Universiteit fan Cambridge

De universiteit fan Cambridge is in universiteit yn de Ingelske stêd Cambridge. It is de twads-âldste universiteit yn de Ingelsksprekkende wrâld (nei de Universiteit fan Oxford), en de sânde nei âldens yn de wrâld.

Universiteit fan Cambridge
Wapen fan de Universiteit fan Cambridge
Wapen fan de Universiteit fan Cambridge
Namme
Latynske nammeCantabrigia (Cantab.)
BiedwurdHinc lucem et pocula sacra
Lokaasje
LânIngelân
PlakCambridge
Oare bysûnderheden
TypeIepenbier ûnderwiis
Oprjochtingom 1209
RektorProf. Leszek Borysiewicz
Tal studinten18.271 (2014)
Tal meiwurkers5.999 (2012)
NetwurkenCoimbra, EUA, IARU, LERU, Russellgroep
Offisjele webside
www.cam.ac.uk

Skiednis

De universiteit fan Cambridge waard yn 1209 stifte troch gelearden út Oxford, wierskynlik studinten dy't it net fine koenen mei de pleatslike befolking; dat harren besluten die om te ferfarren. De Universiteit fan Cambridge en de Universiteit fan Oxford wurde tegearre ek wol ynformeel oantsjut mei Oxbridge. Sy hawwe neist oerienkomsten ek in lange skiednis fan rivaliteit.

De universiteit bestiet út 31, oant op sekere hichte, ûnôfhinklike kolleezjes dy't faak om in plein as gersfjild (court) hinne boud binne en dêr't studinten yntern wenje. Elts kolleezje is apart stifte troch in foarst, geastlike of begoedige boarger. Fan de 31 kolleezjes, binne der 3 dy't allinne froulju talitte en twa dy't allinne postgraduate-studinten oannimme, m.o.w. op masters- of doktoraatsnivo.

By gelegenheid fan it 800-jierrich bestean yn 2009 organisearre de universiteit dat jier in rige eveneminten om de universiteit en har meast ferneamde alumni (sa as John Milton, Sir Isaac Newton en Charles Darwin) hinne.

De útjouwerstûke fan de universiteit, de Cambridge University Press, is de âldste printer en útjouwer yn de wrâld en de twads grutte unversiteitsútjouwerij yn de wrâld.

Reputaasje

Op it mêd fan ûnderrjocht hat Cambridge in izersterke reputaasje. Neffens UCAS, it Ingelske systeem foar applikaasje fan studinten, binne Cambridge en Oxford de twa meast selektive universiteiten fan Ingelân. Der is in apart talittingsprogramma foar studinten dy't oan ien fan dy universiteiten studearje wolle.

Dat wurdt wjerspegele yn de kwaliteit fan it ûnderwiis en ûndersyk. Trinity College allinne al hat 36 Nobelpriiswinners ûnder har âld-studinten. In hiel Frankrijk binne dat sa'n 50. De hiele Universiteit fan Cambridge hat 65 Nobelpriiswinners opsmiten, mear as hokker oare universiteit yn de wrâld ek.[1]

Yn ranglisten fan de Britske oerheid út 2001 en 2008 waard Cambridge beide kearen oantsjut as de bêste universiteit fan Ingelân. De "Times Higher Education ranking" foar de bêste universiteiten fan de wrâld, sette Cambridge yn 2009 op it twadde plak, nei de yn it Amerikaanske Cambridge húsmanjende Harvard-universiteit.

De kolleezjes

Sicht op Clare College en King’s College Chapel
Sicht op Trinity College, Gonville and Caius College, Clare College en King’s College Chapel
Fakulteit Godgeleardens
Fakulteit Underwiis (it Donald Mcintyregebou)
KolleezjeStiftingsjier
Christ’s1505
Churchill1960
Clare1326
Clare Hall1965
Corpus Christi1352
Darwin1964
Downing1800
Emmanuel1584
Fitzwilliam1869 (as Fitzwilliam Hall)
Girton1869
Gonville en Caius1348
Homerton1976
Hughes Hall1886
Jesus1496
King’s1441
Lucy Cavendish1965
Magdalene1428
Murray Edwards (oant 2008 New Hall)1954
Newnham1871
Pembroke1347
Peterhouse1284
Queens’1448
Robinson1979
St Catharine’s1473
St Edmund’s1896
St John’s1511
Selwyn1882
Sidney Sussex1596
Trinity1546
Trinity Hall1350
Wolfson1965
Great Court fan 'Kings College

Keppeling om utens


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: