Västernorrlands län


Västernorrlands län
Provinsje
LânFlagge fan Sweden Sweden
LânsdielNorrland
LânskipHälsingland
Jämtland
Medelpad
Ångermanland
Koördinaten62° 44′ NB 16° 56′ EL
ResidinsjestêdHärnösand
LandstingVästernorrlands läns landsting
Oerflak21.678 km²
Ynwennertal245.968  (31-12-2017)
Befolkingstichtens11,3 ynwenners/km²
TiidsôneMET  (UTC+1)
SimmertiidMEST  (UTC+2)

Västernorrlands län (letterlik: "Provinsje Westernoardlân") is in provinsje (län) yn it easten fan Sweden en yn it lânsdiel Norrland. It bestjoer is fêstige yn Härnösand, wat lykwols net it grutste plak fan de provinsje is. De provinsje grinzget yn it noarden oan Västerbottens län, yn it westen oan Jämtlands län en yn it suden oan Gävleborgs län.

Plakken

Op 31 desimber 2010 wienen neffens Statistika centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) de tsien grutste plakken fan de provinsje:

Nr.PlakYnwennertal
1Sundsvall50.712
2Örnsköldsvik28.991
3Härnösand17.556
4Timrå10.443
5Sollefteå8.562
6Kramfors5.990
7Vi4.997
8Matfors3.201
9Ånge2.872
10Johannedal2.754
🔥 Top keywords: