Damaskus

Damaskus (Arabysk: دمشق, Dimasjq of (Dimasjq) al-sham) is de haadstêd fan Syrje. It is ien fan de âldste stêden op 'e wrâld en miskien wol de âldste. Der wennen om-ende-by 1,5 miljoen minsken (2005). Yn de folksmûle hiet de stêd Sjam.

Damaskus
Polityk
Lân Syrje
GûvernemintDamaskus
BoargemasterBishr Al Sabban (gûverneur)
Sifers
Ynwennertal1.834.741 (2010)
Oerflak77 km²
Befolkingsticht.23.827,8 km²
Stêdekloft2.831.738 (2010)
Hichte680 m
Oar
Stiftingnet bekend
TiidsôneEET (UTC+2)
SimmertiidEEST (UTC+3)
Koördinaten
Offisjele webside
Gûvernemint Damaskus
Stege yn de âlde binnenstêd
De stedsdistrikten fan Damaskus

De stêd leit yn in tige grutte en fruchtbere oaze en hat har bestien te tankjen oan de rivier Barada, dy't de oaze fan wetter foarsjocht.

Skiednis

De earste archeologyske fynsten dien yn Damaskus datearren fan om-ende-by 2500 f.Kr. De earste fermelding fan Damaskus yn skriften datearret fan 1500 f.Kr.

Damaskus wie haadstêd fan in krêftich ryk fan Arameejers yn de 9e iuw f.Kr. De Assyrjers ûnder Sargon II feroveren de stêd yn 732 f.Kr. Letter gong de stêd oer nei it Nij-Babylonyske Rijk en noch wer letter nei it ryk fan de Achaemeniden yn Perzje. Yn 332 f.Kr. ferovere it leger fan Aleksander de Grutte de stêd en sûnt dy tiid bleau de stêd sân tûzen jier ûnder ynfloed fan Hellenistyske en Romeinske kulturen.

Yn 635 waard de stêd troch de Arabieren oermastere. Under de dynastie fan de Omajjaden waard Damaskus haadstêd fan it Arabyske Ryk fan 661 oant 750. Dat tiidrek jildt as de bloeitiid fan de stêd, dêr't ferskate grutte moskeeën yn boud waarden, dêr't de Omajjadenmoskee fierwei de wichtichste fan is. Yn 750 waarden de Omajjaden ferslein troch de Abbasiden en ferlear Damaskus har funksje as haadsted fan it ryk oan Bagdad.

Yn 1260 feroveren de Mammelukken de stêd.

Yn 1516 waard de stêd troch de Osmanen ferovere en makke diel út fan it Osmaanske Ryk, dêr't de stêd oant en mei de Earste Wrâldkriich by bliuwe soe. Yn de dy kriich naam generaal Allenby de stêd yn mei it Britske leger en troch stipe fan Arabyske troepen. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Syrje ûnôfhinklik en Damaskus de haadstêd fan dat lân.

Sûnt it begjin fan de boargeroarloch yn 2011 binne ek ferskate wiken fan Damaskus troch gefjochtshannelingen rekke.

Nijsgjirrichheden

Omajjadenmoskee yn Damaskus

Nijsgjirrichheden binne ûnder mear:

  • de grêftombe fan Saladin
  • it hûs fan Ananias - no in tsjerke
  • de Grutte moskee fan Damaskus (ek wol Ommajjadenmoskee neamd)
  • it grutte oantal fonteinen yn de stêd

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: