National Football League

NFL
Basisynformaasje
NammeNational Football League
Stifte1920
Lânflagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
Tal klups32
TitelhâlderKansas City Chiefs (4e titel)
RekôrkampioenGreen Bay Packers (13 kear)
WebsteeNFL

De National Football League (NFL) is de grutste profesjonele American footballkompetysje fan de Feriene Steaten. De kompetysje bestiet út 32 teams, ferspraat oer Amerikaanske stêden en regio's.

De NFL bestiet út twa kompetysjes, nammentlik de American Football Conference (AFC) en de National Football Conference (NFC). Eltse kompetysje is fierder ûnderferdield yn fjouwer difyzjes (East, Noard, West en Súd), dy't elk fertsjinwurdige wurde troch fjouwer teams. Yn it reguliere seizoen, meastentiids fan septimber oant desimber, spylje alle teams 16 wedstriden. Oan de ein fan it seizoen spylje de seis bêste teams (de fjouwer difyzjewinners en twa wildcard-teams) fan de twa kompetysjes yn de play-offs. Earst is it wildcardwykein. Dan spylje de wildcardwinners tsjin de nûmers trije en fjouwer fan de kompetysje. De winners fan dy wedstriden spylje tsjin de nûmers ien en twa fan de kompetysje.

De winner fan de AFC spilet dêrnei tsjin de winner fan de NFC yn de NFL-kampioenswedstriid, de Super Bowl. Dizze wedstriid wurdt spile op in yn it foar bepaalde lokaasje, normaalwei in stêd mei in NFL-team. De wike dêrfoar docht in tal selektearre spilers mei oan de Pro Bowl, dy't sûnt 1979 yn Honolulu (Hawaï) spile wurdt.

Ek yn Jeropa wie der in NFL-kompetysje: NFL Jeropa. Yn dizze kompetysje spilen de Jeropeeske American footballklups, lykas de Amsterdam Admirals. Op 29 juny 2007 waard de NFL Jeropa opheft.

Teams

Der binne 32 NFL-teams. Eltse klup mei yn it reguliere seizoen in seleksje ha fan op syn meast 53 spilers. Yn tsjinstelling ta de Major League Baseball, Major League Soccer, National Basketball Association en de National Hockey League, hat de NFL gjin Kanadeeske teams, om't dy mei de Canadian Football League harren eigen kompetysje hawwe.

De folgjende teams spylje yn de NFL:

American Football Conference
DifyzjeTeamStadionStêd/gebiet
EastBuffalo BillsNew Era FieldOrchard Park (Buffalo)
Miami DolphinsHard Rock StadiumMiami Gardens (Miami)
New England PatriotsGillette StadiumFoxborough (Massachusetts)
New York JetsMetLife StadiumEast Rutherford (New York)
NorthBaltimore RavensM&T Bank StadiumBaltimore
Cincinnati BengalsPaul Brown StadiumCincinnati
Cleveland BrownsFirstEnergy StadiumCleveland
Pittsburgh SteelersHeinz FieldPittsburgh
SouthHouston TexansNRG StadiumHouston
Indianapolis ColtsLucas Oil StadiumIndianapolis
Jacksonville JaguarsTIAA Bank FieldJacksonville
Tennessee TitansNissan StadiumNashville
WestDenver BroncosSports Authority Field at Mile HighDenver
Kansas City ChiefsArrowhead StadiumKansas City
Las Vegas RaidersAllegiant StadiumOakland
Los Angeles ChargersDignity Health Sports ParkCarson
National Football Conference
DifyzjeTeamStadionStêd/gebiet
EastDallas CowboysAT&T StadiumArlington (Dallas)
New York GiantsMetLife StadiumEast Rutherford (New York)
Philadelphia EaglesLincoln Financial FieldPhiladelphia
Washington CommandersFedEx FieldLandover (Washington)
NorthChicago BearsSoldier FieldChicago
Detroit LionsFord FieldDetroit
Green Bay PackersLambeau FieldGreen Bay
Minnesota VikingsU.S. Bank StadiumMinneapolis
SouthAtlanta FalconsMercedes-Benz StadiumAtlanta
Carolina PanthersBank of America StadiumCharlotte
New Orleans SaintsMercedes-Benz SuperdomeNew Orleans
Tampa Bay BuccaneersRaymond James StadiumTampa
WestArizona CardinalsState Farm StadiumGlendale (Phoenix)
Los Angeles RamsLos Angeles Memorial ColiseumLos Angeles
San Francisco 49ersLevi's StadiumSanta Clara (San Francisco)
Seattle SeahawksCenturyLink FieldSeattle

Measte titels

Rekôrkampioen is Green Bay Packers mei trettjin NFL-titels, folge troch Chicago Bears en New York Giants, mei respektyflik njoggen en acht titels.

🔥 Top keywords: