Wâldfrysk

Frysk dialekt

It Wâldfrysk is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn 'e Wâlden, it eastlike part fan 'e provinsje Fryslân, rûchwei tusken Dokkum yn it noarden, Ljouwert, de Alde Feanen en It Hearrenfean yn it westen en de Stellingwerven yn it suden. Yn it easten wurdt it begrinzge troch de provinsjegrins mei Grinslân en Drinte, útsein tusken Surhústerfean en Fryske Peallen, want dêr rint it Wâldfryske taalgebiet troch yn 'e provinsje Grinslân, yn 'e trijehoeke tusken de doarpen Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein.

Wâldfrysk
algemien
eigen nammeWâldfrysk, Woodfrysk
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers157.000 (2004, skatting)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Wâldfrysk
dialektenWestereindersk
taalstatus
offisjele statusgjint
erkenning as
minderheidstaal
gjint

Namme

It Wâldfrysk tanket syn namme oan syn taalgebiet, dêr't beamwâlen brûkt wurde as ôfskieding tusken greiden en ikkers. Yn it westen en noardeasten fan 'e provinsje wurde foar dat doel sleatten brûkt, mar yn 'e Wâlden soe dan it wetter fluch yn 'e sânige grûn weisakje.

De lokaasje fan it Wâldfryske dialekt yn it Fryske taalgebiet.

Wâldfryske subdialekten

Der bestiet in beheinde mjitte fan taalfariaasje binnen it Wâldfryske dialektgebiet, dy't benammentlik delkomt op útspraakferskil. Sa wurde bygelyks yn it noarden wurden as "hiel" en "giel" útsprutsen as hiel en giel, wylst yn 'e rest fan it Wâldfryske gebiet (en yn alle oare Fryske haaddialekten) fan heel en geel sein wurdt. Teffens is de útspraak lizze en sizze foar "lizze" en "sizze" yn in diel fan it Wâldfryske gebiet húsriem, wylst frijwol oeral oars yn Fryslân fan leze en seze sprutsen wurdt. Regionaal wykt it Westereindersk, fan it doarp De Westerein, yn 'e noardlike Wâlden, lykwols fierwei it measte fan 'e rest fan it Wâldfrysk ôf. Dat subdialekt brûkt karakteristike foarmen as reen foar "rein" en Woden foar "Wâlden".

Sprekkers

Neffens in skatting op grûn fan gegevens út 2004 soe it Wâldfrysk yn 'e provinsje Fryslân en yn 'e oangrinzgjende Grinslânske trijehoek Mearum-De Wylp-De Grinzer Pein sprutsen wurde troch likernôch 157.000 minsken. Hoefolle Friezen om utens oft Wâldfrysk sprekke, is net dúdlik.

Ferskillen mei it Klaaifrysk

De ferskillen tusken it Wâldfrysk en it Klaaifrysk, it oare grutte Fryske dialekt, binne sa lyts dat yn dit ferbân it wurd "dialekten" eins in te sterke term is; men soe better sprekke kinne fan "taalfarianten". Lykwols binne der in stikmannich – alteast foar Friezen  – tige yn it each springende ferskillen, sawol op fonologysk as leksikaal mêd.

Fonologyske Ferskillen

Nei alle gedachten wurdt it bekendste ferskil tusken it Wâldfrysk en it Klaaifrysk foarme troch de wurden "my", "dy", "hy", "sy", "wy" en "by", dy't yn it Wâldfrysk útsprutsen wurde mei in [i], en dus rime op "bry" (de Frânske tsiis). Yn it Klaaifrysk wurde dizze wurden lykwols útsprutsen mei in [ɛi̭], en rime se op "brij". Fierders bestiet der in hast like bekend ferskil yn 'e útspraak fan 'e twaklanken "ei", "ai" en "aai". Dy wurde yn it Wâldfrysk krekt sa útsprutsen as yn it Nederlânsk, nammentlik as [ɛi̭], [ai̭], resp. [a:i̭]. Yn it Klaaifrysk, lykwols, wurdt de "ai" útsprutsen as koarte [ɔi̭], lykas yn it Dútske Leute, wylst sawol de "ei" as de "aai" reälisearre wurdt as de langere fariant [ɔ:i̭], dy't men yn it Frysk skriuwe kinne soe as "ôi". Mei oare wurden, yn it Wâldfrysk heart men yn 'e útspraak gjin ferskil tusken "ei" en "ij", wylst men yn it Klaaifrysk yn 'e útspraak gjin ferskil heart tusken "ei" en "aai".

Oare, minder bekende klankferskillen binne bygelyks:

WâldfryskKlaaifrysk
do
prûmprom
tûmetomme
nêkenneaken
krêkjekreakje
wêkweak
gjersgers
kjerskers
kjelkel

Yn it Standertfrysk, dat nochal wat fariaasje talit, binne almeast beide foarmen tastien.

Leksikale Ferskillen

Tusken it Wâldfrysk en it Klaaifrysk komme mar njoggentjin leksikale ferskillen foar. Foarbylden binne:

WâldfryskKlaaifrysk
saterdeisneon
mychammel
mychhimmel
eamel
eamelder
flijflues
riuweharke
motsûch

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
Talen en Dialekten yn Fryslân
FryskAastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk           Flylânsk †
Nedersaksysk  Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)
🔥 Top keywords: