Eastbiltsk

It Eastbiltsk is de foarm fan it Biltsk, sa't dat sprutsen wurdt yn it eastlike part fan 'e Nederlânske gemeente It Bilt, dy't ta de provinsje Fryslân heart. It taalgebiet fan dit dialekt omfiemet benammentlik de doarpen Froubuorren en Aldebiltsyl, wylst Sint Anne en Nij-Altoena in tuskenposysje ynnimme tusken it Eastbiltsk en it Westbiltsk. It Eastbiltsk ûnderskiedt him fan it Westbiltsk trochdat de ynfloed fan it Frysk yn it easten fan it Bilt iuwenlang folle sterker west hat as yn it westen. It Eastbiltsk is dus in "minder suvere" foarm fan it Biltsk, om it samar út te drukken.

Eastbiltsk
algemien
eigen nammeOastbildts
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers? (gjin gegevens)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Biltsk
                    ● Eastbiltsk
dialektengjint

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Buwalda, H.S., Buwalda, S.H., en Burg, A.C.B. van der, Woordeboek fan 't Bildts, Ljouwert, 1996 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 309.
Talen en Dialekten yn Fryslân
FryskAastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk           Flylânsk †
Nedersaksysk  Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)
🔥 Top keywords: