Universiteit fan Glasgow

De Universiteit fan Glasgow (Skotsk-Gaelysk: Oilthigh Ghlaschu) is in universiteit yn de Skotske stêd Glasgow. De universiteit waard 1451 oprjochte. It is de op ien nei âldste universiteit fan Skotlân, en de op trije nei âldste fan it Feriene Keninkryk.

Universiteit fan Glasgow
Namme
Latynske nammeUniversitas Glasguensis
BiedwurdVia, veritas, vita
Lokaasje
LânSkotlân
PlakGlasgow
Oare bysûnderheden
Typepublike universiteit
Oprjochting1451
RektorEdward Snowden
Tal studinten26.815 (2014/15)
Tal meiwurkers6.197 (2013)
NetwurkenRussellgroep, Universitas 21, IRUN, Association of Commonwealth Universities, PEGASUS
Offisjele webside
www.gla.ac.uk
De universiteitsbibleteek hat goed 2.500.000 titels

Skiednis

De Universiteit fan Glasgow waard yn 1451 fanwege Paus Nikolaas V opjochte, op oanstean fan kening Jakobus II fan Skotlân, dy't in nije universiteit yn Skotlân hawwe woe as tsjinwicht fan de Ingelske universiteiten fan Oxford en Cambridge. De earste kolleezjes wiene yn it kapittelgebou fan de katedraal fan Glasgow. Yn de iuwen dêrnei ferhuze de universiteit in stikmannich kearen. Yn 1871 kaam de haadfestiging foar fêst op it plak fan no, de Gilmorehill.

Bestjoer

De rektor (offisjele titel: Lord Rector) fan de universiteit, fral in seremoanjele funksje, wurdt alle trije jierren troch de studinten keazen. De hjoeddeiske rektor is de Amerikaanske kloklieder Edward Snowden. Hy waard op 18 febrewaris 2014 keazen.

De wittenskiplike en deistige lieding fan de universiteit is yn hannen fan de Chancellor en de Principal; anno 2016 binne dat efterelkoar Kenneth Calman en Anton Muscatelli.

Fakulteiten

De universiteit hat njoggen fakulteiten:

  • Biomedyske wittenskippen
  • Diergenêskunde
  • Genêskunde
  • Ynformaasjekunde en wiskundige wittenskippen
  • Letteren
  • Natuerwittenskippen
  • Underwiiskunde
  • Rjochten, bedriuwskunde en sosjale wittenskippen
  • Technyk
🔥 Top keywords: