Universiteit fan Oxford

De Universiteit fan Oxford is in universiteit yn de Ingelske stêd Oxford dy't mei dy fan Cambridge de ferneamdste en âldste universiteit fan it Feriene Keninkryk en mei dy fan Parys en Bologna ta de earsten fan de wrâld heart. Tegearre wurde se wol oantsjut mei Oxbridge.

Universiteit fan Oxfort
Namme
Latynske nammeUniversitas Oxoniensis
BiedwurdDominus Illuminatio Mea
'De Heare is myn Ljocht' (Psalm 27, 1)
Lokaasje
LânIngelân
PlakOxford
Oare bysûnderheden
Oprjochting1167?
RektorLord Chris Patten of Barnes
Tal studinten22.116 (2013)
NetwurkenCoimbra, LERU, Russellgroep, Europaeum, EUA
Offisjele webside
www.ox.ac.uk

De krekte stiftingsdatum is net hielendal wis, mar der binne oanwizings dat dêr al yn de 11e iuw ûnderrjochte waard.[1][2] De universiteit groeide hurd fan 1167 ôf doe't Henry II Ingelske studinten ferbea om oan de Universiteit fan Parys te studearjen.

De universiteit bestiet út 39 colleges en 5 halls, dy’t oant op sekere hichte ûnôfhinklike ienheden binne. Sy binne faak om in plein of gersfjild hinne boud (quadrangle). Dosinten en studinten wenje dêr yntern, benammen bard dat noch yn de gruttere en mear âlde colleges/halls. Studinten ferkeare der meast yn it earste en leste jier fan harren trijejierrige bachelorsoplieding. It ûnderkommen foldocht net yn alle gefallen mear oan de moderne easken fan wenjen.
Elts kolleezje is apart stifte troch in rike goeddogger of foarst, in oantal al yn de 13e oant 15e iuw. It meast nije kolleezje fan de universiteit is Green Templeton College dat oprjochte waard by Keninklik Sjarter op 1 oktober 2008 út it byinoar gean fan Green College en Templeton College.[3]

De tagongseasken foar in top-universiteit sa as Oxford binne strang; út de grutte bult fan gadingmakkers wurde alinne de bêsten oannaam. Dat feit wurdt wjerspegele yn de kwaliteit fan it ûnderwiis en it ûndersyk en de oardering fan Oxford yn de top 5 fan bêste universiteiten yn de wrâld.[4][5] Sûnt 1921 hawwe 46 persoanen dy’t yn Oxford studearren in Nobelpriis wûn (earedoktoraten en minsken dy’t earst nei harren Nobelpriis op Oxford kamen net meiteld).It is noch altyd sa dat it grutste part fan Britske top-amtners, diplomaten, ministers en steatssekretarissen fan 'Oxbridge' komt.

Natuerhistoarysk museum fan de universiteit fan Oxford

Kolleezjes fan Oxford

Somerville College
Brasenose College
Worcester College
NammeStiftingsjierWebstee
All Souls College1438Webside
Balliol College1263Webside
Brasenose College1509Webside
Christ Church1546Webside
Corpus Christi College1517Webside
Exeter College1314Webside
Green Templeton College2008, 1974/1965Webside
Harris Manchester College1786, kolleezjestatus 1996Webside
Hertford College1282, kolleezjestatus 1740Webside
Jesus College1571Webside
Keble College1870Webside
Kellogg College1990, kolleezjestatus 1994Webside
Lady Margaret Hall1878Webside
Linacre College1962Webside
Lincoln College1427Webside
Magdalen College1458Webside
Mansfield College1886, kolleezjestatus 1995Webside
Merton College1264Webside
New College1379Webside
Nuffield College1937Webside
Oriel College1326Webside
Pembroke College1624Webside
Reuben College2019Webside
Somerville College1879Website
St Anne's College1878Webside
St Antony's College1950, Kolleezjestatus 1963Webside
St Catherine's College1963Webside
St Cross College1965Webside
St Edmund Hall1226, kolleezjestatus 1957Webside
St Hilda's College1893Webside
St Hugh's College1886Webside
St John's College1555Webside
St Peter's College1929Webside
The Queen's College1341Webside
Trinity College1554Webside
University College1249Webside
Wadham College1610Webside
Wolfson College1966, kolleezjestatus 1981Webside
Worcester College1714Webside

Bekende Oxforters

Skriuwers en dichters

Oscar Wilde, J. R. R. Tolkien, T.S. Eliot, Robert Graves, Aldous Huxley, Hilaire Belloc, John Galsworthy, Kingsley Amis, Martin Amis, Zlata Filipović, Harper Lee, Seamus Heaney, Joseph Heller, John Donne, Percy Bysshe Shelley, C. S. Lewis, Evelyn Waugh, John Betjeman, W. H. Auden, Algernon Swinburne, Graham Greene, Christopher Hitchens, George Gordon Byron (Lord Byron), Salman Rushdie, Philip Pullman, Dorothy L. Sayers, Lewis Carroll

Natuerwittenskippers

Stephen Hawking, Richard Dawkins, Tim Berners-Lee

Filosofen

William von Ockham, Adam Smith, John Locke, Bertrand Russell, John L. Austin, John Searle

Teologen

John Wyclif, Edmund Campion, Cuthbert Mayne, Jean de Menasce, Hieronymus von Prag, John Wesley, John Henry Newman, John Thiessen

Histoarisy

Arnold Toynbee, Edward Gibbon

Politisy

Aung San Suu Kyi, Zulfikar Ali Bhutto, Benazir Bhutto, Bilawal Zardari Bhutto, Herbert Henry Asquith, Christopher Wren, William Ewart Gladstone, Thomas More, Tony Blair, Bill Clinton, Richard von Weizsäcker, Kening Abdullah fann Jordaanje, Clement Attlee, Margaret Thatcher, William Penn, Álvaro Uribe Vélez, David Cameron, James Purnell, Norbert Lammert, Indira Gandhi, Kening Jigme Khesar Namgyel Wangchuck

Oaren

  • Thomas Edward Lawrence – útfiner, skriuwer
  • Rupert Murdoch – ûndernimmer
  • Walter Raleigh – ûntdekkingsreizger
  • Rowan Atkinson – Britsk komyk (Mr. Bean)
  • Hans Bernd von Haeften, Adam von Trott zu Solz – Dútsk fersetstrider yn it Tredde Ryk
  • Sir Peter Torry, earder Britsk ambassadeur yn Berlyn
  • Mirza Nasir Ahmad – De 3e kalyf fan de Ahmadiyya
  • Rosamund Pike – aktrise
  • Konstantinos A. Doxiadis (1913–1975), arsjitekt. Bekend stedsplanner fan Islamabad en Rawalpindi.
  • Peter Ramsbotham, 3e Viscount Soulbury, Britsk ambassadeur
  • Hugh Dancy - Britsk filmakteur en fotomodel

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: