26 septimber
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 septimber | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 |
<< | Septimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | ||||||
2024 |
26 septimber is de 269e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 270e). Der folgje noch 96 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1290 - Yn Skotlân ûntstiet in regearingskrisis as troch it ferstjerren fan 'e jonge keninginne Margareta it Hûs Canmore útstjert. De troan bliuwt foarearst leech, en it lân wurdt regearre troch saneamde beskermhearen.
- 1345 - Yn 'e Slach by Warns wurdt it ridderleger fan greve Willem IV fan Hollân troch de Westerlauwerske Friezen ferslein.
- 1509 - De twadde Kosmas- en Damianusfloed treft benammen it Siuwske eilân Walcheren, mar ek it gebiet tusken it IJ en de Alde Ryn komt splis te stean.
- 1897 - It steamskip de Kaiser Wilhelm der Grosse, fan 'e Norddeutschen Lloyd, wint de Blauwe Wimpel foar de fluchste oerfeart fan 'e Atlantyske Oseaan.
- 1905 - De spesjale relativiteitsteory fan Albert Einstein wurdt publisearre yn it tydskrift Annalen der Physik.
- 1907 - De Britske koloanjes Nij-Seelân en Nijfûnlân krije selsbestjoer binnen it Britske Ryk.
- 1945 - De Betinking fan de Slach by Warns wurdt foar de earste kear holden.
- 1957 - Earste opfiering fan 'e musical West Side Story.
- 1983 - It begjin fan in kearnoarloch tusken it Westen en it Eastblok wurdt foarkaam troch Sovjet-ofsier Stanislav Petrov.
Berne
- 1754 - Joseph-Louis Proust, Frânsk skiekundige († 1826)
- 1870 - kening Kristiaan X fan Denemark († 1947)
- 1885 - Hanso Schotanus à Steringa Idzerda, Frysk radiopionier († 1944)
- 1888 - T.S. Eliot, Amerikaansk-Ingelsk dichter en útjouwer († 1965)
- 1889 - Martin Heidegger, Dútsk filosoof († 1976)
- 1897 - paus Paul VI († 1978)
- 1898 - George Gershwin, Amerikaansk komponist en tekstskriuwer († 1937)
- 1932 - Vladimir Voijnovitsj, Russysk skriuwer en dissidint († 2018)
- 1935 - Henk Nijdam, Nederlânsk hurdfytser († 2009)
- 1936 - Winnie Mandela, Súdafrikaansk aktiviste en oarehelte fan Nelson Mandela († 2018)
- 1948 - Olivia Newton-John, Britsk-Australysk aktrise en sjongeres († 2022)
- 1950 - Henk van der Velde, Frysk sporter († 1983)
- 1957 - Tanya Huff, Kanadeesk skriuwster
- 1981 – Serena Williams
Ferstoarn
- 1290 - keninginne Margareta fan Skotlân (* 1283)
- 1345 - greve Willem IV fan Hollân (* 1317)
- 1466 - greve Ulrik I fan Eastfryslân (* ±1408) (mooglik ferstoarn op 25 septimber)
- 1630 - Ambrogio Spínola, Italjaansk bankier en fjildhear yn Spaanske tsjinst (* 1569)
- 1868 - August Ferdinand Möbius, Dútsk wiskundige (* 1790)
- 1902 - Levi Strauss, Dútsk-Amerikaansk ûndernimmer en útfiner fan 'e spikerbroek (* 1829)
- 1937 - Bessie Smith, Amerikaansk sjongster (* 1894)
- 1945 - Béla Bartók, Hongaarsk komponist (* 1881)
- 1956 - Jouke Annes Bakker, Frysk politikus (* 1873)
- 1981 - Albert Assies, Frysk politikus (* 1917)
- 2003 - Robert Palmer, Ingelsk sjonger en muzikant (* 1949)
- 2011 - Harry Muskee, Nederlânsk sjonger (* 1941)
- 2017 - Rinse Zijlstra, Fryk politikus (* 1927)
- 2019 - Jacques Chirac, Frânsk presidint (* 1932)
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 septimber | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
🔥 Top keywords: