Turku

Turku (Sweedsk: Åbo) is in stêd yn it súdwesten fan Finlân, en leit oan de mûning fan de rivier de Aura yn de Eastsee; it is de haadstêd fan de regio Varsinais-Suomi. Turku fierde yn 1979 syn 750-jierrich bestean. Mei likernôch 180.000 ynwenners is Turku op fjouwer nei de grutste gemeente fan it lân, mar it stedsgebiet jildt nei Helsinky en Tampere as op twa nei it wichtichste fan it lân.

Turku
FlaggeWapen
Polityk
Lân Finlân
ProvinsjeWest-Finlân
GemeenteTurku
Sifers
Ynwennertal184.190 (2013)
Oerflak306,36 km² (lân en wetter)
Befolkingstichtens749,75 / km²
Stêdekloft315.751 (2013)
Hichte10 m
Oar
Stifting13e iuw
TiidsôneUTC+2
SimmertiidUTC+3
Websidewww.turku.fi
Plak fan de gemeente Turku yn Finlân
De Aura ûnder Turku

Turku is in twatalige gemeente mei Finsk as mearderheidstaal (± 89%) en Sweedsk as minderheidstaal.

Yn 2011 wie de unversiteitsstêd Turku tegearre mei Tallinn de kulturele haadstêd fan Europa.

It besjen wurdich

  • De grutte katedraal waard yn 1300 ynwijd.
  • It ek 13e iuwsk kastiel, dat yn 1614 ôfbaarne en yn 1961 fannijs boud waard, is no in histoarysk museum.

Underwiis

Turku hat twa universiteiten: de Finsktalige Universiteit fan Turku, oprjochte yn 1920, en de iennige Sweedsktalige universiteit fan it lân, Åbo Akademi, oprjochte yn 1918. Njonken dat hat de stêd in tal hegeskoallen (wêr't de grutste fan Finlân by sit) en de Turku School of Economics and Business Administration.

Berne yn Turku

  • Abraham Niclas Edelcrantz (1754-1821), baron en dichter
  • Johan Gadolin (1760-1852), skiekundige, natuerkundige en mineralooch
  • Rafael Erich (1879-1946), politikus, diplomaat en heechlearaar
  • Mauno Koivisto (1923), politikus
  • Pertti Jalava (1960), komponist en musikus
  • Marko Kitti (1970), skriuwer
🔥 Top keywords: