Omgong fan Itaalje

De Omgong fan Itaalje (Italjaansk: Giro d'Italia, ek wol ôfkoarten oant Giro) is in hurdfytswedstryd yn Itaalje. De omgong, is yn fan de trije Grutte Omgongen yn it hurdfytsseizoen, wurdt yn de maitiid yn etappen troch gâns Itaalje fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is meastal yn Milaan.

Giro d'Italia
Logo Giro 2018
Logo Giro 2018
holden ynItaalje
datamaaie,
juny
sporthurdfytsen
organisatorRCS Sport
earste edysje1909
edysjes
foarrige edysjeOmgong fan Itaalje 2023
folgjende edysjeOmgong fan Itaalje 2024
Temaside Sport

Skiednis

Omgong fan Itaalje yn 1935

Op 7 augustus 1908 waard yn de Italjaanske sportkrante Gazzetta dello Sport de earste Omgong fan Itaalje oankundige. Yn neifolging fan in autorace troch hiel Itaalje, dy't organisearre waard troch konkurrint Corriere della Sera, presintearre de krante yn sân grutte kolommen de Italjaanske tsjinhinger fan de Omgong fan Frankryk. De earste etappe fan de Giro sette útein op 13 maaie 1909 fan it Loretoplein yn Milaan en einige yn Bologna. Yn dy earste edysje waard 2448 kilometer oerbrêge, dy 't ferdield wiene oer acht etappes. De Italjaan Luigi Ganna waard mei 25 punten de winner fan it evenemint.

De Giro fan 1912 waard ferriden yn ploechferbân [1], mar in jier letter kearde de organisaasje al wer werom nei it orizjinele konsept.

Alfonsina Strada de earste en iennichste frou ea

By de Omgong fan Itaalje 1924 soe de earste en iennichste frou ea dielnimme. Alfonsina Strada die mei oan de race as "Alfonsin Strada" om har geslacht te ferbergjen. Se ried earder tsjin manlju yn de Omgong fan Lombardije yn 1917 en 1918. Se waard yndertiid algemien beskôge as de bêste froulike hurdfytser fan Itaalje. Har identiteit waard ûntdutsen en iepenbier makke troch La Gazzetta dello Sport op 14 maaie doe't se it artikel "Alfonsina e la bici" publisearren. Strada foltôge de earste sân etappes, mar einige bûten de tiidslimyt op de achtste etappe dêr't se foel en kaam fyftjin oeren nei de start yn Perugia oan. De organisatoaren fregen har lykwols om troch te riden nei de finish fan de omgong fanwege de tanommen belangstelling foar de omgong fanwegen har dielname oan in manljus-evenemint. 64 jier nei dielname fan Alfonsina Strada oan de omgong, kaam der yn 1988 de Omgong fan Itaalje foar froulju.

Yn de earste jierren wie it parkoers fan de Omgong fan Itaalje faak in stik minder swier as dat fan har Frânske tsjinhinger, de Tour. Pas yn de jierren 30 en 40 wurdt it parkoers fan de Giro seleksjever, as der berchetappes troch de Alpen en de Dolomiten opnommen wurde yn it rûteskema. Yn 1931 wurdt ek de earste rôze trui, yn it Italiaansk maglia rosa neamd, útrikt, de trui is rôze om't de Giro troch in op rôze papier printe krante organisearre wurdt. Learco Guerra is dan de earste rozetruidrager. Twa jier letter wurdt it berchklassemint ynfierd en fan 1966 ôf is der ek in punteklassemint.

De Giro waard yn 1946 ferfette. De organisatoaren foegen de swarte trui ta foar de lêste hurdfytser yn it algemien klassemint. De tolfde etappe soe troch Pieris gean op wei nei Triëst; yn Pieris] en Triëst wiene der ûngeregeldheden om 't sawol Joegoslavië as Italië de stêd Triëst as diel fan harren grûngebiet opeasken. De etappe waard healwei ôfblaasd en de hurdfytsers waarden ûnder begelieding yn feilichheid brocht.

Hugo Koblet de earste net Italjaanske winner

De Giro is it faakst wûn troch in Italjaan. Oant 1950 ta wûn sels noch gjin inkelde bûtenlanner de Giro. De Switser Hugo Koblet wie de earste net-Italjaan dy 't deryn slagge om de omgong te winnen. Mar yn 'e jierren dêrnei wiene it hieltyd wer Italjanen dy 't wûnen. Pas fan 1968 ôf wûn hieltyd faker in bûtenlanner it einklassemint.

Ynearsten starte en einige de Omgong fan Itaalje alle jierren yn Milaan, de stêd dêr 't de organisearjende sportkrante La Gazzetta dello Sport syn haadkantoar hat. Nettsjinsteande in pear útsûnderingen wie Milaan oant foar 1960 it fêste start - en finishplak, sûnt dat jier ferskilt it plak fan fertrek yn it jier, De Omgong fan Itaalje 1965 wie de earste omgong dy't net yn Itaalje fan start gie mar yn San Marino. Ek as oankomstplak waard Milaan yn de jierren dêrnei geregeld ôflost: sa lei de einstreek yn 1975 sels ienkear op de Stelviopas. Yn de perioade fan 1981 oant en mei 1989 lei de finish fan de Giro sels gjin inkelde kear yn Milaan. Yn 1990 waard de tradysje lykwols wersteld en de jierren dêrnei soe de oankomst wer yn Milaan lizze. Yn de edysje fan 2009 waard opnij mei de tradysje brutsen: de Omgong sleat yn dat jier ôf mei in yndividuele tiidrit yn Rome. Dêrnei wiksele de omgong wer geregeld fan finishplak.

Maarten Tjallingii ridend foar Lotto-Jumbo yn de Omgong fan Itaalje 2015

Lykas de Omgong fan Frankryk syn dopingskandalen ken, is ek de Omgong fan Itaalje dat net besparre bleaun. Sa moasten Eddy Merckx en Marco Pantani fanwegen dopinggebrûk de omgong ferlitte wylst se yn de rôze trui fytsten.

De earste etappe fan de Omgong fan Itaalje 1986 waard ûntsierd troch in grutte falpartij op sa'n 10 km fan de finish, wêrby't Emilio Ravasio swiere ferwûningen oprûn mar wol wist troch te fytsen oant de einstreek. Koart nei de etappe rekke er yn koma, twa wiken letter ferstoar Ravasio oan syn ferwûnings.

Yn 2009] stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Itaalje. Maarten Tjallingii fan Ljouwert einige dat jier as 100ste.

Yn 2011 yn de tredde etappe by it ôfsakjen fan de Passo del Bocco kaam de belgyske hurdfytser Wouter Weylandt mâl te fallen en ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings. De fjirde etappe waard der net kompetytyf fytst. Yn stee dêrfan waard de etappe foarôfgien troch in minút stilte, en rieden alle 23 teams, ôfwikseljend elk ûngefear 15 minuten foaroan yn it peloton en leden fan de groep fan Weylandt finishten tegearre as earste mei de earms om inoar hinne slein.

De fiifde etappe, mar in dei nei de neutralisearre etappe fanwegen it ferstjerren fan Wouter Weylandt, wûn Pieter Weening fan De Harkema as earste Fries in etappe yn de Omgong fan Itaalje. De etappe hie in oankomst berchop en ferskate ûnferhurde stikken. Nei de etappe oerwinning krige er de Rôze trui, hy wist dizze trui mar leafst fjouwer etappes te behâlden.

Yn 2014 wûn Pieter Weening foar de twadde kear, yn de njoggende etappe fan Lugo nei Sestola bleau Weening de Italjaan Davide Malacarne foar.

De omgong fan 2020 waard útsteld oant 3 oktober, as gefolch fan de koroanapandemy. De iennige kear yn de skiednis dat de Giro net ferriden waard yn maaie of juny. [2]

Omgong fan Itaalje foar froulju

De Omgong fan Itaalje foar froulju yn it Italjaansk Giro d'Italia Internazionale Femminile of koartwei Giro Donne is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Itaalje. De wedstriid stiet sûnt 1988 op de kalinder en ken per edysje in bot wikseljend tal etappes. Yn de jierren 90 duorre de rûne faak tolve dagen, yn 'e earste jierren fan 'e 21e iuw bestie de koers meastal út tsien etappes. Yn april 2013 waard lykwols in wertekene en oant acht ritten ynkoarte omgong oankundige dy 't yn july ferriden waard. Fan 2014 ôf duorret de Giro foar froulju wer tsien dagen.

Omgong fan Itaalje yn sifers

JierStartplakFinishplakTal
etappes
Totale
ôfstân
DielnimmersUtfallers
1909 MilaanMilaan82.448 km12779
1910 MilaanMilaan102.984 km10181
1911 RomeRome123.526 km8662
1912 MilaanBergamo92.436 km5434
1913 MilaanMilaan92.929 km9964
1914 MilaanMilaan83.162 km8171
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919 MilaanMilaan102.984 km6348
1920 MilaanMilaan82.632 km4939
1921 MilaanMilaan103.107 km6942
1922 MilaanMilaan103.095 km7560
1923 MilaanMilaan103.202,7 km9658
1924 MilaanMilaan123.613 km9060
1925 MilaanMilaan123.520,5 km12687
1926 MilaanMilaan123.249,7 km206166
1927 MilaanMilaan153.758,3 km266186
1928 MilaanMilaan123.044,6 km298172
1929 RomeMilaan142.920 km16667
1930 MessinaMilaan153.095 km298172
1931 MilaanMilaan123.012 km10944
1932 MilaanMilaan133.235 km10943
1933 MilaanMilaan173.343 km9746
1934 MilaanMilaan173.712,7 km10957
1935 MilaanMilaan203.577 km10139
1936 MilaanMilaan213.766 km8944
1937 MilaanMilaan233.840 km9857
1938 MilaanMilaan213.645,8 km9444
1939 MilaanMilaan193.011,4 km8935
1940 MilaanMilaan203.574 km9144
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946 MilaanMilaan203.039,5 km7939
1947 MilaanMilaan20384,3 km8435
1948 MilaanMilaan194.164 km7733
1949 PalermoMonza194.088 km10540
1950 MilaanRome183.981 km10530
1951 MilaanMilaan204.153 km9823
1952 MilaanMilaan203.964 km11214
1953 MilaanMilaan214.035,5 km11240
1954 PalermoMilaan224.337 km10538
1955 MilaanMilaan213.871 km9826
1956 MilaanMilaan233.523,45 km10562
1957 MilaanMilaan213.926,7 km15064
1958 MilaanMilaan203.341,1 km12043
1959 MilaanMilaan223.657 km13044
1960 RomeMilaan233.481,2 km14043
1961 TurynMilaan214.001 km17078
1962 MilaanMilaan214.180 km13083
1963 NapelsMilaan214.063 km12034
1964 BolzanoMilaan224.119 km13033
1965 San MarinoFlorâns224.051 km10020
1966 MonakoTriëst223.976 km10017
1967 TreviglioMilaan223.572 km13060
1968 Campione d'ItaliaNapels233.917,3 km13032
1969 GardaMilaan243.851 km13049
1970 San Pellegrino TermeBolzano203.292 km13033
1971 LecceMilaan213.567 km10025
1972 FeneesjeMilaan233.725 km10031
1973 VerviersTriëst213.801 km14027
1974 FatikaanstêdMilaan234.001 km13741
1975 MilaanStelviopas233.963 km9020
1976 CantaniaMilaan224.161 km12034
1977 BacoliMilaan273.968 km14019
1978 Saint-VincentMilaan223.610,5 km13040
1979 FlorânsMilaan203.301 km13019
1980 GenuaMilaan234.025 km13041
1981 TriëstVerona243.895,6 km13026
1982 MilaanTuryn234.010,516252
1983 BresciaUdine243.922 km16222
1984 LuccaVerona233.808 km17128
1985 VeronaLucca243.998,6 km18045
1986 PalermoMeran233.858,6 km17128
1987 San RemoSaint-Vincent243.915 km18047
1988 UrbinoVittorio Veneto233.579 km18055
1989 TaorminaFlorâns233.418 km19857
1990 BariMilaan203.450 km19835
1991 OlbiaMilaan223.715 km18047
1992 GenuaMilaan223.843 km18032
1993 Porto AzzurroMilaan213.702 km18048
1994 BolognaMilaan233.730 km15354
1995 PerugiaMilaan223.736 km19876
1996 AteneMilaan223.990 km16264
1997 FeneesjeMilaan223.912 km18070
1998 NiceMilaan233.830 km16268
1999 AgrigentoMilaan223.757 km16246
2000 RomeMilaan223.676 km18053
2001 MontesilvanoMilaan223.356 km18044
2002 GrinsMilaan213.354.5 km19859
2003 LecceMilaan213.476,5 km17073
2004 GenuaMilaan213.423,9 km17131
2005 Reggio CalabriaMilaan213.447,15 km19845
2006 SeraingMilaan213.526,2 km19848
2007 CapreraMilaan213.486 km19857
2008 PalermoMilaan213.407 km19756
2009 Lido di VeneziaRome213.456,5 km19829
2010 AmsterdamVerona213.485 km19859
2011 Venaria RealeMilaan213.434 km20748
2012 HerningMilaan213.502,1 km19841
2013 NapelsBrescia213.405 km20739
2014 BelfastTriëst213.445,5 km19842
2015 San Lorenzo al MareMilaan213.481,8 km19835
2016 ApeldoarnTuryn213.467,1 km19842
2017 AlgheroMilaan213.609,1 km19534
2018 JeruzalimRome213.572,4 km17526
2019 BolognaVerona213.546,8 km17634
2020 MonrealeMilaan213.361,4 km17643
2021 TurynMilaan213.410,9 km18441
2022 BûdapestVerona213.449,6 km17627
2023 FossacesiaRome213.448 km17651

Ferneamde bergenpassen

Yn de Omgong fan Itaalje wurde der in tal bergen beklommen. It heechste punt fan de Giro (ek wol it "dak fan de omgong" neamd), wurdt sûnt 1965 de Cima Coppi neamd. Ferneamd nei de ferneamde Italiaanske hurdfytser Fausto Coppi. Oan de hurdfytser dy't it heechste punt as earste berikt, wurdt in spesjale priis en in fikse boanus takend.

1e
kear
NammeBerchrigeHichte
(m)
1940SellapasDolomiten2214
1940PordoipasDolomiten2239
1953StelviopasAlpen2758
1960GaviapasAlpen2621
1963VallespasDolomiten2033
1967Drei ZinnenDolomiten2320
1973GiaupasDolomiten2236
1976ValparolapasDolomiten2294
1976ManghenpasAlpen2047
1991Colle di SestriereAlpen2035
1999EsischiepasAlpen2366
2005Colle delle FinestreAlpen2178

Klasseminten

De Rôze trui

Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Itaalje ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (blauwe trui), foar de bêste jonge hurdfytser (wite trui), foar de bêste sprinter (pearze trui), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong it minste tiid brûkt (Rôze trui). De Rôze trui waard as trui yn 1931 ynfierd.

Trije hurdfytsers wûnen de Omgong fan Itaalje fiif kear en binne dêrmei dield rekôrhâlder. Alfredo Binda wie de earste dy 't it slagge. Hy wûn de Giro yn tusken 1925 en 1933 Fausto Coppi wûn die dat tusen 1940 en 1953 syn kariere waard fersteurd troch de Twadde Wrâldkriich en Eddy Merckx wie fiif kear einwinner tusken 1968 en 1974.

Winners Rôze trui

JierWinnerNasjonaliteitPloech
1909Luigi Ganna ItaljaanskTeam Atala
1910Carlo Galetti ItaljaanskTeam Atala
1911Carlo Galetti ItaljaanskBianchi
1912Team Atala[3] ItaljaanskTeam Atala
1913Carlo Oriani ItaljaanskMaino
1914Alfonso Calzolari ItaljaanskStucchi
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919Costante Girardengo ItaljaanskStucchi
1920Gaetano Belloni ItaljaanskBianchi
1921Giovanni Brunero ItaljaanskLegnano
1922Giovanni Brunero ItaljaanskLegnano
1923Costante Girardengo ItaljaanskMaino
1924Giuseppe Enrici ItaljaanskLegnano
1925Alfredo Binda ItaljaanskLegnano
1926Giovanni Brunero ItaljaanskLegnano
1927Alfredo Binda ItaljaanskLegnano
1928Alfredo Binda ItaljaanskWolsit
1929Alfredo Binda ItaljaanskLegnano
1930Luigi Marchisio ItaljaanskLegnano
ynfiering Rôze trui
1931Francesco Camusso ItaljaanskGloria
1932Antonio Pesenti ItaljaanskWolsit
1933Alfredo Binda ItaljaanskLegnano
1934Learco Guerra ItaljaanskMaino
1935Vasco Bergamaschi ItaljaanskMaino
1936Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1937Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1938Giovanni Valetti ItaljaanskFrejus
1939Giovanni Valetti ItaljaanskFrejus
1940Fausto Coppi ItaljaanskLegnano
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1947Fausto Coppi ItaljaanskBianchi
1948Fiorenzo Magni ItaljaanskWilier Triestina
1949Fausto Coppi ItaljaanskBianchi
1950Hugo Koblet SwitserskGuerra-Svizzera
1951Fiorenzo Magni ItaljaanskNivea-Fuchs
1952Fausto Coppi ItaljaanskBianchi
1953Fausto Coppi ItaljaanskBianchi
1954Carlo Clerici SwitserskGuerra-Svizzera
1955Fiorenzo Magni ItaljaanskNivea-Fuchs
1956Charly Gaul LúksemboarchskEmi-Guerra
1957Gastone Nencini ItaljaanskChlorodont
1958Ercole Baldini ItaljaanskLegnano
1959Charly Gaul LúksemboarchskEmi-Guerra
1960Jacques Anquetil FrânskFynsec
1961Arnaldo Pambianco ItaljaanskFides
1962Franco Balmamion ItaljaanskCarpano
1963Franco Balmamion ItaljaanskCarpano
1964Jacques Anquetil FrânskSt. Raphael
1965Vittorio Adorni ItaljaanskSalvarani
1966Gianni Motta ItaljaanskMolteni
1967Felice Gimondi ItaljaanskSalvarani
1968Eddy Merckx BelgyskFaema
1969Felice Gimondi ItaljaanskSalvarani
1970Eddy Merckx BelgyskFaemino
1971Gösta Pettersson SweedskFerretti
1972Eddy Merckx BelgyskMolteni
1973Eddy Merckx BelgyskMolteni
1974Eddy Merckx BelgyskMolteni
1975Fausto Bertoglio ItaljaanskJolly Ceramica
1976Felice Gimondi ItaljaanskBianchi-Campagnolo
1977Michel Pollentier BelgyskFlandria
1978Johan De Muynck BelgyskBianchi-Faema
1979Giuseppe Saronni ItaljaanskDel Tongo-Colnago
1980Bernard Hinault FrânskRenault-Gitane
1981Giovanni Battaglin ItaljaanskInoxpran
1982Bernard Hinault FrânskRenault-Elf-Gitane
1983Giuseppe Saronni ItaljaanskDel Tongo-Colnago
1984Francesco Moser ItaljaanskGis Tuc-Lu
1985Bernard Hinault FrânskLa Vie Claire-Look
1986Roberto Visentini ItaljaanskCarrera
1987Stephen Roche IerskCarrera
1988Andy Hampsten Amerikaansk7-Eleven Hoonved
1989Laurent Fignon FrânskSystème U
1990Gianni Bugno ItaljaanskChateau d'Ax
1991Franco Chioccioli ItaljaanskDel Tongo M.G.
1992Miguel Induráin SpaanskBanesto
1993Miguel Induráin SpaanskBanesto
1994Jevgeni Berzin RussyskGewiss-Ballan
1995Tony Rominger SwitserskMapei-Gb
1996Pavel Tonkov RussyskPanaria-Vinavil
1997Ivan Gotti ItaljaanskSaeco
1998Marco Pantani ItaljaanskMercatone Uno-Bianchi
1999Ivan Gotti ItaljaanskPolti
2000Stefano Garzelli ItaljaanskMercatone Uno-Albacom
2001Gilberto Simoni ItaljaanskLampre-Daikin
2002Paolo Savoldelli ItaljaanskIndex-Alexia
2003Gilberto Simoni ItaljaanskSaeco
2004Damiano Cunego ItaljaanskSaeco
2005Paolo Savoldelli ItaljaanskDiscovery Channel
2006Ivan Basso ItaljaanskCSC
2007Danilo Di Luca ItaljaanskLiquigas
2008Alberto Contador SpaanskAstana
2009Denis Mensjov RussyskRabobank
2010Ivan Basso ItaljaanskLiquigas-Doimo
2011Michele Scarponi ItaljaanskLampre-ISD
2012Ryder Hesjedal KanadeeskGarmin-Barracuda
2013Vincenzo Nibali ItaljaanskAstana
2014Nairo Quintana KolombiaanskMovistar Team
2015Alberto Contador SpaanskTinkoff-Saxo
2016Vincenzo Nibali ItaljaanskAstana
2017Tom Dumoulin NederlânskTeam Sunweb
2018Chris Froome BritskTeam Sky
2019Richard Carapaz EkwadorjaanskMovistar Team
2020Tao Geoghegan Hart BritskTeam INEOS Grenadiers
2021Egan Bernal KolombiaanskTeam INEOS Grenadiers
2022Jai Hindley AustralyskBORA-hansgrohe
2023Primož Roglič SloveenskJumbo-Visma

Measte oerwinningen

5x

  • Eddy Merckx wûn de Omgong yn 1968 en 1970 en fan 1972 oant en mei 1974.
  • Fausto Coppi wûn de Omgong yn 1940, 1947, 1949, 1952 en 1953.
  • Alfredo Binda wûn de Omgong yn 1925, fan 1927 oant en mei 1929 en yn 1933.

3x

Berchklassemint

De blauwe trui

It berchklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dat diel útmakket fan de Giro. Foar dit klassemint wurde punten takend oan de liedende hurdfytsers oer oanwiisde beklimmingen. De beklimmingen wurde yn ferskate klassifikaasjes yndield op basis fan dreechheidsgraad en harren posysje op de etappe fan dy dei. Bonuspunten wurde takend oan oankomsten op de berchtop en oan de earste hurdfytsers oer de Cima Coppi, tradisjoneel beskôge as it heechste punt fan de hiele Giro.

It berchklassemint is yn 1933 ynfierd. Fan 1974 oant 2011 droech de lieder fan it berchklassemint yn de Giro de griene trui, yn 2012 waard as ûnderdiel fan in sponsoroerienkomst de kleur fan de trui feroare yn blau.

Winners berchklassemint

JierWinnerNasjonaliteitPloech
1933Alfredo Binda ItaljaanskLegnano
1934Remo Bertoni ItaljaanskLegnano
1935Gino Bartali ItaljaanskFrejus
1936Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1937Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1938Giovanni Valetti ItaljaanskFrejus
1939Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1940Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1947Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1948Fausto Coppi ItaljaanskBianchi
1949Fausto Coppi ItaljaanskBianchi
1950Hugo Koblet SwitserskGuerra
1951Louison Bobet FrânskBottecchia
1952Raphaël Géminiani FrânskBianchi
1953Pasquale Fornara ItaljaanskBottecchia
1954Fausto Coppi ItaljaanskBianchi
1955Gastone Nencini ItaljaanskLeo-Chlorodont
1956Federico Bahamontes SpaanskGirardengo
1957Raphaël Géminiani FrânskMercier
1958Jean Brankart BelgyskSaint-Raphael-R.Geminiani
1959Charly Gaul LúksemboarchskEmi
1960Rik Van Looy BelgyskFaema
1961Vito Taccone ItaljaanskAtala
1962Angelino Soler SpaanskGhigi
1963Vito Taccone ItaljaanskLygie
1964Franco Bitossi ItaljaanskSpring Oil
1965Franco Bitossi ItaljaanskFilotex
1966Franco Bitossi ItaljaanskFilotex
1967Aurelio González SpaanskKAS
1968Eddy Merckx BelgyskFaema
1969Claudio Michelotto ItaljaanskMax Meyer
1970Martin Van Den Bossche BelgyskMolteni
1971José Manuel Fuente SpaanskKAS
1972José Manuel Fuente SpaanskKAS
1973José Manuel Fuente SpaanskKAS
ynfiering Griene trui
1974José Manuel Fuente SpaanskKAS
1975Francisco Galdós
Andrés Oliva
Spaansk
Spaansk
KAS
1976Andrés Oliva SpaanskKAS
1977Faustino Fernández Ovies SpaanskKAS
1978Ueli Sutter SwitserskZonca-Santini
1979Claudio Bortolotto ItaljaanskSanson
1980Claudio Bortolotto ItaljaanskSan Giacomo
1981Claudio Bortolotto ItaljaanskSantini-Selle Italia
1982Lucien Van Impe BelgyskBoston-Mavic
1983Lucien Van Impe BelgyskBoston-Mavic
1984Laurent Fignon FrânskRenault-Elf
1985José Luis Navarro SpaanskZor
1986Pedro Muñoz SpaanskFagor
1987Robert Millar BritskPanasonic
1988Andrew Hampsten Amerikaansk7-Eleven
1989Luis Herrera KolombiaanskCafé de Colombia
1990Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera Jeans
1991Iñaki Gastón SpaanskCLAS-Cajastur
1992Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera Jeans
1993Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera Jeans
1994Pascal Richard SwitserskGB-MG Maglificio
1995Mariano Piccoli ItaljaanskBrescialat
1996Mariano Piccoli ItaljaanskBrescialat
1997José Jaime González KolombiaanskKelme
1998Marco Pantani ItaljaanskMercatone Uno
1999José Jaime González KolombiaanskKelme
2000Francesco Casagrande ItaljaanskVini Caldirola-Sidermec
2001Freddy González KolombiaanskColombia-Selle Italia
2002Julio Alberto Pérez Cuapio MeksikaanskCeramiche Panaria-Margres
2003Freddy González KolombiaanskColombia-Selle Italia
2004Fabian Wegmann DútskGerolsteiner
2005José Rujano FenezolaanskColombia-Selle Italia
2006Juan Manuel Gárate SpaanskQuick Step
2007Leonardo Piepoli ItaljaanskSaunier Duval
2008Emanuele Sella ItaljaanskCSF Group-Navigare
2009Stefano Garzelli ItaljaanskAcqua & Sapone
2010Matthew Lloyd AustralyskOmega Pharma-Lotto
2011Stefano Garzelli ItaljaanskAcqua & Sapone
ynfiering Blauwe trui
2012Matteo Rabottini ItaljaanskFarnese
2013Stefano Pirazzi ItaljaanskBardiani
2014Julián Arredondo KolombiaanskTrek
2015Giovanni Visconti ItaljaanskMovistar
2016Mikel Nieve SpaanskSky
2017Mikel Landa SpaanskSky
2018Christopher Froome BritskSky
2019Giulio Ciccone ItaljaanskTrek-Segafredo
2020Ruben Guerreiro PortegeeskEF Pro Cycling
2021Geoffrey Bouchard FrânskAG2R
2022Koen Bouwman NederlânskJumbo-Visma
2023Thibaut Pinot FrânskFDJ

Punteklassemint

De Pearze Trui

It punteklassemint yn de Ronde fan Italië is in njonkenklassemint wêrby't de hurdfytsers punten per etappe krije, ôfhinklik fan harren oankomst. It klassemint waard yn de Giro fan 1966 yntrodusearre. De lieder yn it punteklassemint draacht in pearze trui. De pearze trui waar yn 1967 yntroducearre, fan 2010 oant en mei 2016 droech de lieder yn it klassemint in reade trui, mar yn 2017, ta gelegenheid fan de hûndertste edysje, waard de pearze trui op 'e nij yntrodusearre.

Winners punteklassemint

JierWinnerNasjonaliteitPloechPunten
1966Gianni Motta ItaljaanskMolteni228
ynfiering Pearze trui
1967Dino Zandegù ItaljaanskSalvarani200
1968Eddy Merckx BelgyskFaema198
1969Franco Bitossi ItaljaanskFilotex182
1970Franco Bitossi ItaljaanskFilotex252
1971Marino Basso ItaljaanskMolteni181
1972Roger De Vlaeminck BelgyskDreher264
1973Eddy Merckx BelgyskMolteni237
1974Roger De Vlaeminck BelgyskBrooklyn265
1975Roger De Vlaeminck BelgyskBrooklyn346
1976Francesco Moser ItaljaanskSanson-Campagnolo272
1977Francesco Moser ItaljaanskSanson-Campagnolo226
1978Francesco Moser ItaljaanskSanson-Campagnolo229
1979Giuseppe Saronni ItaljaanskScic275
1980Giuseppe Saronni ItaljaanskGis Gelati301
1981Giuseppe Saronni ItaljaanskGis Gelati215
1982Francesco Moser ItaljaanskFamcucine247
1983Giuseppe Saronni ItaljaanskDel Tongo223
1984Urs Freuler SwitserskAtala178
1985Johan van der Velde NederlânskVini Ricordi-Pinarello195
1986Guido Bontempi ItaljaanskCarrera Jeans167
1987Johan van der Velde NederlânskGis Gelati175
1988Johan van der Velde NederlânskGis Gelati154
1989Giovanni Fidanza ItaljaanskChateau d'Ax172
1990Gianni Bugno ItaljaanskChateau d'Ax195
1991Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera Jeans283
1992Mario Cipollini ItaljaanskGB-MG Maglificio236
1993Adriano Baffi ItaljaanskSaeco228
1994Djamolidine Abdoujaparov OezbeekskTeam Polti202
1995Tony Rominger SwitserskMapei205
1996Fabrizio Guidi ItaljaanskScrigno-Blue Storm235
1997Mario Cipollini ItaljaanskSaeco202
1998Mariano Piccoli ItaljaanskBrescialat194
1999Laurent Jalabert FrânskONCE175
2000Dimitri Konyshev RussyskFassa Bortolo159
2001Massimo Strazzer ItaljaanskMobilvetta Design177
2002Mario Cipollini ItaljaanskAcqua & Sapone184
2003Gilberto Simoni ItaljaanskSaeco154
2004Alessandro Petacchi ItaljaanskFassa Bortolo250
2005Paolo Bettini ItaljaanskQuick Step162
2006Paolo Bettini ItaljaanskQuick Step169
2007Danilo Di Luca[4] ItaljaanskLiquigas130
2008Daniele Bennati ItaljaanskLiquigas189
2009Denis Menchov[5] RussyskRabobank144
ynfiering Reade trui
2010Cadel Evans AustralyskBMC150
2011Michele Scarponi[6] ItaljaanskLampre202
2012Joaquim Rodríguez SpaanskKatusha139
2013Mark Cavendish BritskQuick Step158
2014Nacer Bouhanni FrânskFDJ291
2015Giacomo Nizzolo ItaljaanskTrek181
2016Giacomo Nizzolo ItaljaanskTrek209
ynfiering Pearze trui
2017Fernando Gaviria KolombiaanskQuick-Step325
2018Elia Viviani ItaljaanskQuick-Step341
2019Pascal Ackermann DútskBora-Hansgrohe226
2020Arnaud Démare FrânskFDJ233
2021Peter Sagan SlowaakskBora-Hansgrohe136
2022Arnaud Démare FrânskFDJ254
2023Jonathan Milan ItaljaanskBahrain-Victorious217

Ploegeklassemint

Giel rêchnûmer

It ploegeklassemint is de beneaming foar ien fan de wedstriidklasseminten by de Omgong fan Itaalje. Yn tsjinstelling ta de ferskate oare klasseminten, lykas it algemien klassemint en it berchklassemint, is dit net in klassemint op yndividuele basis, mar is it in maat foar de bêst prestearjende hurdfytsploech as gehiel. Foar it berekkenjen fan it punteal wurde nei elke etappe de tiden fan 'e trije earste riders fan elk team opteld. Earder mocht de liedende ploech mei in giel petsje ride. No rydt de liedende ploech mei in giel rêchnûmer.

Winners ploegeklassemint

JierPloechRegistraasje
Lân
JierPloechRegistraasje
Lân
JierPloechRegistraasje
Lân
JierPloechRegistraasje
Lân
1909Atala Itaalje1947Welter Itaalje1976Brooklyn Itaalje2005Liquigas Itaalje
1910Atala Itaalje1948Wilier Triestina Itaalje1977Flandria Belgje2006Phonak   Switserlân
1911Bianchi Itaalje1949Wilier Triestina Itaalje1978Bianchi Itaalje2007Saunier Duval Spanje
1912Atala Itaalje1950Frejus Itaalje1979SCIC Itaalje2008CSF Group-Navigare Ierlân
1913Maino Itaalje1951Taurea Itaalje1980Bianchi Itaalje2009Astana Kazachstan
1914Stucchi Itaalje1952Bianchi Itaalje1981Bianchi Itaalje2010Liquigas Itaalje
1919Stucchi Itaalje1953Ganna Itaalje1982Bianchi Itaalje2011Astana Kazachstan
1920Bianchi Itaalje1954Girardengo Belgje1983Gemeaz Cusin Spanje2012Lampre Itaalje
1921Bianchi Itaalje1955Atala Itaalje1984Renault Frankryk2013Sky Grut-Brittanje
1922Legnano Itaalje1956Atala Itaalje1985Alpilatte Itaalje2014AG2R Frankryk
1923Legnano Itaalje1957Legnano Itaalje1986Supermercati Brianzoli Itaalje2015Astana Kazachstan
1924
ûnbekend
1958Carpano Itaalje1987Panasonic Nederlân2016Astana Kazachstan
1925Legnano Itaalje1959Atala Itaalje1988Carrera Itaalje2017Movistar Spanje
1926Legnano Itaalje1960Ignis Itaalje1989Fagor Frankryk2018Sky Grut-Brittanje
1927Legnano Itaalje1961Faema Belgje1990ONCE Spanje2019Movistar Spanje
1928Legnano Itaalje1962Faema Belgje1991Carrera Itaalje2020INEOS Grut-Brittanje
1929Legnano Itaalje1963Carpano Itaalje1992MG Maglificio Itaalje2021INEOS Grut-Brittanje
1930Bianchi Itaalje1964Saint Raphäel Frankryk1993Lampre Itaalje2022Bahrain Bachrein
1931Legnano Itaalje1965Salvarani Itaalje1994Carrera Itaalje2023Bahrain Bachrein
1932Legnano Itaalje1966Molteni Itaalje1995Gewiss-Ballan Itaalje
1933Legnano Itaalje1967KAS Spanje1996Carrera Itaalje
1934Gloria Itaalje1968Faema Belgje1997Kelme Spanje
1935Frejus Itaalje1969Molteni Itaalje1998Mapei Itaalje
1936Legnano Itaalje1970Faema Belgje1999Vitalicio Seguros Spanje
1937Frejus Itaalje1971Molteni Itaalje2000Mapei Itaalje
1938Gloria Itaalje1972Molteni Itaalje2001Alessio Itaalje
1939Frejus Itaalje1973Molteni Itaalje2002Alessio Itaalje
1940Gloria Itaalje1974KAS Spanje2003Lampre Itaalje
1946Legnano Itaalje1975Brooklyn Itaalje2004Saeco Itaalje

Jongereinklassemint

De Wite Trui

It jongereinklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dêr't inkeld hurdfytsers jonger as 25 jier foar yn oanmerking komme. De heechst klassearre jonge hurdfytser krijt de wite trui. De priis waard yn 1976 foar it earst útrikt. Doe kamen allinnich hurdfytsers jonger as 24 jier yn oanmerking foar de priis. Nei 1994 waard de wite trui foar in skoft opburgen. Mar yn 2007 waard it jongereinklassemint op 'e nij ynfierd. Fan dan ôf waard ek de leeftiid ferhege nei 25 jier.

Winners jongereinklassemint

JierWinnerNasjonaliteitPloechPosysje
algemien
klassemint
(Rôze Trui)
1976Alfio Vandi ItaljaanskMagniflex-Torpado7
1977Mario Beccia ItaljaanskSanson9
1978Roberto Visentini ItaljaanskVibor15
1979Silvano Contini ItaljaanskFaema5
1980Tommy Prim SweedskBianchi4
1981Giuseppe Faraca ItaljaanskHoonved-Bottecchia11
1982Marco Groppo ItaljaanskMetauro Mobili9
1983Franco Chioccioli ItaljaanskVivi-Benotto16
1984Charly Mottet FrânskRenault-Elf21
1985Alberto Volpi ItaljaanskBianchi10
1986Marco Giovannetti ItaljaanskGis Gelati8
1987Roberto Conti ItaljaanskGis Gelati15
1988Stefano Tomasini ItaljaanskFanini9
1989Vladimir Poulnikov SovjetAlfa Lum11
1990Vladimir Poulnikov SovjetAlfa Lum4
1991Massimiliano Lelli ItaljaanskCeramiche Ariostea3
1992Pavel Tonkov RussyskLampre7
1993Pavel Tonkov RussyskLampre5
1994Evgueni Berzin RussyskGewiss-Ballan1
Fan 1995 o/m 2006 wie der gjin Jongereinklassemint
2007Andy Schleck LúksemboarchskCSC2
2008Riccardo Riccò ItaljaanskSaunier Duval2
2009Kevin Seeldraeyers BelgyskQuick Step14
2010Richie Porte AustralyskSaxo Bank7
2011Roman Kreuziger TsjechyskAstana6
2012Rigoberto Urán KolombiaanskSky7
2013Carlos Betancur KolombiaanskAG2R5
2014Nairo Quintana KolombiaanskMovistar1
2015Fabio Aru ItaljaanskAstana2
2016Bob Jungels LúksemboarchskQuick Step6
2017Bob Jungels LúksemboarchskQuick Step8
2018Miguel Ángel López KolombiaanskAstana3
2019Miguel Ángel López KolombiaanskAstana7
2020Tao Geoghegan Hart BritskIneos1
2021Egan Bernal KolombiaanskIneos1
2022Juan Pedro López SpaanskTrek-Segafredo10
2023João Almeida PortegeeskUAE Team Emirates3

Fryske Dielnimmers

Twa Friezen ha oant no ta (2022) meidien oan de Omgong fan Itaalje. Yn 2009 wie Maarten Tjallingii de earste. Pieter Weening wie yn 2011 de earste Fries dy't in etappe wûn yn de Omgong fan Itaalje, hy wie ek de earste Fries dy't in oantal dagen yn de rôze trui fytst hat.

NammeJier(ren)PloechPosysje
algemien
klassemint
(Rôze Trui)
Maarten Tjallingii2009,
2013,
2014,
2015
2016
Rabobank,
Lotto NL-Jumbo,
Lotto NL-Jumbo
Lotto NL-Jumbo
Lotto NL-Jumbo
100e,
131e,
92e,
119e,
124e
Pieter Weening2010,
2011,
2013,
2014,
2015,
2020
Rabobank,
Rabobank,
Orica GreenEDGE,
Orica GreenEDGE,
Orica GreenEDGE,
Trek-Segafredo
24e,
45e,
38e,
Net finisht,
92e,
Net finisht

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Omgong fan Itaalje
Fryske dielnimmers · froulju
1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024
wizigje
🔥 Top keywords: