Súdwesthoeksk

It Súdwesthoeksk, ek wol Súdhoeksk neamd, is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn 'e lânstreek dy't bekend stiet as de Súdwesthoeke, en dy't it súdwestlike part fan 'e provinsje Fryslân beslacht. Dat is in gebiet dat begrinzge wurdt troch de Iselmar yn suden en westen, en yn it noarden en easten rûchwei troch in tinkbyldige line fan Warkum oer De Jouwer en It Hearrenfean nei Skoattersyl ta. Neffens in skatting op grûn fan gegevens út 2004 soe it Súdwesthoeksk yn 'e provinsje Fryslân sprutsen wurde troch likernôch 58.000 minsken; hoefolle Friezen om utens oft Súdwesthoeksk sprekke, is net dúdlik.

Súdwesthoeksk
algemien
oare namme(n)Súdhoeksk
eigen nammeSúdwesthoeks
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers58.000 (2004, skatting)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Súdwesthoeksk
dialektenLemsterlânsk
taalstatus
offisjele statusgjint
erkenning as
minderheidstaal
gjint

Taaleigenskippen

It ûntbrekken fan 'e nijere brekking

It Súdwesthoeksk wykt folle sterker fan it Standertfrysk ôf as de oare trije Fryske haaddialekten. Foar in grut part komt dat trochdat yn it Súdwesthoeksk de saneamde nijere brekking (of Nijfryske brekking) nea trochfierd is, wylst dy yn 'e oare trije haaddialekten in promininte posysje ynnimt. Dat taalkundich ferskynsel beslacht yn it Standerfrysk de brekking fan in seistal twaklanken, wêrby't dy yn besibbe wurdfoarmen in oare útspraak krije:

De lokaasje fan it Súdwesthoekske dialekt yn it Fryske taalgebiet.
twaklankIPAgrûnwurdútspraakferbûgde foarmútspraak
ea[ɪ.ǝ]beam[bɪ.ǝm]"bì-um"beammen['bjɛmǝn]"bjemmen"
ie[i.ǝ]stien[sti.ǝn]"sty-un"stiennen['stjɪnǝn]"stjinnen"
oa[o.ǝ]doas[do.ǝs]"do-us"doaske['dṷɑskǝ]"dwaske"
oai[o:i̭]moai[mo:i̭]"moa-y"moaier['mṷa:iər]"mwaajer"
oe[u.ǝ]hoed[hu.ǝd]"hû-ud"huodden['hṷodən]"hwodden"

De âldere brekking (of Aldfryske brekking), yn wurden as "rjocht" en "wjek", is folle âlder en komt oer it algemien wol yn it Súdwesthoeksk foar. Troch it ûntbrekken fan 'e nijere brekking wurde lykwols de yn 'e tabel hjirboppe neamde twaklanken yn it Súdwesthoeksk útsprutsen as ienklanken of as oare twaklanken:

wurdStandertfryske útspraakSúdwesthoekske útspraak
eart[jɛt]"jet"[ɛt]"et"
stiennen['stjɪnən]"stjinnen"['stinən]"stinen"
boadskip['bṷɑtskɪp]"bwatskip"['bɔtskɪp]"bòtskip"
skoalle['skṷɑlə]"skwalle"[skœl(lə)]"skul(le)"
moaier['mṷa:iər]"mwaajer"[mo:iər]"moajer"
fuotten['fṷotǝn]"fwotten"['fœtən]"futten"
borduerje[bɔr'djœrjə]"bòrdjurje"[bɔr'dy.ərjə]"bòrdúërje"

In oar, tige bekend foarbyld fan dit ferskynsel is dat men yn it Súdwesthoeksk net fan "woartels" (['wṷɑtəls], "wûattels") sprekt , mar fan wurtels (['wœtəls], "wuttels").

Oare ôfwikings

Behalven troch it ûntbrekken fan 'e nijere brekking ûnderskiedt it Súdwesthoeksk him ek trochdat it fanwegen syn geografyske lokaasje yn 'e Súdwesthoeke in folle sterkere ynfloed fan earst de Hollânske dialekten en letter it Standertnederlânsk ûndergien hat as de oare Fryske haaddialekten. As resultaat dêrfan wurdt yn it Súdwesthoeksk de Fryske [u] (û) foar dintale bylûden (d, t, l, s, z) útsprutsen as [y] (ú): fúst ynstee fan "fûst", kút ynstee fan "kût", púd ynstee fan "pûde" en hús ynstee fan "hûs".

Ek bestiet yn it Súdwesthoeksk it ferskynsel dat taalkundigen oantsjutte as konsonanteklusterreduksje, dus it falle litten fan ien of mear bylûden út in searje konsonanten efterinoar:

wurdStandertfryske útspraakSúdwesthoekske útspraak
rjocht[rjoxt]
[rjœxt]
"rjocht"
"rjucht"
[rœxt]
[ryxt]
"rucht"
"rúcht"
ljocht[ljɔxt]"ljòcht"[lɔxt]"lòcht"
Ljouwert['ljaṷwət]
[ljaṷt]
"'ljauwet"
"ljaut"
['laṷwət]"lauwet"
leaver[ljɛʋɛr]"ljewwer"[laṷwər]
[lɛ.ṷwər]
"lauwer"
"lêûwer"

Oare typysk Súdwesthoekske foarmen binne bygelyks:

wurdStandertfryske útspraakSúdwesthoekske útspraak
bern[bɛ:n]
[bɛn]
"bên"
"ben"
[bɑn]"ban"
board[bṷɑt]"bwat"[bœt]"but"
boerd[bu.ət]"bû-et"[bœt]"but"
fal[fɔl]"fòl"[fɑl]"fal"
jiske['jɪskə]"jiske"['ɪskə]"iske"
laitsje['lɔiʧə]
['lɑiʧə]
"lòitsje"
"laitsje"
['la:kjə]"laakje"
man[mɔn]"mòn"[mɑn]"man"
moanne['mṷɑnə]"mwanne"[mɔn]"mòn"
neat[nɪ.ət]"nì-et"[nɑt]"nat"
net[nɛt]"net"[nɪt]
[nɑt]
[na:t]
"nit"
"nat"
"naat"
op[op]"op"[ɑp]"ap"
rinne['rɪnə]"rinne"['ronə]"ronne"
sinne['sɪnə]"sinne"['sonə]"sonne"

Subdialekten

Der bestiet in beheinde mjitte fan taalfariaasje binnen it Súdwesthoekske dialektgebiet, dy't benammentlik delkomt op útspraakferskillen. Sokke ferskillen binne lykwols oer it algemien net bot oan beskate kriten bûn. Regionaal wykt inkeld it Lemsterlânsk frij sterk ôf, dat sprutsen wurdt yn it eastlike part fan 'e eardere gemeente Lemsterlân, en dat in frij sterke ynfloed fan 'e oanswettende Nedersaksyske dialekten fan 'e Stellingwerven en de Kop fan Oerisel ûndergien hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
Talen en Dialekten yn Fryslân
FryskAastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk           Flylânsk †
Nedersaksysk  Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)
🔥 Top keywords: