Oeigoeren

De Oeigoeren binne in Turksk folk út it Sineeske autonome gebiet Sinkiang (Xinjiang). Mei sa'n 8,82 miljoen (2003) minsken foarmje de Oeigoeren 45 % fan de befolking fan dit gebiet. Harren taal, it Oeigoersk, heart ta de Turkske talen.

Oeigoersk famke

Unôfhinklik

In oersicht fan de ferskillende ûnôfhinklike Oeigoerske kanaten en republiken troch de iuwen:

PerioadeOeigoerske kanaten/republikenHaadstêd
745 - 840Orhun-KanaatKarabalgasun
870 - 1036Kansoe-Kanaat (no provinsje Gansu yn Sina)-
850 - 1275Idikut-Kanaat (grutte dielen fan it tsjintwurdige Sinkiang)Ordubalik
870 - 1212Kanaat fan de Karachaniden (stifte troch de Karluken en OeigoerenKasjgar
1514 - 1678Saidia-KanaatYarkand
-ferskillende selsstannige regio's ûnder de Hodja's nei de earste Mantsjoe-Sineeske ynfallen yn East-Turkestan-
1866 - 1877Keninkryk Kasjgaarje (ûnder kriichshear Yakub Beg)Turfan / Turpan
12 nov. 1933 - 1934Earste Republyk East-Turkestan (gefolch fan in folksopstân tsjin de Sineeske oerheid)-
12/11/1944 - 20/10/1949Twadde Republyk East-Turkestan (stipe troch de Sovjetuny)-
🔥 Top keywords: