Westgermaanske talen

De Westgermaanske talen binne in taalgroep fan likernôch fyftjin talen, dy't ien fan 'e beide noch libbene tûken foarmet fan 'e gruttere Germaanske taalfamylje. Hoewol't it oarsprongsgebiet fan 'e Westgermaanske talen yn Midden- en Noardwest-Jeropa leit, hawwe se har troch migraasje en kolonisaasje yn 'e lêste fiifhûndert jier oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, sadat se no ek yn Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en Súdlik Afrika de dominante taalkloft foarmje. Dizze talen wurde hjoed de dei troch krapoan in heal miljard minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de grutste taal út dizze groep is it Ingelsk, op ôfstân folge troch it Dútsk. Metten nei sprekkersoantal is it Nederlânsk de trêde Westgermaanske taal. Ek it Frysk heart ta dizze taalkloft.

Westgermaanske talen
algemien
lokaasjefan oarsprong yn Noardwest-
en Midden-Jeropa
tal talen±15
tal sprekkers±457 miljoen (2004)
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
subgroepenNoardwestgermaansk
Súdwestgermaansk
taalkoades
ISO 639-5gmw
ISO 639-6gmcw
De lokaasje fan 'e Westgermaanske taalkloft yn Jeropa.

Talen en dialekten

It is dreech en jou persiis oan út hoefolle talen oft de Westgermaanske kloft no eins bestiet. Dat leit oan 'e ûnienichheid oer de skiedsline tusken taal en dialekt. It is dúdlik dat Ingelsk, Dútsk, Nederlânsk, Frysk en Jiddysk al fan âlds beskôge waarden as talen. Yn 1925 kaam dêr it Afrikaansk by en yn 1984 it Lúksemboarchsk, doe't dat offisjele erkenning yn it gruthartochdom krige. Sûnt 1996 genietsje ek it Nederdútsk/Nedersaksysk (yn Dútslân en Nederlân), en it Noardfrysk en it Sealterfrysk (beide yn Dútslân) erkenning as taal, yn in 1997 krigen ek it Limboarchsk yn Nederlân en it Skotsk yn Grut-Brittanje dy status.

Fierdersoan beskôgje in protte taalkundigen ek it troch neikommelingen fan Dútske migranten sprutsen Minnistedútsk, Pennsylvaansk, Hutteristedútsk en Wilamowytsersk ornaris as ôfsûnderlike talen. Fierders binne der dan noch in stikmannich taalfoarmen dy't dernei stribje om as taal erkend te wurden. Men kin dan bygelyks tinke oan it Siuwsk/Westflaamsk yn Nederlân en Belgje en it Biltsk yn Fryslân. En ta einbeslút binne der noch talen as it Jenysk (benammen yn Dútslân), dat sprutsen wurdt troch wenweinbewenners, en it Anglo-Romany, in Roma-taal yn Ingelân.

De fersprieding fan 'e Westgermaanske talen yn Jeropa.

Underferdieling

De Westgermaanske talen wurde ûnderferdield yn twa taalkloften, dy't sels ek wer út ûnderskate taalgroepkes besteane:

Der bestiet ek in alternative teory, wêrneffens oft de Westgermaanske talen opdield wurde moatte soene yn trije subgroepen: de Ingveoanske talen (yn boppesteande yndieling de Noardwestgermaanske en Nedersaksyske talen); de Istveoanske talen (de Nederfrankyske talen) en de Irminoanske talen (de Heechdútske talen).

Skiednis

Taalkundigen achtsje it net botte wierskynlik dat de Westgermaanske talen weromgeane op ien mienskiplike oertaal, it Westgermaansk. Ynstee is men fan tinken dat dizze taalkloft by it ûntstean fuort al út ferskate talen bestie. Dat ûntstean fûn om 'e fyfde iuw hinne plak, doe't de taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken útinoar foel yn in Noardgermaanske ienheidstaal (it Oernoardsk) en dus in stikmannich ûnderskate Westgermaanske talen. Neitiid spjalten de Westgermaanske talen har wer op yn twa subgroepen: de Noardwestgermaanske talen (dêr't it Ingelsk en it Frysk út fuortkomme) en de Súdwestgermaanske talen (dêr't it Dútsk en it Nederlânsk út fuortkomme).

In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Westgermaanske taalkloft.

It Aldingelsk is oerlevere fan it begjin fan 'e achtste iuw ôf en it Aldheechdútsk fan 'e ein fan 'e achtste iuw ôf. It Aldsaksysk, dêr't de Nederdútske en Nedersaksyske dialekten fan ôfstamje, is oerlevere fan 'e njoggende iuw ôf (it Aldsaksysk doopûnthjit út 'e achtste iuw net meirekkene). It Aldnederfrankysk (of Aldnederlânsk) is oerlevere fan 'e njoggende of tsiende iuw ôf en it Aldfrysk fan 'e trettjinde iuw ôf (útsein in fragmintaryske psalmoersetting út 'e tolfde iuw).

De ferskillen tusken de Noardwest- en Súdwestgermaanske taalkloften waarden yn en sûnt de Midsiuwen noch fergrutte troch de ynsulêre ûntwikkeling fan it Ingelsk oan 'e iene kant en de Twadde of Heechdútske Klankferskowing yn 'e Heechdútske talen oan 'e oare kant.

Ingveonismen

De ferskillen tusken de Noardwest- en Súdwestgermaanske talen lizze foar in grut part oan in stikmannich saneamd ingveonismen, taalkundige fernijings dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium yn 'e Noardwestgermaanske talen foardiene. Ek yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen hawwe dy fernijings har foar in part oppenearre, mar yn 'e Heechdútske talen alhiel net.

De wichtichste ingveonismen binne:

  • ienheidsmeartal fan tiidwurden (it net mear foarkommen fan ferskillende ferbûgings fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden):
IngelskFryskNederlânskDútsk
we havewy hawwewij hebbenwir haben
you havejimme hawwejullie hebbenihr habt
they havesy hawwezij hebbensie haben
(ienheidsmeartal)(ienheidsmeartal)(ienheidsmeartal)(gjin ienheidsmeartal)
IngelskFryskNederlânskDútsk
he washed himselfhy wosk himhij waste zicher wiesch sich
(gjin aparte foarm)(gjin aparte foarm)(aparte foarm)(aparte foarm)
  • nasaalútfal (de útfal fan in nasale klank foar beskate plof- en wriuwklanken):
IngelskFryskNederlânskDútsk
five [útfal]fiif [útfal]vijf [útfal]nf
soft [útfal]sêft [útfal]zacht [útfal]sanft
other [útfal]oar [útfal]anderander
us [útfal]ús [útfal]onsuns
goose [útfal]goes [útfal]gansGans
  • assibilaasje (klankferskowing fan 'e [k] (k fan "kat") en de [ɡ] (g fan "goed") of [ɣ] (g fan "drage") yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden ta [ʧ] (tsj fan "tsjûk") en [ʤ] (dzj fan "siedzje") of [j] (j fan "jas")):
IngelskFryskNederlânskDútsk
bridge [ass.]brêgebrugBrücke
midge [ass.]michmugcke
hedge [ass.]hagehegHecke
church [ass.]tsjerke [ass.]kerkKirche
chalice [ass.]tsjelk [ass.]kelkKelch
cheese [ass.]tsiis [ass.]kaasKäse
chaff [ass.]tsjêf [ass.]kaf(Spreu)
to churn [ass.]tsjernje [ass.]karnen(buttern)
kettletsjettel [ass.]ketelKessel
yarn [ass.]jern [ass.]garenGarn
yesterday [ass.]juster [ass.]gisterengestern
to yield [ass.]jilde [ass.]geldengelten
to forgetferjitte [ass.]vergetenvergessen

Taalferliking

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e Westgermaanske talen.

taal12345678910
Ingelskonetwothreefourfivesixseveneightnineten
Skotskane
yae
twathriefowerfivesax
sex
seivenaicht
aucht
nyne
neen
ten
Fryskientwatrijefjouwerfiifseissânachtnjoggentsien
Sealterfryskaantwäi
twäin
twoo
träifjauwerfieuwsäkssoogenoachtenjugentjoon
Noardfrysk (Mooring)iinj
ån
tou
tuu
trii
tra
fjouerfiiwseekssoowenoochtnüügentiin
Nederdútsk (Westfaalsk)eeintweidraiveierfiefsösssiewenachtniegentein
Nederlânskeentweedrieviervijfzeszevenachtnegentien
Afrikaanskeentweedrieviervyfsesseweagtnegetien
Siuwskèènetwèèëdrieëvierevuvezessezeuveneachtenegenetiene
Limboarchskeentweejdraiviervaifzeeszeeveaachneugetéin
Lúksemboarchskeenzwéidräifierfönnefsechssiwweaachtenéngzéng
Dútskeinszweidreivierfünfsechssiebenachtneunzehn
Jiddyskeynstsveydrayfirfinfzeksziêbenakhtnayntsen
Pennsylvaansk (Amish)eenszweedreivierefimfesexesiwweachteneinezehe
Switserdútsk (Bernsk)eiszwöidrüviärfüüfsächssebeachtnünzäh

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163.
  • ――, Grote Winkler-Prins Encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.
  • Nieuwenhuijsen, P.M., Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995 (Coutinho), ISBN 9 06 28 39 894.
  • Nooteboom, S.G., en Cohen, A., Spreken en Verstaan: Een Nieuwe Inleiding tot de Experimentele Fonetiek, Assen, 1995 (Van Gorcum), ISBN 9 02 32 29 835.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Citations and Notes en References and Further reading, op dizze side.

🔥 Top keywords: