Wrâldjongereindagen

De Wrâldjongereindagen (WJD) is in ynternasjonaal barren dat om de trije jier troch de Roomsk-Katolike Tsjerke organisearre wurdt. De dagen wurde earne yn of by in grutte stêd holden en wurde yn 'e regel troch hunderttûzenen katolike jonge minsken bywenne.

Wrâldjongereindagen
Wrâldjongereindagen yn Lissabon (2023)
Wrâldjongereindagen yn Lissabon (2023)
plak en tiid
plakwikseljend
tiid fan it jierfaak juny, augustus
bysûnderheden
besteansûnt 1984
oprjochterJehannes Paulus II
org. trochRoomsk-Katolike Tsjerke
offisjele webside
Side Wrâldjongereindagen

De Wrâldjongereindagen is in inisjatyf út de tiid fan it pontifikaat fan paus Jehannes Paulus II. Doel is om jonge katoliken tusken de 16 en 35 jier sterker te meitsjen yn harren leauwen en om nei te tinken oer de rol fan God yn it libben.

Yn 2000 waarden de wrâldjongereindagen yn Rome holden om't dat jier in jubeljier wie.

Ornaris wurde de dagen om de trije jier organisearre. It tal dielnimmers fan de dagen hinget sterk ôf fan de lokaasje dêr't de dagen holden wurde en kin fariearje fan in pear hûnderttûzend oant in pear miljoen.

Yn 'e jierren dat der gjin ynternasjonaal barren is, wurdt in wrâldjongereindei (iental) organisearre per lân of bisdom. Dy dei fynt altiten plak op Palmpeaske en sûnt 2021 op Kristus-Kening, de lêste snein fan it tsjerklik jier.

It Fatikaan publisearre yn it ramt fan de Wrâldjongereindagen in dekreet, dêr't yn fêstlein waard dat dielnimmers in ôflaat krije kinne. Dan moat der wol foldien wurde oan de folgjende betingsten:

  • net yn de steat fan de sûnde ferkeare en dielnimme oan de bycht,
  • nei de kommuny gean,
  • bidde foar de paus.

Jiertallen en plakken Wrâldjongereindagen

JierPlakTal dielnimmersTal dagen
(data)
Tema
1984 Fatikaanstêd300.0001
(15 april)
Hillich Jier fan 'e Ferlossing
1985 Fatikaanstêd300.0001
(31 maart)
Ynternasjonaal Jier fan 'e Jongerein
1987 Buenos Aires, Argentinië1.000.0002
(11-12 april)
Wy kenne en leauwe de leafde dy't God foar ús hat. (1 Jehannes 4:16)
1989 Santiago de Compostella, Spanje600.0006
(15-20 augustus)
Ik bin de Wei, de Wierheid en it Libben. (Jehannes 14:6)
1991 Czestochowa, Poalen1.600.0006
(10-15 augustus)
Jimme hawwe de Geast krige. dy't bern fan God fan jim makket. (Romeinen 8:15)
1993 Denver, Feriene Steaten700.0006
(10-15 augustus)
Ik bin kommen dat se libben en oerfloed hawwe meie. (Jehannes 10:10)
1995 Manilla, Filipinen5.000.0006
(10-15 augustus)
Lykas myn Heit My útstjoerd hat, stjoer Ik jimme út. (Jehannes 20:21)
1997 Parys, Frankryk1.200.0006
(19-24 augustus)
Rabby, wêr wenje jo? - Kom mei dan sille jimme it sjen. (Jehannes 1:38-39)
2000 Fatikaanstêd2.000.0006
(15-20 augustus)
En it Wurd is minske wurden en Hy hat ûnder ús wenne. (Jehannes 1:14)
2002 Toronto, Kanada800.0006
(23-28 july)
Jimme binne it sâlt fan 'e ierde. Jimme binne it ljocht fan 'e wrâld. (Mattéus 5:13-14)
2005 Keulen, Dútslân1.000.0006
(16-21 augustus)
Wy binne kommen om Him hulde te dwaan. (Mattéus 2:2)
2008 Sydney, Austraalje400.0006
(15-20 july)
Mar jimme sille fersterke wurde troch de Hillige Geast dy't oer jimme komt. (Hannelingen 1:8)
2011 Madrid, Spanje2.000.0006
(16-21 augustus)
Bliuw fêst bewoartele yn Him, lit jimme op Him bouwe en wurd befêstige yn it leauwen. (Kolossers 2:7)
2013 Rio de Janeiro, Brazylje3.700.0006
(23-28 july)
Gean der op út en meitsje alle folken learlingen fan My. (Mattéus 28:19)
2016 Krakau, Poalen3.500.0007
(25-31 july)
Sillich de barmhertigen, want hja sille barmhertichheid ûnderfine (Mattéus 5:7)
2019 Panama-Stêd, Panama700.0006
(22-27 jannewaris)
Ik stean ta jo tsjinst, Hear, dat it my neffens jo wurden gean mei (Lukas 1:38)
2023 Lissabon, Portugal1.500.000[1]6
(01-06 augustus)
Marije gie hastich op reis (Lukas 1:39)
2027 Seoel, Súd-Koreä

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De dielnimmeroantallen fan de dagen yn 1984 oant en mei 2019 binne ôfkomstich fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch en:World Youth Day


🔥 Top keywords: