Wikipedy:It beneamen fan in side

Foar it beneamen fan in side binne in pear saken fan belang:

Titels en keppelings

De titel in side op de Wikipedy wurdt ek brûkt foar de keppelings mei dy side. It dêrom baas en kies in titel dy't ek maklik yn tekst op oare siden brûkt wurde kin.

  • Meitsje as it kin titels yn it iental; dus Kompjûter in stee fan Kompjûters. Utsûnderings binne nammen dy't al yn it meartal binne. Bygelyks, in skaai yn de biology hat altiten in namme yn it meartal - Guozzen.
  • It is in goed wenst en begjin alle titels, en kopkes, mei in grutte letter. Is der mear as ien wurd, dan leafst allinnich de alderearste letter grut. By titels dêr't in namme yn stiet jildt dit fansels meast net.
  • Besykje en brûk gjin ôfkoartings yn titels; Fryske Nasjonale Partij in stee fan FNP. Wol is it is dan baas en meitsje in trochferwizing fan de ôfkoarting ôf nei de side mei de lange titel, en nim op de side sels ek de ôfkoarting op. Bytiden is lykwols de betsjutting wier net gongber; dan is it fansels better en brûk de ôfkoarting as titel. Dit jildt fral faak foar akronymen, lykas AFUK. Dan moat fansels al de lange titel in trochferwizing krije, en opnaam wurde op de side. Wêr't it ferskil lyts is komt der fansels oerlis oer. (De side mei de ôfkoarting as titel hat fansels al grutte letters.)
  • Besykje in gongbere titel te kiezen. Willem-Alexander Claus George Ferdinand van Oranje-Nassau, Kening fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, Jonker fan Amsberch is al folslein, mar it is net de gongbere oantsjutting, dat foar de side is keazen foar Willem-Alexander fan de Nederlannen. (En doe't er noch Prins wie, wie er Prins Willem-Alexander.) Dat betsjut dan al dat op de side ek dy folsleine namme opnaam wurde moat.

Struktuer fan de Wikipedy

Wêz konsekwint en logysk wat de titels fan siden oanbelanget. Tink derom dat de sidebeam dy't Wikipedianen mei-inoar waakse litte logysk fertûke is. Jou op de haadside fan in mêd in dúdlike generale omskriuwing, mar ek in oersjoch fan alle parten en, as dat der net te folle binne, de parten dêrfan. Sa kin de lêzer, troch op dy titels te klikken, sa gau mooglik troch nei syn doelside.

Besykje foar siden dy't fan itselde slach binne, ek itselde soarte fan titel te kiezen. Bygelyks, foar alle siden dy't in takson út de biology beskriuwe wurde Fryske nammen brûkt, gjin Latynske.

Likense titels

It kin barre dat twa siden deselde titel hawwe moatte. Der is bygelyks mear as ien Klaas Bruinsma. Brûk dy titel dan foar in útelkoarhâldside, en jou de twa titels in tafoeging tusken heakjes: Klaas Bruinsma (literêr oersetter), Klaas Bruinsma (drugsbaron).

Ien dy't sa'n keppeling oanmakket moat dy al útskriuwe, mar skriuwt op de ein noch in '|', wat dan by it fêstlizzen as gefolch hat dat de namme sûnder heakjes yn de tekst komt. [[Klaas Bruinsma (literêr oersetter)|]] komt as "Klaas Bruinsma" yn de tekst, mar is dan al in keppeling nei de side oer de oersetter.

  • Foar persoanen is keazen om, wêr't it kin, de funksje ta te foegjen, of oars in (berte)jier.
  • By topografyske siden wurdt as dat kin in grutter ferbân tafoege - Aldegea (Smellingerlân) - of oars in plak yn de omkriten - Krúswetter (Terherne).

Om't sa'n tafoeging part fan de titel is, stiet dy yn grutte letters boppe-oan de side, dat de tafoeging moat al yn de tekst weromkomme, leafst yn de earste alinea.

Frysk of lânseigen

Yn de Fryske Wikipedy wurdt besocht en nim as it kin in Fryske titel foar in side. Dat soe ek jilde moatte foar geografyske nammen, mar dêr binne fansels nochalris gjin Fryske alternativen foar. Der binne no ien kear in soad plakken op 'e wrâld dêr't gjin Fries ea fan heard hat, dat somtiden moat der keazen wurde foar de lânseigen namme. Itselde jildt dan ek foar bygelyks films yn frjemde talen.

As jo net witte oft der alris immen in Fryske namme brûkt hat foar eat dêr't jo in side oer skriuwe wolle, mar jo hawwe it idee dat de namme al maklik oerset wurde kin, dan hawwe jo in pear helpmiddels om ta in kar te kommen:

Wurdt de namme al brûkt?
Sjoch yn Frysktalige literatuer, as dy der is, of sjoch op it ynternet, bygelyks mei Google.
Past de namme yn de taal?
Besykje wat jo sels sizze soenen as jo it hjir yn goed Frysk foar it earst mei ien oer hawwe. As jo in namme yn ferbân bringe mei in betsjutting, dan past it gauris om dy oer te setten. Is it foar jo allinnich mar in namme, dan brûke jo earder de lânseigen ferzje.
Wurdt dizze namme ornaris oerset?
Besykje op in oare Wikipedy deselde side te finen, en sjoch dan yn de rige mei ynterwiki as de namme troch oare Wikipedys ek oerset is.

As der út ien of mear fan dizze fragen in grûn is foar Frysk, brûk dan it Frysk, mei in trochferwizing fan de lânseigen namme. As der gjin grûn is foar Frysk, dan is it de baas en brûk de lânseigen namme, mei as dat nedich is fremde letters omstavere.

In nije side

As jo witte wat de titel wurde moat, dan kinne jo in nije side skriuwe:


Sjoch ek

🔥 Top keywords: