Kirk Douglas

Kirk Douglas (wiere namme: Issur Danielovitch; Amsterdam (New York), 9 desimber 1916Beverly Hills (Kalifornje), 5 febrewaris 2020) wie in Amerikaansk akteur, filmprodusint, regisseur, filantroop en skriuwer. Hy groeide op yn earmoedige omstannichheden en tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch by de Amerikaanske Marine. Douglas makke syn debút as filmakteur yn 1946 en ûntjoech him yn 'e 1950-er jierren ta in Hollywoodstjer, mei rollen yn films as Champion, Young Man with a Horn, Detective Story, The Bad and the Beautiful, Lust for Life, Gunfight at the O.K. Corrall en The Vikings. Yn 'e 1960-er jierren belibbe er syn grutste súksessen, mei films as Spartacus, Lonely Are the Brave, Seven Days in May en The Heroes of Telemark. Douglas holp om 'e Swarte List fan Hollywood ûnder fuotten te heljen troch de as kommunist weisetten Dalton Trumbo iepentlik it senario skriuwe te litten foar Spartacus.

Kirk Douglas
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeIssur Danielovitch
nasjonaliteit Amerikaansk
berne9 desimber 1916
berteplakAmsterdam (New York)
stoarn5 febrewaris 2020
stjerplakBeverly Hills (Kalifornje)
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf19462008
prizenGolden Globe 1957
Cecil B. DeMille Award 1968
César du Cinéma 1980
Pres. Frijheidsmedalje 1981
Légion d'Honneur 1990
Eare-Oscar 1996
SAG Award 1999
Gouden Earebear 2001
offisjele webside
n.f.t.

Yn 1963 spile Douglas op Broadway yn 'e toanieladaptaasje fan One Flew over the Cuckoo's Nest, dêr't er de filmrjochten op kocht. Dy droech er letter oer oan syn soan Michael, dy't der in mei ferskate Oscars bekroande film fan makke. Sels waard Douglas trije kear nominearre foar de Oscar foar bêste akteur. Dy wûn er nea, mar hy wûn wol in Golden Globe foar bêste akteur, en fierders oeuvreprizen as de Cecil B. DeMille Award, de Eare-Oscar en de Gouden Earebear. Op 'e ranglist fan Grutste Manlike Filmlegindes út Hollywood, fan it Amerikaansk Filmynstitút, nimt Douglas it santjinde plak yn. Mei syn twadde frou Anne Buydens joech er miljoenen dollars wei oan goede doelen. Hy oerlibbe in helikopterûngemak yn 1991 en in oerhaal yn 1996, en wie de lêste noch libjende stjer út it saneamde Gouden Tiidrek fan Hollywood. Douglas kaam yn 2020 yn 'e hege âlderdom fan 103 jier te ferstjerren.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Douglas waard yn 1916 berne yn Amsterdam, yn 'e Amerikaanske steat New York, as Issur Danielovitch (Jiddysk: איסר דניאלאָוויטש‎). Hy wie de soan fan Herschel "Harry" Danielovitch (1884-1950) en dy syn frou Bryna "Bertha" Sanglel (1884-1958), dy't allebeide etnysk Joadske emigranten wiene út Tsjavûsy, by Mogilev, yn it diel fan it Keizerryk Ruslân dat no Wyt-Ruslân foarmet. Douglas wie de iennichste jonge yn in húshâlding mei seis dochters dêr't yn 'e hûs Jiddysk sprutsen waard. In omke oan heitekant, dy't earder emigrearre wie, hie by oankomst yn 'e Feriene Steaten de efternamme Demsky oannommen, en Douglas syn heit hie dat foarbyld folge. Sadwaande groeide Douglas op as Izzy Demsky.

Syn jonkheid brocht Douglas troch yn djippe earmoede, sa't er letter beskriuwe soe yn syn autobiografy The Ragman's Son, dy't er yn 1988 publisearre. Syn heit, dy't yn Ruslân hynstekeapman west hie, waard yn Amearika in foddejoad, dy't fodden, stikjes metaal en oare rommel opkocht om it guod te recycljen, al bestie dat wurd doe fansels noch net. Syn heit wie in agressive alkoholist, dy't amper nei syn húshâlding omseach. It wie Douglas syn stiiffêst doel om oan 'e earmoede te ûntkommen en 'it te meitsjen' as akteur, fan it stuit ôf dat er op 'e beukerskoalle ris it gedicht The Red Robin of Spring opsei en dêr applaus foar krige. As opslûpen jonge ferkocht er hapkes oan fabryksarbeiders om genôch jild te fertsjinjen dat er molke en bôle foar himsels, syn mem en syn susters keapje koe. Letter besoarge er kranten en hied er mear as fjirtich oare baantsjes ear't er as akteur oan it wurk gie.

Nei't er yn 1934 slagge foar syn eineksamens yn it fuortset ûnderwiis oan 'e Amsterdam High School, woe Douglas fierder leare, mar dêr hied er it jild net foar. Dêrom prate er himsels nei binnen yn it kantoar fan 'e rektor fan 'e St. Lawrence Universiteit yn Canton, dy't er syn treflike siferlist fan 'e middelbere skoalle sjen liet. Hy wist foarinoar te krijen dat er om syn lesjild fan te beteljen in liening krige, dy't er werombetelle troch yn syn frije tiid op 'e universiteit as túnman en konsjerzje te wurkjen. Ek wied er in prominint lid fan it universitêr wrakselteam, en ien simmerfakânsje brocht Douglas troch mei wrakseljen op 'e merke om dêrmei jild te fertsjinjen. Yn 1939 rûne er syn stúdzje ôf mei it beheljen fan in bachelorgraad.

Kirk Douglas (1939).

Neitiid krige Douglas omreden fan syn akteartalint in spesjale stúdzjebeurs fan 'e Amerikaanske Akademy foar Toanielkeunst (AADA) yn New York, dêr't er yn 'e kunde kaam mei syn earste frou, Diana Dill. In oarenien fan syn klasgenoaten dêre wie Betty Joan Perske, dy't letter wrâldferneamd wurde soe ûnder de namme Lauren Bacall, en dy't smoarfereale op Douglas rekke. It wie yn dy snuorje dat Douglas de artystenamme 'Kirk Douglas' betocht en syn namme ek formeel feroarje liet. Yn dy tiid wie it hiel gewoan foar lju út 'e entertainmentyndustry om ûngewoane of bûtenlânsk klinkende nammen te feroarjen, sa't bygelyks ek Douglas syn maat Karl Malden (Mladen Sekulovich) en lju as John Wayne (Marion Morrison), Cary Grant (Archibald Leach) en Fred Astaire (Frederick Austerlitz) diene.

Militêre tsjinst

Yn desimber 1941, koart nei't de Feriene Steaten troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekke wiene, naam Douglas tsjinst by de Amerikaanske Marine. Dêr tsjinne er as kommunikaasjeofsier by de bestriding fan dûkboaten op 'e USS PC-1139. Yn 1944 waard er earfol ûntslein fanwegen oarlochsferwûnings oprûn by in ûngemak mei in djiptebom.

Aktearkarriêre

Iere jierren

Nei de oarloch kearde Douglas werom yn New York, dêr't er wurk fûn as akteur op it toaniel en yn harkspullen en reklamespotsjes op 'e radio. De harkspullen dêr't er yn spile wiene oer it algemien soapsearjes fan 'e grutte radionetwurken ABC, NBC en CBS. Douglas seach dat as weardefolle oefening yn it gebrûk fan syn stim by it aktearjen. Syn trochbraak op it toaniel kaam doe't er de rol oernaam dy't earder troch Richard Widmark spile wie yn it toanielstik Kiss and Tell. Dêrnei waarden him foar it earst rollen oanbean.

Kirk Douglas mei Lauren Bacall yn Young Man with a Horn, út 1950.

Douglas wie eins fan doel west om toanielakteur te bliuwen, en it wie syn freondinne Lauren Bacall dy't him syn earste filmrol besoarge troch him oan te rikkemandearjen by filmprodusint Hal B. Wallis, doe't dy op 'e sneup wie nei nij manlik talint. Douglas makke yn 1946 syn filmdebút yn Wallis syn The Strange Love of Martha Ivers, mei yn 'e haadrol Hollywoodstjer Barbara Stanwyck. Hy spile yn dy film in jonge, jaloerske man dy't ûnwis fan himsels wie en waans libben behearske waard troch syn ûnmeilydsume frou, sadat er soelaas socht yn alkohol. Dat wie de earste en de lêste kear dat Douglas yn in film de rol fan in swakkeling fertolke.

Yn 1947 spile er yn 'e film noir Out of the Past (yn it Feriene Keninkryk útbrocht ûnder de titel Build My Gallows High), mei as tsjinspilers Robert Mitchum en Jane Greer. Datselde jiers wied er ek te sjen yn 'e dramafilm Mourning Becomes Electra, en yn 1948 kamen trije films fan him út: de film noir I Walk Alone, dêr't er foar it earst yn gearwurke mei akteur Burt Lancaster, it drama The Walls of Jericho en de komeedzjefilm My Dear Secretary, yn 1949 folge troch de romantyske film A Letter to Three Wives. Yn 1949 makke Douglas ek syn debút op Broadway, yn it stik Three Sisters, dat produsearre waard troch Katharine Cornell.

Trochbraak

Douglas fêstige syn imago as 'stoere keardel' mei syn achtste film, Champion, út 1949, dêr't er yn cast waard troch produsint Stanley Kramer. Hy spile yn dy film de egoïstyske bokser Midge Kelly. It wie foar Douglas in gok, om't er foar syn rol yn Champion it oanbod fan in rol yn 'e MGM-film The Great Sinner ôfwize moast, dêr't er it trijefâldige mei fertsjinne hawwe soe. Neffens filmhistoarikus Ray Didinger seach Douglas Champion as in grutter risiko, mar ek as in gruttere kâns, en dy kâns koed er net foarbygean litte. Mei de rol fan Kelly briek Douglas troch as filmakteur, en sleepte er syn earste nominaasje foar de Oscar foar bêste akteur yn 'e wacht. Fan dat stuit ôf besleat er dat er, as er slagje woe as Hollywoodstjer, syn bleuens fan him ôfsette en sterkere rollen kieze moast.

Kirk Douglas mei Eve Miller yn The Big Trees, út 1952.

Yn 1950 spile Douglas de rol fan Rick Martin yn 'e biografyske film Young Man with a Horn, basearre op 'e roman mei deselde namme fan Dorothy Baker oer it libben fan 'e jazz-muzikant Bix Beiderbecke. Syn tsjinspylster wie Doris Day, yn de rol fan in jonge frou dy't fereale wie op Beiderbecke. Yn har autobiografy soe Day Douglas letter beskriuwe as "fatsoenlik, mar egosintryk" en it meitsjen fan 'e film as "totaal freugdeleas". Under de opnamen fan Young Man with a Horn, yn 1949, ferdwûn ien fan 'e figuranten, in Jean Spangler, sûnder in spoar nei te litten, en it is noch altyd ûndúdlik wat der fan har wurden is. Op 9 oktober 1949 waard it hântaske fan Spangler deunby de Fern Dell-yngoang fan it Griffith Park yn Los Angeles weromfûn, mei dêryn in bryfke rjochte oan in "Kirk", mei de ûnôfmakke tekst: "Kin net langer wachtsje. Gean nei dokter Scott. It kin it bêste no mar, no't mem fuort is." Dat late de plysje fansels nei Douglas ta, mar hoewol't er tajoech te witten wa't Spangler wie en ek wolris mei har praat te hawwe, ûntstried er yn alle toanaarden dat er de 'Kirk' út it bryfke wie. Kammeraatskes fan Spangler fertelden de plysje dat se op it stuit fan har ferdwining trije moannen swier wie, en dat feit yn kombinaasje mei de tekst fan it bryfke liket neffens ûndersikers te suggerearjen dat se fan doel wie in abortus útfiere te litten, wat yn dy tiid yllegaal wie.

Fan Douglas kaam yn 1950 ek de dramafilm The Glass Menagerie út. Yn 1951 spile er yn 'e western Along the Great Divide, as marshal Len Merrick, in plysjeman yn it Wylde Westen. It wie de earste film dêr't er yn hynsteride moast, mar hy learde it him oan en rekke al rillegau tige fertroud mei hynders. Datselde jier spile er de rol fan Chuck Tatum, in synyske, oer liken geande sjoernalist op 'e sneup nei in 'grut ferhaal' yn Ace in the Hole, fan regisseur Billy Wilder. Hoewol't dy film de priis foar bêste bûtenlânske film wûn op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, wie it ûnderwerp doedestiden tige kontroversjeel, en it bioskooppublyk bleau wei. Yn lettere jierren waard Ace in the Hole gauris opnommen yn listen fan bêste films ea makke. In trêde film fan Douglas dy't yn 1951 útkaam, wie Detective Story, wêryn't er de New Yorkske resjersjeur Jim McLeod spile. Dy film foel better yn 'e smaak, en waard nominearre foar fjouwer Oscars. Douglas sels waard nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory 'bêste akteur' yn in dramafilm.

Kirk Douglas op 'e filmposter fan Spartacus, út 1960.

Heechtijdagen

Yn 1952 kamen op 'e nij trije films fan Douglas út: de westernfilms The Big Trees en The Big Sky, en it melodrama The Bad and the Beautiful. Yn dy lêste film spile er de rol fan Jonathan Shields, in ûnmeilydsume filmprodusint, dy't allegeduerigen akteurs, regisseurs en senarioskriuwers manipulearret. Douglas waard foar dy rol foar de twadde kear nominearre foar in Oscar foar bêste akteur. Nei The Story of Three Loves, The Juggler en Act of Love, dy't yn 1953 útkamen, wied er yn 1954 yn in komyske rol te sjen as seeman yn 'e aventoerefilm 20,000 Leagues Under the Sea, in adaptaasje fan 'e bekende roman Vingt Mille Lieues sous les Mers fan Jules Verne. Datselde jiers makke er ek syn tillefyzjedebút as in sjongende gast yn The Jack Benny Program. Yn 1955 spile Douglas yn it drama The Racers en ek yn Ulysses, in film dy't basearre wie op 'e Odyssee fan Homearus. Dêryn fertolke er de titelrol as Odysseus (ûnder dy syn latinisearre namme Ulysses), mei as tsjinspilers Silvana Mangano as Penelope en Kirke, en Anthony Quinn as Antinoüs.

Douglas joech in komyske draai oan syn rol as Dempsey Rae yn 'e western Man without a Star, út 1955. Datselde jiers rjochte er in eigen filmstudio op, sadat er tenei sels sizzenskip oer syn filmprojekten útoefenje koe. Hy neamde it bedriuw Bryna Productions, nei syn mem. De earste film dy't er foar syn eigen studio produsearre (en dêr't er teffens de haadrol yn spile), wie de western The Indian Fighter, dy't ek yn 1955 útkaam. In hiele oare rol hie Douglas yn 1956 yn Lust for Life, fan regisseur Vincente Minnelli, mei wa't er earder yn 1952 gearwurke hie oan The Bad and the Beautiful. Yn 'e biografyske film Lust for Life fertolke Douglas de rol fan 'e Nederlânske keunstskilder Vincent van Gogh. De film waard foar it meastepart op lokaasje yn Parys filme, mei Anthony Quinn yn 'e rol fan Paul Gauguin. Douglas wûn foar syn rol in Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm en waard nominearre foar de Oscar foar bêste akteur, wylst Quinn de Oscar foar bêste byrol fan in akteur wûn.

Kirk Douglas lit yn 1962 syn hân- en fuotprinten yn beton ferivigje op Hollywood Boulevard, by Grauman's Chinese Theatre.

Yn 1957 spile Douglas generaal-majoar Melville A. Goodwin yn 'e romantyske komeedzje Top Secret Affair, de histoaryske gokker Doc Holliday yn 'e westernfilm Gunfight at the O.K. Corral en de sympatike Frânske kolonel Dax yn 'e anty-oarlochsfilm Paths of Glory, ien fan 'e iere films fan regisseur Stanley Kubrick. Douglas waard û.m. yn dy rol cast om't er floeiend Frânsk spriek. De film gie oer in ofsier (Dax) dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch trije fan syn soldaten fan 'e deastraf besiket te rêden. Foar't de opnamen úteinsetten, werskreau Kubrick it senario sûnder foarôfgeand oerlis mei Douglas. Dy naam dat net en krige in driftbui wêryn't er de regisseur útmakke foar alles wat lilk wie en him oan it ferstân brocht dat er syn kontrakt tekene hie op basis fan it oarspronklike skript en "net dizze stront!" Kubrick naam it lakonyk op, mar de film waard makke nei it oarspronklike senario. Hoewol't Paths of Glory doedestiden flopte yn 'e bioskopen, wurdt it tsjintwurdich troch filmkritisy beskôge as ien fan 'e wichtichste anty-oarlochsfilms dy't ea makke binne. De film wie yn Frankryk ferbean oant 1976.

Douglas spile yn 1958 yn in histoaryske film oer de Wytsingen, mei as titel simpelwei The Vikings. Dêrmei wûn er de priis foar bêste akteur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián, yn Spanje. Datselde jiers waard him ek in earedoktoraat yn 'e skiene keunsten takend troch de St. Lawrence Universiteit, dêr't er yn 'e 1930-er jierren studearre hie. Nei rollen yn Last Train from Gun Hill en The Devil's Disciple yn 1959, hie Douglas yn 1960 syn bekendste rol en belibbe er syn grutste súkses mei de swurd-en-sandalefilm Spartacus, oer de histoaryske persoan fan Spartakus, de lieder fan in slave-opstân yn 'e Romeinske Republyk. De film hie in stjerrecast, besteande út û.o. Laurence Olivier, Peter Ustinov en Tony Curtis. Mei in budget fan $12 miljoen wie it doedestiden ien fan 'e djoerste films ea makke. Douglas spile sels de titelrol en keas as tsjinspylster Jean Simmons út. Dat koed er dwaan om't er sels ek as útfierend produsint by Spartacus belutsen wie. Hy wiisde Anthony Mann oan as regisseur, mar betocht him foar't de opnamen úteinset wiene en ferfong Mann troch Stanley Kubrick.

Kirk Douglas yn 1963 mei Joan Tetzel op Broadway, yn 'e toanieladaptaasje fan One Flew over the Cuckoo's Nest.

Douglas liet it senario fan Spartacus skriuwe troch Dalton Trumbo, dy't ein 1940-er jierren yn it ramt fan 'e saneamde Reade Panyk as kommunistyske sympatisant troch it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC) op 'e Swarte List fan Hollywood pleatst wie. Lju dy't op dy list kamen te stean, mochten net mear yn 'e filmyndustry wurkje, hoewol't dat nei ferrin fan tiid wol klandestyn barde. Trochdat Douglas op 'e ôftiteling fan Spartacus iepentlik Trumbo as senarioskriuwer fermelde, helle er (nei eigen sizzen) de Swarte List ûnder fuotten en beëinige er effektyf de praktyk fan it skouderjen fan lju omreden fan persoanlike politike opfettings. By in fraachpetear yn 2012 soed er sizze: "Ik haw mear as 85 films makke, mar wêr't ik it meast grutsk op bin, is dat ik de macht fan 'e Swarte List brutsen haw." Letter soene Edward Lewis, de produsint fan Spartacus, en de erven Trumbo lykwols Douglas syn ferzje fan 'e foarfallen tsjinsprekke en úthâlde dat Douglas folle minder te krijen hie mei it beslút om Trumbo syn namme iepentlik te fermelden as dat er sels sei.

In oare film fan Douglas dy't yn 1960 útkaam, wie it drama Strangers When We Meet. Hy spile ek yn it rjochtbankdrama Town Without Pity en de western The Last Sunset (beide út 1961), en yn it drama Two Weeks in Another Town (1962) en de oarlochsfilm The Hook (1962), oer de Koreaanske Oarloch. Yn 1962 fertolke Douglas yn Lonely Are the Brave ek de rol fan Jack Burns, in cowboy dy't neffens syn eigen regels libje wol. Dy film neamde er letter altyd as syn persoanlike favoryt. Foar de rol fan Burns waard er nominearre foar in BAFTA foar bêste bûtenlânske akteur. De filmkritisy hiene respekt foar Lonely Are the Brave, mar troch minne marketing en filmdistribúsje die de film it net goed yn 'e bioskopen.

Yn 1963 spile Douglas yn 'e films The List of Adrian Messenger en For Love or Money, mar syn wichtichste wurk hied er dat jiers op it toaniel. Hy hie nammentlik de rjochten kocht op 'e roman One Flew over the Cuckoo's Nest, fan Ken Kesey, dêr't er in toanieladaptaasje fan meitsje litten hie. Yn 1963 fertolke er dêryn op Broadway sels fiif moannen lang de haadrol fan Randle McMurphy, mei as tsjinspylster Joan Tetzel yn 'e rol fan ferpleechster Ratched. Fan 'e resinsinten krige it stik mingde kritiken. Douglas behold de filmrjochten op it boek, mar nei't er mear as tsien jier om 'e nocht besocht hie om Hollywood waarm te meitsjen foar de ferfilming, skode er dy ta oan syn soan Michael. Dy produsearre yn 1975 de film One Flew over the Cuckoo's Nest, mei Jack Nicholson yn 'e haadrol, mei't Douglas dêr doe te âld foar wie. De film wie in ûnbidich súkses en wûn alle fiif wichtichste Oscars.

De stjer fan Kirk Douglas op 'e Hollywood Walk of Fame.

Yn 'e politike skriller Seven Days in May, út 1964, spile Douglas de rol fan kolonel Jiggs Casey. Foar syn tsjinspiler hied er Burt Lancaster op it each, mar regisseur John Frankenheimer fielde dêr neat foar, mei't in eardere gearwurking tusken him en Lancaster gjin súkses wurden wie. Douglas prate lykwols op Frankenheimer yn oant er syn sin krige, en de regisseur skreau letter dat er bliid wie dat er tajûn hie om't Lancaster efterôf besjoen de juste kar foar de rol wie. Yn 1965 wie Douglas te sjen yn twa oarlochsfilms: In Harm's Way en The Heroes of Telemark. Dy lêste film gie oer in wierbarde sabotaazje-aksje yn 1943, ûnder de Twadde Wrâldoarloch, troch it Noarske ferset op in fabryk dêr't de nazys swierwetter produsearren, dat se nedich wiene foar de ûntwikkeling fan in atoombom.

Oare films fan Douglas út 'e midden fan 'e 1960-er jierren wiene: Cast a Giant Shadow (1966), Is Paris Burning? (1966), wêryn't er de rol fan generaal George S. Patton spile, The Way West (1967) en The War Wagon (1967), wêryn't er foar it earst gearwurke mei John Wayne. Yn 1968 kamen twa misdiefilms fan Douglas út: A Lovely Way to Die en The Brotherhood, dêr't er ek as filmprodusint yn behelle wie. Dat jiers waard him de Cecil B. DeMille Award takend, de oeuvrepriis fan 'e Golden Globes. De 1960-er jierren einigen foar Douglas mei in rol yn 'e dramafilm The Arrangement (1969), fan regisseur Elia Kazan, wêryn't er de mentaal tramtearre reklameman Eddie Anderson delsette, mei Faye Dunaway as tsjinspylster.

Kirk Douglas yn 1975.

Lettere jierren

Yn 'e western There Was a Crooked Man…, út 1970, wurke Douglas gear mei in oare Hollywoodleginde, Henry Fonda. Ek wied er begjin 1970-er jierren te sjen yn films as To Catch a Spy (1971), The Light at the End of the World (1971), A Gunfight (1971), The Master Touch (1972) en Scalawag (1972), wêrfan't er de lêste ek sels regissearre. Op 'e tillefyzje song er yn 1970 yn The Johnny Cash Show mei Johnny Cash, wied er yn 1972 te gast yn 'e tillefyzjespecial The Special London Bridge Special, mei Tom Jones, en spile er de rollen fan dokter Henry Jekyll en Edward Hyde yn 'e foar trije Emmy Awards nominearre tillefyzjefilmmusical Dr. Jekyll and Mr. Hyde (1973). Yn 1974 spilen Douglas en Bruce Dern de haadrollen yn 'e western Posse, dy't Douglas sels regissearre en produsearre, en dy't yn 1975 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn nominearre waard foar de Gouden Bear. Fierders spile er mids 1970-er jierren yn 'e film Once Is Not Enough (1975) en de tillefyzjefilms Mousey (1974) en Victory at Entebbe (1976). Dy lêste film gie oer Operaasje Entebbe, wêrby't Israelyske kommando's op 4 july 1976 sûnder tastimming de lofthaven fan Entebbe, yn Uganda, binnenkrongen om in ein te meitsjen oan 'e kaping fan Air France-flecht 139 troch Palestynske ekstremisten fan it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP).

Nei't er yn 1977 te sjen west hie yn 'e horrorfilm Holocaust 2000, ek bekend ûnder de titels Rain of Fire en The Chosen, wurke Douglas yn 1978 gear mei John Cassavetes en Amy Irving yn 'e horrorfilm The Fury, fan regisseur Brian De Palma. Yn 1979 spile Douglas in slapstick-eftige rol as de knoffelige âlde bandyt Cactus Jack Slade yn 'e westernkomeedzje The Villain. Hy efterfolget yn dy film in tsjeppe en rike dame (Ann-Margret) en har ûnnoazele liifwacht (in iere rol fan Arnold Schwarzenegger), mar alles dat er besiket om harren te oerfallen, brekt him by de hannen om 't ôf. Yn 1980 hie Douglas in hiele oare rol yn The Final Countdown, as kaptein-op-see Matthew Yelland, de befelfierend ofsier fan it Amerikaanske fleandekskip de USS Nimitz, dat troch in mysterieus boppenatuerlik fenomeen weromreizget yn 'e tiid nei 6 desimber 1941, de dei foàr de Japanske oanfal op Pearl Harbor. Douglas wie yn 1980 ek te sjen yn 'e science fiction-film Saturn 3 en de komeedzjefilm Home Movies. Him waard dat jiers de oeuvrepriis takend fan 'e César du Cinéma, de wichtichste Frânske filmpriis. Yn 1981 ûntfong er fierders út 'e hannen fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechste boargerlike ûnderskieding fan 'e Feriene Steaten.

Kirk Douglas yn 1955.

Douglas hie yn 1982 in rol yn 'e Australyske western The Man from Snowy River, dy't troch de filmkritisy rûnom priizge waard en withoefolle prizen wûn. Ek wied er dat jiers te sjen yn 'e oarlochsfilm Remembrance of Love en yn 1983 yn 'e skriller Eddie Macon's Run. Yn 1984 spile er yn 'e tillefyzjefilm Draw! en wurke er mei oan it ôflevering oer John Wayne fan 'e dokumintêresearje Hollywood Greats. Ek waard Douglas dat jiers ynhuldige as lid fan 'e Western Performers Hall of Fame yn it National Cowboy & Western Heritage Museum yn Oklahoma City. Yn 1985 fertolke er de titelrol yn 'e tillefyzjefilm Amos, wêrfoar't er nominearre waard foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm, en ek foar in Emmy Award yn deselde kategory.

Yn 1986 spilen Douglas en Burt Lancaster yn 'e misdiekomeedzje Tough Guys twa âlde kriminelen dy't nei tsientallen jierren as âlde knarren út 'e finzenis frijlitten wurde en dan harren âlde libbensstyl wer besykje op te nimmen. Se ûntdekke lykwols dat se folslein efter de tiid rekke binne en ek dat se net mear sa jong binne as foarhinne. Tough Guys wie de sânde en lêste film wêryn't Douglas en Lancaster gearwurken, nei I Walk Alone (1948), Gunfight at the O.K. Corral (1957), The Devil's Disciple (1959), The List of Adrian Messenger (1963), Seven Days in May (1964) en Victory at Entebbe (1976). Yn 'e publike ferbylding wiene hja sadwaande min ofte mear in byinoar hearrend pear wurden. Ek oare akteurs op jierren, lykas Charles Durning en Eli Wallach, hiene rollen yn Tough Guys. Yn 1986 fersoarge Douglas tegearre mei Angela Lansbury ek de presintaasje fan it konsert wêrmei't it New York Philharmonic ûnder lieding fan dirigint Zubin Mehta hulde brocht oan it hûndertjierrich bestean fan it Frijheidsbyld.

Kirk Douglas yn 2011 mei Zubin Mehta.

Yn 1987 spile Douglas yn 'e tillefyzjefilm Queenie, en yn 1988 wied er te sjen yn 'e mei twa Emmys bekroande tillefyzjefilm Inherit the Wind, mei Jason Robards en Jean Simmons. Hy waard yn 1990 foar syn tsjinsten oan 'e Frânske keunsten en letteren opnommen yn it Légion d'Honneur. Oan it begjin fan 'e 1990-er jierren wurke Douglas mei oan 'e films Oscar (1991) en Welcome to Veraz (1991) en de tillefyzjefilm The Secret (1992), oer in pake en in pakesizzer dy't allebeide wrakselje mei lêsblinens. Hy spile de rol fan generaal Kalthrob yn 'e ôflevering Yellow fan 'e horrorsearje Tales from the Crypt, út 1991, wêrfoar't er nominearre waard foar in Emmy Award foar bêste akteur yn in dramasearje. Dat jiers ûntfong er ek de AFI Life Achievement Award, in oeuvrepriis dy't útrikt wurdt troch it Amerikaansk Filmynstitút (AFI).

Yn 'e komeedzjefilm Greedy, út 1994, spile Douglas de omke fan it personaazje fan Michael J. Fox. Ek ferskynde er yn 1995 as de duvel yn 'e fideoklip fan it liet The Garden of Allah, fan Don Henley. Itselde jiers wied er te sjen yn 'e tillefyzjefilm Take Me Home Again, en yn 1996 wurke er as stimakteur mei oan in ôflevering fan 'e populêre tekenfilmsearje The Simpsons. Ek wied er yn 1997 te sjen yn in ôflevering fan 'e aventoeresearje Xena: Warrior Princess, mar inkeld op argyfbylden út Spartacus. Yn 1996 waard oan Douglas de Eare-Oscar takend foar fyftich jier wurk yn 'e Amerikaanske filmyndustry. Datselde jiers krige er slimme oerhaal, wêrby't er syn spraakfermogen kwytrekke wie. Douglas wie lykwols noch net klear mei syn filmkarriêre, dat hy gie jierrenlang yn spraakterapy en makke yn 1998 de film Diamonds, wêryn't er in âlde bokser spile dy't opbetteret fan in oerhaal, mei as tsjinspylster syn âlde freondinne Lauren Bacall. Yn 2000 hied er in gastrol yn 'e ôflevering Bar Mitzvah fan 'e tillefyzjesearje Touched by an Angel, wêrfoar't er nochris nominearre waard foar in Emmy Award.

Kirk Douglas yn 1987 mei syn frou Anne Buydens en presidint Ronald Reagan (rj.).

Yn 1999 krige Douglas ek de oeuvrepriis fan 'e Screen Actors Guild Awards, yn 2001 folge troch Gouden Earebear, de oeuvrepriis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Ek waard him yn 2002 de Nasjonale Medalje foar de Keunsten takend troch presidint George W. Bush. Yn oktober 2004 waard yn Palm Springs, yn Kalifornje, it stjitnammeboerd fan 'e nei Douglas ferneamde Kirk Douglas Way ûntbleate troch de organisaasje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs. Ek krige er foar syn bydragen oan 'e Amerikaanske filmyndustry in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, ter hichte fan 6263 Hollywood Boulevard. Douglas is mei James Stewart, Gregory Peck en Gene Autry ien fan 'e fjouwer filmakteurs fan wa't de stjer op 'e Hollywood Walk of Fame stellen en ferfongen is.

Yn 2003 spile Douglas yn It Runs in the Family, in film dy't produsearre waard troch syn soannen Michael en Joel. Behalven Douglas sels wiene yn It Runs in the Family ferskate oare leden fan syn echte famylje te sjen, ûnder wa syn soan Michael en syn pakesizzer Cameron, wylst de rol fan syn frou yn 'e film spile waard troch syn eigen earste frou Diana Dill, Michael syn mem, fan wa't Douglas mear as fyftich jier earder skieden wie. Syn lêste filmrol hie Douglas yn 2004, doe't er 88 jier wie, yn Illusion fan regisseur Michael Goorjian, wêryn't er in âlde regisseur spile dy't op syn stjerbêd twongen wurdt om fragminten út it libben fan in soan te sjen dy't er wegere hat as sadanich te erkennen. Syn lêste tillefyzjerol hied er yn 2008, doe't er 92 jier wie, yn 'e Frânske tillefyzjefilm en mockumentary Meurtres à l'Empire State Building.

Yn maart 2009 fersoarge Douglas noch in autobiografyske one-manshow, mei de titel Before I Forget, yn it nei him ferneamde Kirk Douglas Theatre yn Culver City. De fjouwer foarstellings waarden filme en brûkt om in dokumintêre oer him te meitsjen, dy't yn jannewaris 2010 yn premiêre gie. Yn jannewaris 2018, doe't er 101 jier wie, ferskynde Douglas foar it lêst yn it iepenbier, doe't er op 'e útrikkingsseremoanje fan 'e Golden Globes, holpen troch syn skoandochter Catherine Zeta-Jones, de priis foar it bêste senario fan in spylfilm útrikte. It publyk joech him by dy gelegenheid in steande ovaasje.

Kirk Douglas yn 2003 mei syn frou Anne Buydens.

Priveelibben

Persoanlikheid

Douglas waard gauris omskreaun as dissiplinearre, mei in treflik gefoel foar humor, mar benammen as ien dy't net sa maklik wie. Yn syn autobiografy The Ragman's Son omskreau er himsels as "in rotsak". Ek skreau er: "Ik bin nei alle gedachten de akteur dy't men yn Hollywood it minst fan allegear lije mei. En dêr bin ik behoarlik grutsk op. Want dat is wa't ik bin. […] Ik bin agressyf berne, en ik sil ek wol agressyf stjerre." Syn freon Burt Lancaster sei ris oer Douglas: "Kirk soe de earste wêze om jin te fertellen dat er ferrekte dreech yn 'e omgong is. En ik soe de twadde wêze."

Relaasjes en bern

Yn 'e tiid dat Douglas oan 'e Amerikaanske Akademy foar de Toanielkeunst (AADA) yn New York studearre, wie syn klasgenoate Lauren Bacall inkele jierren efterinoar smoarfereale op him, sa't se yn 1978 sels yn har autobiografy By Myself and Then Some útbrocht. Se giene in pear kear út, mar mear as freonen, want Douglas hold de boat ôf. "Hy wie freonlik en leaf – mocht graach yn myn selskip wêze – mar ik wie dúdlik te jong foar him," skreau Bacall, dy't acht jier mei Douglas skeelde. In oare, âldere klasgenoate, Diana Dill, foel mear by Douglas yn 'e smaak. Se trouden op 2 novimber 1943, en krigen twa soannen: akteur Michael Douglas (1944) en filmprodusint Joel Douglas (1947). Yn 1951 einige harren houlik lykwols yn in skieding.

Yn 1954, ûnder de opnamen fan 'e film Lust for Life yn Parys, kaam Douglas yn 'e kunde mei produsinte Anne Buydens, berne as Hannelore Marx op 23 april 1919 yn Hannover. Hja hie Dútslân foarôfgeande oan 'e Twadde Wrâldoarloch ferlitten op 'e flecht foar de nazys en neitiid troch har meartaligens wurk fûn yn 'e filmyndustry, dêr't se yn 't earstoan fertaalwurk die foar ûndertiteling. Douglas en Buydens trouden op 29 maaie 1954 en fierden sadwaande yn 2014 harren (60-jierrige) diamanten brulloft. Se krigen twa soannen, filmprodusint Peter Douglas (1955) en akteur Eric Douglas (1958-2004), dy't mei 46 jier kaam te ferstjerren oan in oerdoazis drugs en alkohol. Syn hiele houlik troch hie Douglas românses mei oare froulju, wêrûnder ferskate mindere Hollywoodstjerren. Dat ferburch er lykwols nea foar syn frou, dy't syn hâlden en dragen akseptearre. Yn in fraachpetear yn 2017, ta gelegenheid fan 'e publikaasje fan harren samling brieven Kirk and Anne: Letters of Love, Laughter and a Lifetime in Hollywood, sei Buydens dêroer: "As Jeropese begriep ik dat it ûnreälistysk is om folsleine trou yn in houlik te ferwachtsjen."

Kirk Douglas yn 1978 mei syn frou Anne Buydens en presidint Jimmy Carter (rj.).

Godstsjinst

Yn 2000 fertelde Douglas in fraachpetear dat hy as opslûpen jonge al ôfstân fan it joadendom nommen hie. Hy sei dêroer: "Doedestiden wie ik aardich goed yn cheder [joadsk ûnderrjocht], dat de joaden fan ús mienskip mienden dat se my in hiele geunst dwaan soene troch genôch jild yn te sammeljen sadat se my nei in jesjiva [joadske godstsjinstskoalle] stjoere koene om rabbyn te wurden. Hillige Moazes! Dêr waard ik wol even skitende benaud fan. Ik woe hielendal gjin rabbyn wurde. Ik woe akteur wurde. Mar nim mar fan my oan, dy soannen fan Israel holden oan as kâld wetter. Ik krige der nachtmerjes fan – dat ik lange peies [slieplokken] hie en in swarte hoed op. Ik moast bodzje as in arbeider om oan dat lot te ûntkommen."

Doe't er yn 1991 op in hier nei omkaam by in helikopterûngelok, makke dat yn Douglas lykwols wat wekker dat lang slommere hie. Nei in protte selsûndersyk en it lêzen fan in soad boeken oer religy, late dat derta dat er it joadendom fannijs omearme. Oer dy syktocht nei de betsjutting fan it libben skreau er neitiid it boek Climbing the Mountain: My Search for Meaning. Doe pas murk er op dat it ûnderlizzende motyf yn ferskaten fan syn films, lykas The Juggler (1953), Cast a Giant Shadow (1966) en Remembrance of Love (1982), gie oer in joad dy't himsels net as joad sjocht, mar úteinlik dochs syn joadskheid ûntdekt.

Syn fjouwer bern hiene net-Joadske memmen, sadat se foar it joadendom net as Joaden beskôge wurde. Neffens Douglas hied er besocht om nea harren religieuze besluten te beynfloedzjen. Sels died er yn 1999, doe't er 83 jier wie, syn bar mitswa-seremoanje nochris oer. Syn twadde frou Anne bekearde har yn 2004 ta it joadendom, foar't sy en hy dat jiers harren houliksûnthjitten fernijden.

Kirk Douglas yn 2002 mei syn boek My Stroke of Luck.

Polityk

Douglas wie syn hiele libben lang in oertsjûge lid fan 'e Demokratyske Partij. Hy skreau út en troch brieven oan politisy dy't er koe, yn in besykjen om harren opfettings en dêrmei it regearingsbelied by te stjoeren. Douglas en syn frou Anne reizgen fierders troch de jierren hinne, op eigen kosten en sûnder dêrmei de publisisteit op te sykjen, nei mear as fjirtich ûnderskate lannen om as ûnbetelle ambassadeurs foar de Feriene Steaten lêzings te hâlden oer demokrasy en hoe't it demokratysk polityk systeem wurket. Foar dy ynspannings kende presidint Jimmy Carter Douglas yn 1981 de Presidinsjele Frijheidsmedalje ta, de heechste boargerlike ûnderskieding dêr't de Feriene Steaten oer beskikke.

Filantropy

Douglas en de frou stiene derom bekend dat se altyd royaal oan goede doelen joegen. Se hiene plannen om foar harren dea it meastepart fan harren fermogen fan $80 miljoen wei te jaan. Sa die Douglas skinkings oan syn eardere legere en middelbere skoallen, en yn 2012 skonk er $5 miljoen oan 'e St. Lawrence Universiteit, dêr't er studearre hie. De universiteit brûkte it jild foar de útwreiding fan it stelsel fan stúdzjebeurzen dat Douglas al yn 1999 begûn wie. Ek ferskate oare ûnderwiisynstellings, sikehuzen en non-profitorganisaasjes yn Súdlik Kalifornje krigen hege jildbedraggen fan Douglas útkeard. It Los Angeles Unified School District brûkte it jild dat it fan Douglas krige foar de heechnedige renovaasje fan mear as 400 boarterstunen yn Los Angeles.

Mei in oare skinking waard it Anne Douglas Center for Homeless Women oprjochte, dat hûnderten dakleaze froulju holpen hat om harren libben wer op 'e rails te krijen. Yn Culver City (Kalifornje) iepenen Douglas en de frou yn 2004 it Kirk Douglas Theatre, in skouboarch dy't mei harren jild boud wie. Ek betellen se foar it Anne Douglas Childhood Center yn 'e Sinai Temple, in synagoge yn Los Angeles. Yn maart 2015 skonken Douglas en de frou $2,3 miljoen oan it Bernesikehûs Los Angeles. Fierders skonken se sûnt de iere 1990-er jierren oant $40 miljoen oan Harry's Haven, in fersoargingstehûs yn Los Angeles foar pasjinten mei de sykte fan Alzheimer. Ta gelegenheid fan Douglas syn 99e jierdei joegen se dêr yn desimber 2015 bygelyks $15 miljoen oan foar de útwreiding mei in nij gebou fan twa ferdjippigns.

De hân- en fuotprinten fan Kirk Douglas yn it beton fan Hollywood Boulevard.

Skriuwwurk

Douglas mocht út en troch wolris blogge. Oarspronklik died er dat op MySpace, mar sûnt 2012 wiene syn posts te lêzen op 'e webside fan 'e Huffington Post. Sûnt 2008 wied er nei't it skynt de âldste ferneamde blogger fan 'e wrâld. Douglas skreau ek trije romans: Dance with the Devil (1990), The Gift (1992) en Last Tango in Brooklyn (1994), en in novelle foar jongfolwoeksenen: The Broken Mirror (1997).

Sûnensswierrichheden

Yn febrewaris 1991 reizge Douglas mei in helikopter dy't boppe de Lofthaven fan Santa Paula yn botsing kaam mei in priveefleantúch. Douglas en twa oaren yn 'e helikopter rekken ferwûne, wylst de beide ynsittenden fan it fleantúch omkamen.

Op 28 jannewaris 1996 krige Douglas in swiere oerhaal, wêrby't er syn spraakfermogen kwytrekke. De dokters fertelden syn frou dat as der op dat mêd net gau foarútgong boekt waard, it spraakferlies nei alle gedachten bliuwend wêze soe. Nei inkele moannenlang yntinsive deistige spraakterapy ûndergien te hawwen, kearde syn spraakfermogen werom, hoewol't it yn 't earstoan tige beheind wie. Yn maart 1996 wie Douglas by steat en nim sels syn Eare-Oscar yn ûntfangst, wêrby't er it publyk betanke. Hy skreau oer syn ûnderfinings yn 2003 it boek My Stroke of Luck (in wurdboarterij: de titel betsjut "Myn Bûtenkânske", mar stroke betsjut ek "oerhaal"). Hy hope dat it boek tsjinje koe as in "hânlieding" foar minsken dy't oerhaalslachtoffer yn 'e famylje hawwe.

Yn desimber 2016 fierde Douglas syn hûndertste jierdei yn it Beverly Hills Hotel yn syn wenplak Beverly Hills, yn oanwêzichheid fan syn frou Anne, syn soan Michael, syn skoandochter Catherine Zeta-Jones, oare famyljeleden en goede freonen, lykas Don Rickles, Jeffrey Katzenberg en Steven Spielberg. Troch de gasten waard er neitiid omskreaun as "noch goed halich". Hy wie by steat om sûnder wifkjen de feestseal yn te rinnen dêr't de fiering plakhie.

Ferstjerren

Op 5 febrewaris 2020, goed twa moannen nei syn 103e jierdei, kaam Douglas thús yn Beverly Hills te ferstjerren oan natuerlike oarsaken. Hy hie op dat stuit trije bern, sân pakesizzers en ien oerpakesizzer.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1946The Strange Love of Martha IversWalter O'Neil
1947Out of the PastWhit Sterlingek bekend as Build My Gallows High
1947Mourning Becomes ElectraPeter Niles
1948I Walk AloneNoll "Dink" Turner
1948The Walls of JerichoTucker Wedge
1948My Dear SecretaryOwen Waterbury
1949A Letter to Three WivesGeorge Phipps
1949ChampionMichael "Midge" Kellynominearre foar in Oscar foar bêste akteur
1950Young Man with a HornRick Martin
1950The Glass MenagerieJim O'Connor
1951Along the Great Dividemarshal Len Merrick
1951Ace in the HoleChuck Tatum
1951Detective Storyresjersjeur Jim McLeodnominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1952The Big TreesJim Fallon
1952The Big SkyJim Deakins
1952The Bad and the BeautifulJonathan Shieldsnominearre foar in Oscar foar bêste akteur
1953The Story of Three LovesPierre Narval
1953The JugglerHans Muller
1953Act of LoveRobert Teller
195420,000 Leagues Under the SeaNed Land
1955The RacersGino Borgesa
1955UlyssesUlysses
1955Man Without a StarDempsey Rae
1955The Indian FighterJohnny Hawks
1956Lust for LifeVincent van Goghwûn in Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
nominearre foar in Oscar foar bêste akteur
1957Top Secret Affairgeneraal-majoar Melville A. Goodwin
1957Gunfight at the O.K. CorralDoc Holliday
1957Paths of Glorykolonel Dax
1958The VikingsEinarwûn de priis foar bêste akteur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián
1959Last Train from Gun HillMatt Morgan
1959The Devil's DiscipleDick Dudgeon
1960Strangers When We MeetLarry Coe
1960SpartacusSpartakusek útfierend produsint
1961Town without Pitymajoar Garrett
1961The Last SunsetBren O'Malley
1962Lonely Are the BraveJohn W. "Jack" Burnsnominearre foar in BAFTA foar bêste bûtenlânske akteur
1962Two Weeks in Another TownJack Andrus
1963The HookP.J. Briscoe
1963The List of Adrian Messengerferskaat
1963For Love or MoneyDeke Gentry
1964Seven Days in Maykolonel Jiggs Casey
1965In Harm's Wayluitenant-op-see Paul Eddington
1965The Heroes of Telemarkdr. Rolf Pedersen
1966Cast a Giant Shadowkolonel Mickey Marcus
1966Is Paris Burning?generaal George S. Patton
1967The Way Westsenator William J. Tadlock
1967The War WagonLomax
1968Once Upon a Wheelhimselsdokumintêre
1968A Lovely Way to DieJim Schuyler
1968The BrotherhoodFrank Ginettaek produsint
1969The ArrangementEddie Anderson
1970There Was a Crooked Man...Paris Pitman jr.
1971To Catch a SpyAndrej
1971The Light at the Edge of the WorldWill Dentonek produsint
1971A GunfightWill Tenneray
1972The Master TouchSteve Wallace
1973ScalawagPegek regisseur
1974Possemarshal Howard Nightingaleek regisseur en produsint
1975Once Is Not EnoughMike Wayne
1977Holocaust 2000Robert Caineek bekend as Rain of Fire of The Chosen
1978The FuryPeter Sandza
1979The VillainCactus Jack Slade
1980Saturn 3Adam
1980Home Moviesdr. Tuttle, "The Maestro"
1980The Final Countdownkaptein-op-see Matthew Yelland
1982The Man from Snowy RiverHarrison/Spur
1982Remembrance of LoveJoe Rabin
1983Eddie Macon's RunMarzack
1986Tough GuysArchie Long
1991OscarEduardo Provolone
1991Welcome to VerazQuentinek bekend as Veraz
1994A Century of Cinemahimselsdokumintêre
1994Greedyomke Joe McTeague
1999DiamondsHarry Agensky
2003It Runs in the FamilyMitchell Gromberg
2004IllusionDonald Baines
tillefyzje
1954The Jack Benny Programhimselsgast yn in tillefyzjeprogramma
1970The Johnny Cash Showhimselsas sjonger yn in tillefyzjeprogramma
1972The Special London Bridge Specialhimselsgast yn in tillefyzjeprogramma
1973Dr. Jekyll and Mr. Hydedokter Henry Jekyll / Edward Hydetillefyzjefilm yn 'e foarm fan in musical
1974MouseyGeorge Andersontillefyzjefilm
1976Victory at EntebbeHershel Vilnofskytillefyzjefilm
1984Draw!Harry H. Hollandtillefyzjefilm
1984Hollywood Greatshimselsdokumintêresearje, ôflevering John Wayne
1985AmosAmos Lashertillefyzjefilm
nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
nominearre foar in Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjespecial
1987QueenieDavid Konigtillefyzjefilm
1988Inherit the WindMatthew Harrison Bradytillefyzjefilm
1991Tales from the Cryptgeneraal Kalthrobôflevering Yellow; nominearre foar in Emmy Award foar bêste akteur yn in dramasearje
1992The Secretpake Mike Dunmoretillefyzjefilm
1994Take Me Home AgainEd Reecetillefyzjefilm
1996The SimpsonsChester J. Lampwickas stimakteur; ôflevering The Day the Violence Died
1997Xena: Warrior PrincessSpartakusop argyfbylden; ôflevering Athens Academy of the Performing Bards
2000Touched by an AngelRoss Burgerôflevering Bar Mitzvah; nominearre foar in Emmy Award foar bêste gastrol yn in dramasearje
2008Empire State Building MurdersJim Kovalskitillefyzjefilm

Bibliografy

boeken skreaun troch Kirk Douglas:

  • 1988 – The Ragman's Son (autobiografy)
  • 1990 – Dance with the Devil (roman)
  • 1992 – The Gift (roman)
  • 1994 – Last Tango in Brooklyn (roman)
  • 1997 – The Broken Mirror: A Novella (novelle foar jongfolwoeksenen)
  • 1999 – Young Heroes of the Bible (bibelferhalen foar jongfolwoeksenen)
  • 2001 – Climbing the Mountain: My Search for Meaning (oer omearming fan it joadendom)
  • 2003 – My Stroke of Luck (oer syn oerhaal)
  • 2007 – Let's Face It: 90 Years of Living, Loving and Learning (autobiografy)
  • 2012 – I Am Spartacus! Making a Film, Breaking the Blacklist (autobiografy)
  • 2014 – Life Could Be Verse: Reflections on Love, Loss and What Really Matters (autobiografy)
  • 2017 – Kirk and Anne: Letters of Love, Laughter and a Lifetime in Hollywood (brieven)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


🔥 Top keywords: