Warren G. Harding

Warren Gamaliel Harding (Marion (Ohio), 2 novimber 1865San Francisco (Kalifornje), 2 augustus 1923) wie de 29ste Presidint fan de Feriene Steaten.

Warren Gamaliel Harding
Hantekening fan Harding

Yn 1915 waard Harding senator en yn 1920 waard er, as de Republikeinsk gadingmakker, ta 29ste presidint keazen.

Harding syn amtsperioade waard berucht troch de swiere korrupsje, en oare skandalen, dy't oant yn de heechste regearrûnten foarkaam. Dêrneist wie Harding, krekt as syn opfolger, in oertsjûge republikein dy't fan betinken wie dat de oerheid sa min mooglik yngripe moast yn de ekonomy.

Harding krige op in reis troch Amearika in oerhaal en stoar mei 57 jier yn San Francisco foardat syn earste amtsperioade ôfrûn wie. Hy waard opfolge troch syn ficepresidint Calvin Coolidge.

At er net foar de tiid stoarn wie, dan hie de Senaat in impeachment-proseduere tsjin him begûn.

Kabinetsleden ûnder Harding

KABINETSLEDENMINISTEARJEPerioadeBysûnderheden:
Charles E. HughesBûtenlânske Saken1921 - 1923Idem ûnder Coolidge
Albert B. FallBinnenlânske Saken1921 - 1923
John W. WeeksOarloch1921 - 1923Idem ûnder Coolidge
Herbert HooverEkonomyske Saken1921 - 1923Idem ûnder Coolidge, 31e Presidint fan de FS
Andrew MellorFinânsjen1921 - 1923Idem ûnder Coolidge
Harry M. DoughertyJustysje1921 - 1923Idem ûnder Coolidge
Henry C. WallaceLânbou1921 - 1923Idem ûnder Coolidge
Heit fan Henry A. Wallace, Ficepresidint + Minister ûnder F.D.Roosevelt
Edwin DenbyMarine1921 - 1923Idem ûnder Coolidge
Will H. HaysPosterijen1921 - 1922
James J. DavisArbeid1921 - 1923Idem ûnder Coolidge + Hoover
Hubert WorkPosterijen1922 - 1923Idem ûnder Coolidge
Binnenlânske Saken1923
Harry S. NewPosterijen1923Idem ûnder Coolidge

Fideomontaazje

(in) Libbensrin fan Harding
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Warren G. Harding fan Wikimedia Commons.
🔥 Top keywords: