Provinsjes fan Sweden

De provinsjes fan Sweden (Sweedsk: Sveriges län) foarmje de heechste regionale bestjoerslaach fan it lân. Der binne hjoeddedei 21 provinsjes dy't elts in eigen bestjoer (länsstyrelse) mei in gûverneur (landshövding) hawwe. Dizze provinsjebestjoeren funksjonearje as nasjonale autoriteiten dy't tafersjoch hâlde op de gemeenten, en politike doelen mei it regear koördinearje.

LänKoadeOerfl. (km²)Befolking (2005)HaadstêdSûnt
Blekinge länK2.941150.696Karlskrona1683
Dalarnas länW28.194275.755Falun1997
Gävleborgs länX18.191275.994Gävle1762
Gotlands länI3.14057.488Visby1678 (?)
Hallands länN5.454285.868Halmstad1719
Jämtlands länZ49.443127.028Östersund1810
Jönköpings länF10.475330.179Jönköping1687
Kalmar länH11.171233.944Kalmar1634
Kronobergs länG8.458178.443Växjö1674
Norrbottens länBD98.911251.740Luleå1810
Örebro länT8.517274.121Örebro1634
Östergötlands länE10.562416.303Linköping1634 (?)
Skåne länM11.0271.169.464Malmö1997
Södermanlands länD6.060261.895Nyköping1634
Stockholms länAB6.4901.889.945Stokholm1714 (?)
Uppsala länC6.989304.367Uppsala1634
Värmlands länS17.583273.288Karlstad1779
Västerbottens länAC55.432257.652Umeå1638
Västernorrlands länY21.678243.736Härnösand1762
Västmanlands länU6.302261.391Västerås1634
Västra Götalands länO23.9421.528.455Göteborg1998

De 21 provinsjes binne fierder opdield yn 290 gemeenten.

Skiednis

De provinsjes waarden yn 1634 op inisjatyf fan greve Axel Oxenstierna oprjochte, om de Sweedske lânskippen te ferfangen, mei it doel in modernere bestjoersyndieling te skeppen.

De grutste wiziging wie der nei de Finske Oarloch (1808-1809), doe't Sweden twongen waard om de eastlike greefskippen oan Ruslân ôf te stean as gefolch fan de Frede fan Fredrikshamn (1809). Dochs wurdt it systeem nei goed 370 jier noch hieltyd brûkt.

Sjoch ek

🔥 Top keywords: