Douwe Hoogland

Douwe Hoogland (Bartlehiem, 3 maart 1952), is in Frysk PvdA-politikus út Aldtsjerk.

Douwe Hoogland
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum3 maart 1952
berteplakBartlehiem (Fryslân)
etnisiteit Frysk
partijPvdA
deputearre fan Fryslân
amtsperioade2019 – ....
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade2011 - 2019
algemien bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân
amtsperioade20032007
offisjele webside
Douwe Hoogland op Twitter

Biografy

Hoogland hat sa’n fjirtich jier feehâlder west yn Wyns, dêr't er de helte fan - nei eigen sizzen - biologysk buorke. Hy wie njoggen jier lang foarsitter fan de agraryske natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden. Dêrnjonken hat er yn it bestjoer sitten fan lânbou-organisaasje LTO Noard en siet er fjouwer jier yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Hoogland is ek aktyf lid fan de Protestanske Gemeente Trynwâlden.[1]

Politike karriêre

Yn 2010 hold er op as feehâlder. In jier letter waard er foar de PvdA ferkeazen yn Provinsjale Steaten.

Yn de perioade 2015 oant en mei 2019 siet Hoogland ek yn de Steaten. Hy wie doe boppedat fise-foarsitter, de earste ferfanger fan de kommissaris fan de Kening.

Hoogland as deputearre

Nei de provinsjale ferkiezingen fan 2019 waard de PvdA ien fan de koälysjepartijen, mei CDA, FNP en VVD. Nei in perioade sûnder deputearre mocht de PvdA no dus wer in deputearre ôfleverje. Dat waard net Marijke Roskam, dy't listlûker wie by de ferkiezingen, mar Hoogland.

Hy hat yn ûnder oare natuer en miljeu yn ‘e portefúlje, lykas de mynbou, sûnens en feilichheid.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: