Kalmars län

(Trochferwiisd fan Kalmar län)

Kalmar län
Provinsje
LânFlagge fan Sweden Sweden
LânsdielGötaland
LânskipSmåland
Öland
Koördinaten56° 44′ NB 15° 54′ EL
ResidinsjestêdKalmar
LandstingKalmar läns landsting
Oerflak11.171 km²
Ynwennertal243.536  (31-12-2017)
Befolkingstichtens21,8 ynwenners/km²
TiidsôneMET  (UTC+1)
SimmertiidMEST  (UTC+2)

Kalmar län (letterlik: "Provinsje Kalmar") is in provinsje fan Sweden yn it easten fan it lânsdiel Götaland. De provinsje beslacht it eastlike part fan it lânskip Småland en it folsleine lânskip Öland. Yn it suden grinzget Kalmar län oan Blekinge län, yn it westen oan Kronobergs län en Jönköpings län, en yn it noarden oan Östergötlands län. It provinsjebestjoer is fêstige yn Kalmar. Op 31 desimber 2017 hie de provinsje 243.536 ynwenners.

Geografy

Gemeenten

Kalmar län bestiet sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1971 út 12 gemeenten:

  • Borgholm
  • Emmaboda
  • Hultsfred
  • Högsby
  • Kalmar
  • Mönsterås
  • Mörbylånga
  • Nybro
  • Oskarhamn
  • Torsås
  • Vimmerby
  • Västervik

Plakken

Yn 2010 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) de tsien grutste plakken fan de provinsje:

Nr.PlakYnwennertal
1Kalmar38.408
2Västervik21.178
3Oskarshamn18.287
4Nybro13.039
5Vimmerby8.037
🔥 Top keywords: