Gdańsk

Gdańsk (Poalsk: Gdańsk; Dútsk: Danzig; Kasjûbysk: Gduńsk; Nederlânsk Danzig (âldfrinzich: Dantzig of Danswijk); Frânsk: Dantzig)) is in havenstêd yn it noarden fan Poalen oan de Eastsee. Der wennen 455.830 minsken yn juny 2009.

Gdańsk
FlaggeWapen
Polityk
Lân Poalen
WoiwodskipWoiwodskip Pommeren
Gemeente
Sifers
Ynwennertal460.815↑ (2013)
Oerflak262 km² (ynkl. wetter)
km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens1.739 / km² (2011)
Stêdekloft1.080.700 (2013)
Oar
Stifting10e iuw
TiidsôneCET UTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidegdansk.pl
De âlde haven fan Gdańsk

Ut de skiednis

Gdańsk krige yn 1263 stedsrjochten en wie eartyds in Hânzestêd, mei de Dútske namme Danzig. As gefolch fan de Earste Wrâldkriich waard Gdańsk ûnder de namme Freie Stadt Danzig in steat apart fan Dútslân en Poalen. Yn 1923 wie 95,03 persint fan de ynwenners fan Dútsk komôf. Mei de Dútske ynfal yn Poalen kaam Gdańsk by it Tredde Ryk. Nei de Twadde Wrâldkriich yn 1945 waard Gdańsk weromjûn oan Poalen.

Ynwennertal

Berne yn Gdańsk

  • Günter Grass, Dútsk skriuwer
  • Daniel Gabriel Fahrenheit, Dútsk natuerkundige
  • Klaus Kinski, Dútsk akteur
  • Johannes Hevelius, Poalsk astronoom
  • Arthur Schopenhauer, Dútsk filosoof

Ferneamde bewenners

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Gdańsk

🔥 Top keywords: