Sinéad O'Connor

Sinéad Marie Bernadette O'Connor, (Dublin, 8 desimber 1966 - Londen, 26 july 2023) wie in Iersk singer-songwriter. Sy waard ein jierren tachtich bekend mei har debútalbum The Lion and the Cobra en hie 1990 oer de hiele wrâld in soad súkses mei in nije bewurking fan Prince syn liet "Nothing Compares 2 U".

Sinéad O'Connor
sjonger en/of muzikant
Sinéad O'Connor, 2013
Sinéad O'Connor, 2013
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSinéad Marie Bernadette O'Connor
nasjonaliteit Iersk
berne8 desimber 1966
berteplakDublin
stoarn26 july 2023 (56 jier)
stjerplakLonden
wurkpaad
sjenreAlternative rock, Poprock, Folkrock
sjongtaalIngelsk, Iersk
ynstrumintGitaar, piano
grutste hit(s)Nothing Compares 2 U
jierren aktyf1986-no
offisjele webside
Offisjeel webstee
Sinéad O’Connor, 2008

Sy wie ek bekend om har útsprutsen mieningen oer organisearre religy, frouljusrjochten, oarloch en bernemisbrûk, dy't út en troch opskuor en kontroverse feroarsake hawwe.

O'Connor makke tsien solo-albums, mar ek in protte singles en filmlieten. Teffens hat se oparbeide mei tal fan oare artysten en die hja mei oan konserten foar goede doelen.

Yn 2017 feroare O'Connor har namme yn Magda Davitt. Nei 't se har yn 2018 ta de islam bekearde, feroare se dy yn Shuhada' Sadaqat. Se bleau lykwols platen opnimmen en optreden ûnder har bertenamme.

Sinéad O'Connor waard op 26 july 2023 dea oantroffen yn in appartemint yn de wyk Herne Hill yn Londen, dêr 't se sûnt in pear wike wenne.[1][2][3] Se waard op 8 augustus beïerdige yn de Ierske stêd Bray.

Diskografy

Studio-albums

AlbumUtbrocht opLabelSingles
The Lion and the Cobra4 novimber 1987ChrysalisTroy
Mandinka
I Want Your (Hands on Me)
I Do Not Want What I Haven't Got20 maart 1990Jump in the River
Nothing Compares 2 U
The Emperor's New Clothes
Three Babies
Am I Not Your Girl?22 septimber 1992Success Has Made a Failure of Our Home
Don't Cry for Me Argentina
Universal Mother13 septimber 1994Thank You for Hearing Me
Fire on Babylon
Famine
Faith and Courage13 juny 2000AtlanticNo Man's Woman
Jealous
Sean-Nós Nua8 oktober 2002VanguardÓró, Sé Do Bheatha 'Bhaile
Throw Down Your Arms4 oktober 2005Chocolate and VanillaMarcus Garvey
Throw Down Your Arms
Theology18 juny 2007RubyworksI Don't Know How to Love Him
We People Who Are Darker Than Blue
How About I Be Me (And You Be You)?20 febrewaris 2012One Little IndianThe Wolf Is Getting Married
4th and Vine
Old Lady
I'm not bossy, I'm the boss11 augustus 2014NettwerkTake Me to Church
8 Good Reasons
How About I Be Me
Sinéad O'Connor (1987)

Live-albums

AlbumUtbrocht opLabel
Live at the Sugar Club8 desimber 2008Rubyworks

Kompilaasje-albums

AlbumUtbrocht op
So Far... The Best Of25 novimber 1997
Sinéad O'Connor
(Best Of)
12 desimber 2000
She Who Dwells in the Secret Place
of the Most High Shall Abide
Under the Shadow of the Almighty
9 septimber 2003
Collaborations21 juny 2005
Essential29 septimber 2005
EP

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sinéad O'Connor fan Wikimedia Commons.
🔥 Top keywords: