Värmlands län


Värmlands län
Provinsje
LânFlagge fan Sweden Sweden
LânsdielSvealand
LânskipDalarna
Dalsland
Värmland
Koördinaten59° 25′ NB 13° 16′ EL
ResidinsjestêdKarlstad
LandstingVärmlands läns landsting
Oerflak17.583 km²
Ynwennertal280.399  (31-12-2017)
Befolkingstichtens15,9 ynwenners/km²
TiidsôneMET  (UTC+1)
SimmertiidMEST  (UTC+2)

Värmlands län (letterlik: "Provinsje Waarmlân") is in provinsje (län) yn it súdwesten fan it lânsdiel Svealand yn Sweden. Op 31 desimber 2017 hie Värmlands län 280.399 ynwenners, wêrmei't it wat ynwennertal oanbelanget de tolfde provinsje fan it lân is. It bestjoer fan de provinsje sit yn Karlstad.

Plakken

Yn 2010 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) de tsien grutste plakken fan de provinsje:

Nr.PlakYnwennertal
1Karlstad61.685
2Kristinehamn17.839
3Arvika14.244
4Skoghall13.265
5Säffle8.991
6Kil7.842
7Forshaga6.179
8Filipstad6.022
9Skåre5.402
10Hagfors5.146
🔥 Top keywords: