Armeenske kalinder

De Armeenske kalinder begjint yn jier 552 n.Kr.De jiertallen wurde mei ien oant fjouwer letters út it Armeenske alfabet wei skreaun, en begjint mei "՟ԹՎ" foar թվին (t‘vin = jier). Omdat de Armeenske kalinder allyk oprint mei de westerske Gregoariaanske kalinder kinst in ienfâldige rekkensom meitsje.

Wannear't skreaun is: ԹՎ ՈՀԳ moatst mei help fan de ûndersteande tabel de neikommende rekkensom meitsje.

  • ԹՎ betsjut dat wy fan in jiertal prate
  • Ո stiet foar 600
  • Հ stiet foar 70
  • Գ stiet foar 3

Dan krijst dizze rekkensom 600+70+3+551= it jier 1224.


Armeneenske sifers
ArmeenskTransliteraasjeArabysk
ԱA1
ԲB2
ԳG3
ԴD4
ԵE5
ԶZ6
Է7
ԸĚ8
ԹT‘9
ԺŽ10
ԻI20
ԼL30
ԽX40
ԾC50
ԿK60
ՀH70
ՁJ80
ՂŁ90
ՃČ100
ՄM200
ՅY300
ՆN400
ՇŠ500
ՈO600
ՉČ‘700
ՊP800
Ջ900
Ռ1000
ՍS2000
ՎV3000
ՏT4000
ՐR5000
ՑC‘6000
ՒW7000
ՓP‘8000
ՔK‘9000
🔥 Top keywords: