Alde Testamint

It Alde Testamint (Latyn: Vetus Testamentum) is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't it earste part fan 'e Bibel foarmje, it hillige boek fan it kristendom en it joadendom. Hoewol't it rûchwei oerienkomt mei de Tenach, de joadske bibel, wurdt de namme "Alde Testamint" inkeld yn 'e kristlike kontekst brûkt, om it te ûnderskieden fan it lettere Nije Testamint. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Hebriuwsk, útsein guon passaazjes yn 'e boeken Ezra, Jeremia en Daniël, dy't yn it Arameesk wiene. De earste Fryske oersetting fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1943.

Alde Testamint
algemiene gegevens
oarspr. titelTenach
auteurferskaat (anonym)
taalHebriuwsk, Arameesk
foarmnon-fiksje, proaza, poëzij
sjenrereligiosa
skreaun10e – 2e iuw f.Kr.
bondelBibel
oersetting nei it Frysk
Fryske titelAlde Testamint
publikaasje1943, Haarlim
útjouwerNederlands Bijbelgenootschap
oersetterG.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Ynhâld

It Alde Testament hat boeken mei in grut ferskaat oan ynhâld. Der binne guons dy't histoaryske boeken neamd wurde, om't se de oerlevere ferhalen fan it Joadske folk omfiemje. Fierders binne der boeken mei útspraken fan profeten, wetboeken en boeken mei lieten en spreuken.

De boeken fan it Alde Testamint ferhelje efterinoar fan it oanbegjin en de skepping fan 'e wrâld en de minske troch God, de sûndfloed, de aartsfaars, de Ballingskip yn Egypte, de weromkear fan 'e âlde Hebreeërs nei it Unthjitten Lân, de skiednis fan it keninkryk Israel en letter fan it keninkryk Juda ûnder de rjochters en dêrnei de keningen, de ferrinnewearring fan dy beide keninkriken troch de Babyloaniërs en de Alde Assyriërs, de Babyloanyske Ballingskip en de weromkear fan 'e joaden út Babyloanje, en einigje mei de profesijen fan in hiele rige profeten.

De Kanon

De gearstalling fan 'e kanon fan it Alde Testamint, de samling fan erkende boeken dus, is binnen de kristlike tsjerken in hjit hingizer. De protestantske denominaasjes erkenne inkeld de 24 boeken fan 'e joadske Tenach, sij it yn in folslein oare yndieling, sadat it yn harren Alde Testamint 39 boeken wurden binne. De Roomsk-Katolike Tsjerke erkent al dy 39 en noch 7 oaren deropta, sadat it totaal op 46 komt. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke hat noch 3 oaren, mar foeget ek wer 2 boeken gear, en komt yn totaal dus op 48, en de Russysk-Otterdokse Tsjerke hat de 46 roomske en de 4 Gryksk-otterdokse boeken plus noch 1 ekstra: 51 dus. De Georgysk-Otterdokse Tsjerke hat noch wer ien ekstra, wat it totaal op 52 bringt. De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke komt mei in folslein oare yndieling út op 46 boeken, wêrby't ûnderskate fan 'e protestantske bibelboeken geartroppe binne, wylst der oare, yn it Westen folslein ûnbekende teksten tafoege binne. Boeken dy't net ta de kanon (fan in beskate tsjerke) hearre, wurde (yn dat fermidden) de apokrife of deuterokanonike boeken neamd. Yn guon protestantske streamings wurde sokke apokrife boeken oan 'e ein fan it Alde Testamint opnommen as in nuttige mar net offisjeel erkende taheakke, mar yn oare, strangere, denominaasjes wurdt dat wer beslist net dien.

Yndieling

De boeken fan it Alde Testamint, wat harren gearstalling ek krekt wêze mei, wurde tradisjoneel opdield yn in stikmannich groepkes, te witten: Wet, Skiednis, Poëzij en Wiisheid, Grutte Profeten en Lytse Profeten. Dizze yndieling is lykwols ûnoffisjeel en yn gjin inkele bibel as sadanich werom te finen.

De ûnderskate bibelboeken

Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Alde Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978.

Yn 'e kanon fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke folgje de boeken Tobit en Judit fuort nei Nehemia, wylst Ester (Gryksk) oan Ester tafoege is. Nei Ester komme 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs en nei it Heechliet folgje de Wysheid fan Salomo en Jezus Sirach. Barûch (it Brief fan Jeremia ynbegrepen) stiet tusken Kleilieten en Ezechiël yn; Azarja (of It Liet fan Azarja) foarmet in passaazje fan it boek Daniël (nei Daniël 3:23); en Suzanne en Bel en de Draak binne oan Daniël tafoege as de beide lêste haadstikken.

Ferliking fan ûnderskate yndielings fan it Alde Testamint

nû.joadendomprotestantske tsjerkenRoomsk-Katolike TsjerkeGryksk-Otterdokse TsjerkeRussysk-Otterdokse TsjerkeGeorgysk-Otterdokse TsjerkeEtiopysk-Otterdokse Tsjerke
1ḆerešiṯGenesisGenesisGenesisGenesisGenesisGenesis
2ŠemotExodusExodusExodusExodusExodusExodus
3VayikraLeviticusLeviticusLeviticusLeviticusLeviticusLeviticus
4ḆamidḇarNumeriNumeriNumeriNumeriNumeriNumeri
5DeḇarimDeuteronomiumDeuteronomiumDeuteronomiumDeuteronomiumDeuteronomiumDeuteronomium
6YehošuaJozuaJozuaJozuaJozuaJozuaJozua
7ŠofṭimRjochtersRjochtersRjochtersRjochtersRjochtersRjochters
8Šmu'elRuthRuthRuthRuthRuthRuth
9Melaḵim1 Samuël1 Samuël (of 1 Keningen)1 Samuël (of 1 Keningen)1 Samuël (of 1 Keningen)1 Samuël (of 1 Keningen)Samuël
10Yešayahu2 Samuël2 Samuël (of 2 Keningen)2 Samuël (of 2 Keningen)2 Samuël (of 2 Keningen)2 Samuël (of 2 Keningen)Keningen
11Yirmiyahu1 Keningen1 Keningen (of 3 Keningen)1 Keningen (of 3 Keningen)1 Keningen (of 3 Keningen)1 Keningen (of 3 Keningen)1 Kroniken
12Yeḥezq'el2 Keningen2 Keningen (of 4 Keningen)2 Keningen (of 4 Keningen)2 Keningen (of 4 Keningen)2 Keningen (of 4 Keningen)2 Kroniken (ynkl. Gebed fan Manasse)
13Ṯrei Asar1 Kroniken1 Kroniken1 Kroniken1 Kroniken1 KronikenJubileeën
14Ruṯ2 Kroniken2 Kroniken2 Kroniken2 Kroniken2 KronikenHenoch
15ṮehillimEzraEzra (of 1 Ezra)Ezra (Gryksk) of 1 Ezra1 Ezra1 EzraEzra-Nehemia
16IyyoḇNehemiaNehemia (of 2 Ezra)Ezra-Nehemia of 2 Ezra2 Ezra2 EzraEzra Kali en Ezra Sutu'el
17MišleiEsterTobitTobit3 Ezra3 EzraTobit
18QoheleṯJobJuditJuditNehemiaNehemiaJudit
19Šir HašširimPsalmenEster (ynkl. Ester (Gryksk))Ester (ynkl. Ester (Gryksk))TobitTobitEster (ynkl. Ester (Gryksk)
20EiḵahSpreuken1 Makkabeeërs1 MakkabeeërsJuditJudit1 Meqabyan
21Dani’elPreker2 Makkabeeërs2 MakkabeeërsEster (ynkl. Ester (Gryksk)Ester (ynkl. Ester (Gryksk)2 en 3 Meqabyan
22EsṯerHeechlietJob3 Makkabeeërs1 Makkabeeërs1 MakkabeeërsJob
23EzraJesajaPsalmenJob2 Makkabeeërs2 MakkabeeërsPsalmen
24Diḇrei ha-YamimJeremiaSpreukenPsalmen (ynkl.
Psalm 151 en Oaden)
3 Makkabeeërs3 MakkabeeërsMessalë (Spreuken 1-24)
25KleilietenPrekerSpreukenJob4 MakkabeeërsTägsas (Spreuken 25-31)
26EzechiëlHeechlietPrekerPsalmen (ynkl.
Psalm 151 en Oaden)
JobWysheid fan Salomo
27DaniëlWysheid fan SalomoHeechlietGebed fan ManassePsalmen (ynkl.
Psalm 151 en Oaden)
Preker
28HoséaJezus SirachWysheid fan SalomoSpreukenGebed fan ManasseHeechliet
29JoëlJesajaJezus SirachPrekerSpreukenJesaja
30AmosJeremiaJesajaHeechlietPrekerJeremia (ynkl. Kleilieten,
Brief fan Jeremia, Barûch en 4 Barûch
31ObadjaKleilietenJeremiaWysheid fan SalomoHeechlietEzechiël
32JonaBarûch
(ynkl. Brief fan Jeremia)
KleilietenJezus SirachWysheid fan SalomoDaniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
33MichaEzechiëlBarûchJesajaJezus SirachHoséa
34NahumDaniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
Brief fan JeremiaJeremiaJesajaAmos
35HabakukHoséaEzechiëlKleilietenJeremiaMicha
36SefanjaJoëlDaniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
BarûchKleilietenJoël
37HaggaiAmosHoséaBrief fan JeremiaBarûchObadja
38SacharjaObadjaJoëlEzechiëlBrief fan JeremiaJona
39MaleächyJonaAmosDaniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
EzechiëlNahum
40MichaObadjaHoséaDaniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
Habakuk
41NahumJonaJoëlHoséaSefanja
42HabakukMichaAmosJoëlHaggai
43SefanjaNahumObadjaAmosSacharja
44HaggaiHabakukJonaObadjaMaleächy
45SacharjaSefanjaMichaJonaJezus Sirach
46MaleächyHaggaiNahumMichaJosippon
47SacharjaHabakukNahum
48MaleächySefanjaHabakuk
49HaggaiSefanja
50SacharjaHaggai
51MaleächySacharja
52Maleächy

Ynterpretaasje fan it Alde Testamint

De kristenen neame it earste part fan de Bibel it Alde Testamint om't it neffens harren ferwizings befettet dy't nei de komst fan harren ferlosser Jezus Kristus ferwize soene en om't it oan it Nije Testamint foarôfgiet. Yn it Nije Testamint wurde dêrom foar it Alde Testamint ek de nammen "Earste Ferbûn" of "Earste Testamint" brûkt, mar dy nammen slane mear op it ferbûn dat yn it Alde Testamint beskreaun wurdt as op 'e Aldtestamintyske boeken sels.

Fryske oersetting

De earste Fryske oersettings út it Alde Testamint betroffen fragmintaryske passaazjes yn Aldfryske rjochtsteksten út 'e Midsiuwen, de âldste út 'e trettjinde iuw en benammentlik fan Exodus 20:1-17 (de Tsien Geboaden). Dêrnei waard yn 'e njoggentjinde iuw úteinsetten mei fragmintaryske oersettings út 'e rest fan it Alde Testamint, wylst om 1900 hinne ferskate âldtestamintyske bibelboeken yn har gehiel ferfryske waarden (Joël, Ruth, Jona). It hiele Frysktalige Alde Testamint kaam út yn 1943, wat de bibeloersetting fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma folslein makke (it Nije Testamint wie yn 1933 al útkommen). Fan 1966 ôf waard der wurke oan in totaal nije bibeloersetting, dy't yn 1978 ferskynde as de Nije Fryske Bibeloersetting. Dy is noch altiten yn gebrûk, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Bibliography en Further reading, op dizze side.


Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
🔥 Top keywords: