1 april

datum
Werom—healjierfearnsjiermoanneAlle dagenmoannefearnsjierhealjier—Fierder
 252627282930311 april2345678 


<<April>>
motiwotofrsosi
01020304050607
08091011121314
15161718192021
22232425262728
2930 
2024

1 april is de 91e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 92e). Der folgje noch 274 dagen oan 'e ein fan it jier ta.

Op 1 april wurde tradisjoneel grappen makke, wêrby't men jins slachtoffer foar de gek besiket te hâlden. Sokke grappen wurde aprilgrappen neamd.

Foarfallen

Aprilgrap, 1962:in byld fan Peaske-eilân is oanspield
  • 457 - Majorianus komt yn it Westromeinske Ryk op de troan mei stipe fan Risimer en Leo I yn Byzantium.
  • 1429 - De Denen skaffe it tolbeteljen op de Sont ôf
  • 1549 - Kroanprins Filips komt út Spanje wei yn Brussel oan
  • 1572 - Ynname fan Den Briel troch de wettergeuzen, wat oanlieding jout ta it rymke Op 1 april verloor Alva zijn bril (en op 2 mei zijn neus erbij).
  • 1924 - Adolf Hitler wurdt feroardield ta fiif jier finzenisstraf foar syn dielname oan de Bierkellerputsch. Hy sit mar njoggen moanne yn de finzenis, wêr't hy it earste diel fan syn boek Mein Kampf skriuwt.
  • 1928 - Oprjochting Van Doorne's AanhangwagenFabriek, letter bekend as Van Doorne's AutomobielFabryk (DAF).
  • 1929 - Yntroduksje fan de jojo yn New York.
  • 1937 - Aden wurdt in kroankoloanje fan it Feriene Keninkryk.
  • 1994 - De KNKB fusearret mei it Kristlike bûn foar de Fryske Keatssport, CFK, mar behâldt de namme KNKB.
  • 2001 - Yn Nederlân wurdt, as earste lân yn de wrâld it homohoulik ynfierd.
  • 2002 - Nederlân legalisearret eutanasy.
  • 2005 - Yn Feanwâlden wurdt in genoatskip oprjochte om de neitins oan skriuwer Theun de Vries yn eare te hâlden.
  • 2009 - Albaanje en Kroaasje komme by de NAFO, dêrmei komt it tal lannen fan de NAFO op 28.

Berne

Ferstoarn


 252627282930311 april2345678 
Werom—healjierfearnsjiermoanneAlle dagenmoannefearnsjierhealjier—Fierder

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

🔥 Top keywords: