútsk: Burggraf of Vizegraf; Frânsk: vicomte; Ingelsk: viscount; Italjaansk: visconte; Latyn: vicecomes; Nederlânsk: burggraaf; Portegeesk: visconde; Russysk: vikont; Spaansk vizconde.
baronbaronessebaronyerfbaronbaronbaronesseEk (argaysk): frijhear. Dútsk: Freiherr (yn 'e Dútsktalige gebieten) of Baron (dêrbûten); Frânsk: baron; Ingelsk: baron; Italjaansk: barone; Latyn: baro; Nederlânsk: baron; Portegeesk: barão; Russysk: baron; Spaansk barón.
hearfrouwehearlikheiderfhearjonkerjonkfrouweArabysk: šaykh (sjeik); Dútsk: Herr; Frânsk: seigneur; Ingelsk: Lord; Italjaansk: signore; Nederlânsk: heer; Portegeesk: senhor; Skotsk: laird; Spaansk señor.

Aadlike titels draacht men yn prinsipe efter de foarnamme, yn dizze foarm: Hâns Willem baron van Aylva. As de efternamme ôfwykt fan 'e namme dêr't de titel nei ferwiist, komt de titel ek efter de efternamme: Armand Jean du Plessis hartoch fan Richelieu. Formeel brûkt men dêr gjin komma by, mar yn 'e praktyk wurdt dy wol faak skreaun om 'e lêsberens te ferbetterjen: "Armand Jean du Plessis, hartoch fan Richelieu". Njonken wiere aadlike titels besteane der ek predikaten. Dy wurde foàr de foarnamme pleatst en binne strikt nommen gjin titels, al wurde se troch leken meastal wol as sadanich beskôge. Predikaten ferwize, oars as titels, net nei in geografysk domein, en binne leger yn rang as aadlike titels:

titel
(manlike foarm)
froulike foarmtitel fan manlike berntitel fan froulike bernopmerkings
baronetbaronetesseAllinnich yn gebrûk op 'e Britske Eilannen, wurdt soms as ekwivalint beskôge mei it Nederlânske erfridder.
ridderjonkfrouwejonkerjonkfrouweDútsk: Ritter; Frânsk: chevalier; Ingelsk: knight (oansprektitel: sir; froulik dame); Italjaansk: cavaliere; Latyn: eques; Nederlânsk: ridder; Portegeesk: cavaleiro; Russysk: rycar; Spaansk caballero.
jonkhear
jonker
jonkfrouwejonkerfrelleDe âldere en lânseigen Fryske foarm is jonker, dy't nei de Frânske Tiid lykwols ferfongen waard troch it deftiger klinkende 'jonkhear'. Dútsk: Junker (Prusen en noardlik Dútslân) of Edler (Eastenryk en súdlik Dútslân); Frânsk: ecuyer; Ingelsk: esquire; Italjaansk: nobile; Latyn: nobilis homo; Nederlânsk: jonkheer of jonker; Portegeesk: fidalgo; Spaansk hidalgo.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: