Jämtlands län


Jämtlands län
Provinsje
LânFlagge fan Sweden Sweden
LânsdielNorrland
LânskipDalarna
Hälsingland
Härjedalen
Jämtland
Lappland
Ångermanland
Koördinaten63° 17′ NB 14° 14′ EL
ResidinsjestêdÖstersund
LandstingRegio Jämtland Härjedalen
Oerflak49.443 km²
Ynwennertal129.806  (31-12-2017)
Befolkingstichtens2,63 ynwenners/km²
TiidsôneMET  (UTC+1)
SimmertiidMEST  (UTC+2)

Jämtlands län (letterlik: "Provinsje Jamtlân") is ien fan de 21 provinsjes fan Sweden en beslacht de lânskippen (ek wol histoaryske provinsjes) Jämtland en Härjedalen, lykas lytse parten fan Hälsingland, Ångermanland, Lappland en Dalarna. Mei in oerflak fan 49.443 km² is Jämtlands län de tredgrutste provinsje fan it lân. It provinsjebestjoer is fêstige yn Östersund.

Befolking

Jämtlands län is in tige tinbefolke provinsje mei minder as 3 ynwenners per kante kilometer. De measte minsken wenje om Storsjön (Frysk: de Grutte Mar) hinne.

Op 31 desimber 2016 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wat ynwennertal oanbelanget de grutste plakken fan de provinsje:

Nr.PlakYnwennertal
1Östersund50.397
2Strömsund3.722
3Åre2.925
4Sveg2.550
5Krokom1.921
🔥 Top keywords: