Newcastle upon Tyne

Newcastle upon Tyne, faak ôfkoarte ta Newcastle, is in stêd (city) yn de county Tyne and Wear yn Noard-East Ingelân.

Newcastle upon Tyne
Polityk
LânFeriene Keninkryk
CountyTyne and Weare
RegioNoardeast Ingelân
Sifers
Ynwennertal273.600 (2008)
Oerflak113 km²
Stêdekloft1.093.400 (Tyne and Wear)

1.650.000 (Tyne and Wear City Region)

Oar
Stifting2e iuw
TiidsôneGMT (UTC+0)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjeel webstee: http://www.newcastle.gov.uk/
Lizzing fan Newcastle yn Ingelân

It is in selstandige gemeente; mei de gemeenten Noard-Tyneside, Súd-Tyneside en Gateshead foarmet it ien steedlik gebiet, de Newcastle-Gatesheadmetropoal. Newcastle is de meast wichtige stêd fan Noard-East Ingelân.

In ynwenner fan Newcastle wurdt ek wol in Geordie neamd.

Ut de skiednis

De stêd waard troch de Romeinen, ûnder keizer Hadrianus, stifte. It plak hjitte doe Pons Aelius. Neidat de Romeinen út Ingelân wei gien wiene, waard it plak, dat doe Monkchester hjitte, de haadstêd fan it keninkryk Northumbria en waard in wichtich beafeartsplak fanwege de Hillige Boarne fan de Jezusberch, no Jesmond. De stêd tanket har namme oan it kastiel dat yn 1080, fanwege Robert II, hartoch fan Normandje, de âldste soan fan Willem de Oermasterer set waard. Fjochterij mei de Wytsingen waard de stêd yn 1080 benei folslein by ferwoastge. De stêd waard in wichtich sintrum foar de wolhannel en letter waard de stienkoalwinning yn de omkriten fan grut belang.
Yn de midsiuwen wie Newcastle, strategysk oan de grins mei Skotlân, ek in festingstêd fan belang.

De haven en de skipswerven oan de Tyne ûntjoegen har tige yn de 16e iuw; de stêd waard doe ta ien fan de grutste sintrums yn de wrâld wat skipsbou en skipsreparaasjes oanbelange. De stêd groeide fierder yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje, mar de yndustry rekke healweis de 20e iuw yn de nederklits. Newcastle is no fral fan belang as sake- en kultuersintrum.

Berne yn Newcastle

  • Charles William Mitchell (1854–1903), keunstskilder
  • Basil Hume (1923-1999), kardinaal en aartsbiskop fan Westminster
  • David Pawson (1930), predikant en teolooch
  • Chas Chandler (1938-1996), muzikant (The Animals), produsint en manager
  • Hank B. Marvin (1941), musikus
  • Brian Johnson (1947), musikus
  • Sting (1951), musikus
  • Kevin Whately (1951), akteur
  • Abhisit Vejjajiva (3 augustus 1964), minister-presidint fan Tailân
  • Gary Robson (19 juny 1967), pylkjesmiter (darter)
  • Alan Thompson (22 desimber 1973), fuotballer
  • Sue Rolph (15 maaie 1978), swimster
  • Cheryl Ann Cole - Tweedy (30 juny 1983), sjongster
  • Richard J. Thompson (20 maaie 1986), sjonger
  • Joe McElderry (16 juny 1991), sjonger
🔥 Top keywords: