Skaal fan Beaufort

De skaal fan Beaufort is in mjitsysteem (ôfkoarte ta Bft) om 'e faasje fan 'e wyn (oftewol de wynkrêft) oan te tsjutten. Dit systeem waard yn 1805 opsteld troch de Ier Francis Beaufort, dy't admiraal by de Britske Keninklike Marine wie. Doe't hy gesachfierder wie fan it fregat de Woolwich, makke dyselde in yndieling yn 12 wynsterkten oan 'e hân fan 'e seilfiering fan syn skip. Syn skaal wie sadwaande oarspronklik basearre op 'e krêft dy't de wyn per oerflakte-ienheid op 'e seilen útoefene, en net op 'e faasje fan 'e wyn, mei't er seach nei it effekt fan 'e wyn op syn skip ynstee fan nei de wyn sels. Yn 1838 stelde de Britske Keninklike Marine de skaal fan Beaufort ferplichte foar wynkrêftoantsjuttings yn skipssjoernaals.

De omskriuwings fan Beaufort rûnen útinoar fan "gjin fertier" (0 Bft) oant "seilen waaie út 'e liken" (12 Bft). Yn 1905 waard de skaal fan Beaufort troch sir George Simpson oanpast oan 'e steamfeart, en yn 1921 fierde dyselde nochris wat oanpassings troch om 'e skaal begryplik te meitsjen foar lânrotten. Dêrby foege er ek de respektivelike faasjes fan 'e wyn oan 'e yndieling ta. Yn 1946 waard it hiele systeem yngeand feroare troch it Ynternasjonaal Meteorologysk Komitee, en waard de yndieling basearre op 'e trochsneed faasje fan 'e wyn oer in tiidsspanne fan tsien minuten op in hichte fan tsien meter boppe de grûn. Teffens waarden der doe oan 'e boppekant fan skaal in tal ienheden tafoege om hegere wynfaasje kategorisearje te kinnen.

Skematysk oersjoch

wynkrêftbeneaming fan it KNMIbeneaming yn de seefeartwynfaasje yn km/h *wynfaasje yn m/s *wynfaasje yn knopen[1]útwurking boppe lân en by de minskeútwurking boppe seewarskôgingsflaggen
0stilwynstil0-10-0,20-1reek stiget rjocht of frijwol rjocht op
spegelglêd wetteroerflak
1tige swakflau en stil1-50,3-1,51-3wynrjochting goed ôf te lieden út reekplommen
lytse weachjes, skolperich wetteroerflak
2swakflauwe koelte6-111,6-3,34-6wyn fielber yn it gesicht, waarhoannen wize no juste rjochting oan, blêdte risselet, flagge beweecht
lytse, koarte weagen
3frij lichtlichte koelte12-193,4-5,47-10opwaaidende moude, flaggen wapperje, blêden bewege dúdlik
lytse weagen brekke, earste skomkoppen
4lichttuskenbeiden koelte20-285,5-7,911-16papier waait op, tûken bewegen, hier rekket út model, klean wapperje, gjin langpoaten mear
weagen wat langer, mear skomkoppen
5frij krêftichfrisse rûzer29-388,0-10,717-21blêden rûzje, strewellen en beamkeguod beweecht, lege ôffalcontainers waaie om
tuskenbeiden weagen, oansjittende see (oeral skomkoppen), hjir en dêr wat opwaaiend skom
6krêftichstevige rûzer39-4910,8-13,822-27grouwe tûken bewege, swierrichheden mei paraplu's, huodden waaie ôf
gruttere weagen, skomplakken, aardich wat opwaaiend skom
7hurdhurde wyn50-6113,9-17,128-33hiele beammen bewege, flaggen steane strak, dreech om tsjin 'e wyn yn te fytsen of te rinnen
weagen wurde heger, begjinnende skomstreken
8stoarmeftich62-7417,2-20,734-40twigen brekke fan 'e beammen ôf, rinne of fytse wurdt hiel dreech
tuskenbeiden hege weagen, skomstrepen

9stoarm75-8820,8-24,441-47dakpannen waaie fan 'e dakken, bern hawwe muoite om har stean te hâlden, tûken brekke ôf, allinnich swellen en einen fleane noch
hege weagen, sicht minderet troch skomfleagen

10swiere stoarm89-10224,5-28,448-55skea oan gebouwen, folwoeksenen hawwe muoite om har steande te hâlden, beammen ûntwoartele, alle fûgels oan 'e grûn
tige hege weagen, see wurdt wyt fan it skom, oerslaande weagen, fermindere sicht
11tige swiere stoarm / orkaaneftich103-11728,5-32,656-63oansjenlike skea oan bosken en gebouwen
ekstreem hege weagen, see alhiel oerdutsen mei skom, sterk fermindere sicht
12orkaan>117>32,7>63grutte skea oan bosken, gebouwen en ynfrastruktuer
loft fol mei ferwaaid wetter en skom, see folslein wyt, frijwol gjin sicht mear


*: trochsneed faasje fan 'e wyn metten oer teminsten tsien minuten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.



🔥 Top keywords: