Antigûa en Barbûda

(Trochferwiisd fan Antigua en Barbûda)
Antigua and Barbuda
Flagge fan Antigûa en BarbûdaWapen fan Antigûa en Barbûda
FlaggeWapen
Lokaasje fan Antigûa en Barbûda
Offisjele taalIngelsk
HaadstêdSaint John's
Steatsfoarmparlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
442 km²
-­%
Ynwenners (2015)92.436 (209,1 km²)
MuntEast Karibyske Dollar (XCD)
TiidsôneUTC -4
Nasjonale feestdei1 novimber
LânkoadeATG
Ynternet.ag
Tillefoan1268

Antigûa en Barbûda is in eilânsteat yn it eastlike part fan de Karibyske See, op de grins mei de Atlantyske Oseaan en bestiet út in kloft eilannen. De haadstêd fan de eilânsteat is Saint John's.

Ingelske- en Falmouth haven (2000)

Skiednis

Antigûa en Barbûda is lid fan it Britske Mienebest en waard op 1 novimber 1981 ûnôfhinklik. De Britske keninginne is steatshaad.

Geografy

Antigûa en Barbûda wurdt foarme troch de eilannen Antigûa, Barbûda en Redonda. Antigua en Barbûda meitsje ûnderdiel út fan de Boppewynske Eilannen yn de Lytse Antillen. Yn it suden befynt him it Frânske eilân Guadelûp, yn it súdwesten it Britske Montserrat, yn it westen Sint-Kits en Nevis en yn it noardwesten it by Guadelûp hearende Sint-Barthélemy.

Grutste plakken

De tsien grutste plakken fan Antigûa en Barbûda (allegear op Antigûa) wiene yn 2001:

PlakYnwennertal
Saint John's22.634
All Saints3.412
Liberta2.239
Potter's Village2.067
Bolans1.785
Swetes1.573
Seaview Farm1.486
Pigotts1.363
Parham1.276
Clare Hall1.273

It grutste plak fan Barbûda is Codrington (980 ynwenners yn 2001).

Befolking

Mear as 75% fan de befolking is kristen. De grutste tsjerke is de Anglikaanske tsjerke.

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: