Formule 1

De Formule 1 wurdt ornaris sjoen as de heechste klasse yn 'e autosport. De koepelorganisaasje Fédération Internationale de l'Automobile (FIA) is ferantwurdlik foar de organisaasje. Om dielnimme te meien moatte de auto's foldwaan oan 'e betingsten dy't troch de FIA steld binne. Dy auto's dogge alle jierren op sa'n 20 ferskillende sirkwys oan de Formule 1 mei.

Formule 1 wedstriid (Kanada, 2008)

Beskriuwing

It Formule 1-seizoen bestiet út sa'n tweintich ferskillende races. Sa'n race wurdt ek wol "Grutte Priis" (yn it Frânsk Grand Prix) neamd. De measte race's wurde hâlden op racesirkwys en stedssirkwys (Monako). Mei de resultaten fan de race's wurde alle jierren twa wrâldkampioenen bepaalt: ien kampioenstitel foar kûreurs en ien kampioenstitel foar konstrukteurs. Europa is it tradisjonele sintrum fan de Formule 1 en suver alle teams binne fan Europeeske oarsprong. Tsjintwurdich wurdt sa likernôch de helte fan alle races yn Europa hâlden, rûchwei de oare helte fynt op oare kontintinten plak.

Skiednis

De Formule 1 hat syn woartels yn 'e "Grand Prix Racing" fan de jierren tweintich en tritich fan de tweintichste iuw. De "formule" yn de namme ferwiist nei de regleminten fan 'e organisaasje dêr’t alle dielnimmers en auto’s oan foldwaan moatte. Fuort nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich waard yn 1946 ta oprjochting fan de nije formule 1-klasse besletten. Der waarden yn dat jier al in stikmannich races hâlden, mar de World Drivers' Championsship waard pas yn 1947 offisjeel. De earste kampioenskipsrace waard holden op Silverstone yn Grut-Brittanje yn 1950. It kampioenskip foar konstrukteurs waard yn 1959 taheakke. yn de jierren sechstich en santich bestienen der yn Grut-Brittanje en Súd-Afrika nasjonale kampioenskippen. Oant en mei de jierren tachtich fan de tweintichste iuw waarden ek races bûten it offisjele kampioenskip om holden. Dat fenomeen ferdwûn yn 1983.

Grutte Priis

In Grutte Priis yn de Formule 1 beslacht in folslein wykein en begjint mei trije trainingen: Twa op de freed en ien op de sneontemoarn. By de earste training op freed mei eventueel in tredde kûreur efter it stjoer fan ien fan de twa auto’s fan in team dielnimme. Op de sneontemiddei folget in kwalifikaasje dêr’t de startfolchoarder foar de race op snein fêststeld wurdt.

Kwalifikaasje

De kwalifikaasje is yn 'e rin fan de jierren in oantal kearen feroare. Hjirûnder wurdt it kwalifikaasjesysteem fan seizoen 2021 beskreaun.

Der wurdt by de kwalifikaasje wurke mei in ôffalsysteem. Der binne trije kwalifikaasjerûnden: Q1, Q2 en Q3. De Q is in Ingelske ôfkoarting foar "qualification":

  • Q1: Yn de earste kwalifikaasje meie tweintich auto's achtjin minuten de baan op. Oan 'e ein falle de fiif stadichste auto’s ôf. Dy auto’s sille op basis fan harren fluchste tiid de lêste fiif startplakken op snein ynnimme.
  • Q2: Yn de twadde kwalifikaasje meie de oerbleaune fyftjin auto’s fyftjin minuten de baan op. Ek oan 'e ein fan dy kwalifikaasje falle de fiif stadichste auto’s ôf (lykas by de earste kwalifikaasjerûnde).
  • Q3: Yn de tredde kwalifikaasje geane de tsien fluchste kûreurs tolve minuten de baan op om op basis fan tiid te bepalen wa’t fan it earste startplak ôf starte mei.

De tsien kûreurs dy’t Q3 helle ha, moatte de sneins yn de race starte op it type bannen dat se brûkt hawwe yn de twadde kwalifikaasje. De oare tsien kûreurs meie sels bepale op hokker type bannen se de race starte.

De race

Foar't de race begjint meie de kûreurs earst in rûntsje waarmride. Dêrnei wurde se foar de startline opsteld yn 'e folchoarder dy't by de kwalifikaasje bepaalt is.

It startsinjaal boppe it sirkwy wurdt jûn troch ljochtsysteem, wannear't alle lampen út binne mei de auto's starte. De ôfstân fan in Grutte Priis is gelyk oan it lytste oantal rûntsjes dy't mei-inoar in minimale ôfstân fan 305 kilomter beslaan.In Grutte Priis mei lykwols net langer duorje as twa oeren. In formule 1-race duorret yn trochsneed sa’n 90 minuten. By de race mei in kûreur ien as meardere kearen fan de baan ôf om bannen te wikseljen of de auto reparearje te litten.

Formule 1-auto's

In Formule 1-auto is een iepen, ienpersoans-auto mei iepen lizzende tsjillen. Oan 'e foar en efterkant fan de auto binne saneamde wjukken befêstige. De hurde regels foar de auto's binne opsteld mei de bedoeling om it oantal ûngemakken en slimme ferwûningen te beheinen en om lytsere teams likense kânsen te jaan om te winnen.

Formule 1-wrâldkampioenen

Giuseppe Farina earste F1 wrâldkampioen
seizoenOantal
Races
WrâldkampioenAuto
Tiim
LânLeeftiid1Punten2Oerwinningen
19507Giuseppe FarinaAlfa Romeo Itaalje44303
19518Juan Manuel Fangio Argentynje40313
195238Alberto AscariFerrari Itaalje34366
1953393534,55
19549Juan Manuel FangioMercedes Argentynje43426
1955744404
19568Ferrari45303
19578Maserati46404
195811Mike HawthornFerrari Grut-Brittanje29421
19599Jack BrabhamCooper-Climax Austraalje33312
19601034435
19618Phil HillFerrari Feriene Steaten34342
19629Graham HillB.R.M. Grut-Brittanje33424
196310Jim ClarkLotus27547
196410John SurteesFerrari30402
196510Jim ClarkLotus29546
19669Jack BrabhamBrabham Austraalje40424
196711Denis Hulme Nij-Seelân31512
196812Graham HillLotus Grut-Brittanje39483
196911Jackie StewartMatra30636
197013Jochen Rindt4Lotus Eastenryk28455
197111Jackie StewartTyrrell Grut-Brittanje32626
197212Emerson FittipaldiLotus Brazylje25615
197315Jackie StewartTyrrell Grut-Brittanje34715
197415Emerson FittipaldiMcLaren Brazylje27553
197514Niki LaudaFerrari Eastenryk2664,55
197616James HuntMcLaren Grut-Brittanje29696
197717Niki LaudaFerrari Eastenryk28723
197816Mario AndrettiLotus Feriene Steaten38646
197915Jody ScheckterFerrari Súd-Afrika29513
198014Alan JonesWilliams Austraalje34675
198115Nelson PiquetBrabham Brazylje29503
198216Keke RosbergWilliams Finlân34441
198315Nelson PiquetBrabham Brazylje31593
198416Niki LaudaMcLaren Eastenryk35725
198516Alain ProstMcLaren Frankryk30735
19861631724
198716Nelson PiquetWilliams Brazylje35733
198816Ayrton SennaMcLaren28908
198916Alain Prost Frankryk34764
199016Ayrton Senna Brazylje30786
19911631967
199216Nigel MansellWilliams Grut-Brittanje391089
199316Alain Prost Frankryk38997
199416Michael SchumacherBenetton Dútslân25928
199517261029
199616Damon HillWilliams Grut-Brittanje36978
199717Jacques Villeneuve Kanada26817
199816Mika HäkkinenMcLaren Finlân301008
19991631765
200017Michael SchumacherFerrari Dútslân311089
200117321239
2002173314411
20031634936
2004183514813
200519Fernando AlonsoRenault Spanje241337
200618251347
200717Kimi RäikkönenFerrari Finlân281106
200818Lewis HamiltonMcLaren Grut-Brittanje23985
200917Jenson ButtonBrawn29956
201019Sebastian VettelRed Bull Racing Dútslân232565
2011192439211
201220252815
2013192639713
201419Lewis HamiltonMercedes Grut-Brittanje2938411
2015193038110
201621Nico Rosberg Dútslân313859
201720Lewis Hamilton Grut-Brittanje323639
2018213340811
2019213441311
2020173534711
202122Max VerstappenRed Bull Racing Nederlân24395.510
2022222545415
2023222657519


1 Leeftyd fan 'e respektyflike kûreur per jier; Oft de jierdei foar, tidens of nei it seizoen plakfûn, wurdt hjir net rekken mei hâlden.

2 It oantal punten komt oerien mei de punten skoard foar it WK, net de punten dy't werklik helle binne; foar 1990 wienen der resultaten dy’t skrast wurde koenen.

3 It wrâldkampioenskip auto's waard holden yn 'e jierren 1952 en 1953 neffens de Formule 2 regeljouwing (ûnder oaren mei in signifikant lytsere motor).

4 postúm

Konstrukteurs Wrâldkampioenskip

PlakKonstrukteurLânTitelsJier
1Ferrari Itaalje161961
1964
1975–1977
1979
1982
1983
1999–2004
2007
2008
2Williams Grut-Brittanje91980
1981
1986
1987
1992–1994
1996
1997
3McLaren Grut-Brittanje81974
1984
1985
1988–1991
1998
Mercedes Dútslân2014–2021
4Lotus Grut-Brittanje71963
1965
1968
1970
1972
1973
1978
Red Bull Racing Eastenryk2010–2013
2021–2023
7Cooper Grut-Brittanje21959
1960
Brabham1966
1967
Renault Frankryk2005
2006
10Vanwall Grut-Brittanje11958
B.R.M.1962
Matra Frankryk1969
Tyrrell Grut-Brittanje1971
Benetton1995
Brawn2009

Sjoch ek

Keppeling om utens

 Commons: Formule 1 – foto, fideo en harktriemmen
🔥 Top keywords: