Denis Mukwege

Denis Mukwege (folút: Denis Mukengere Mukwege; Bukavu, 1 maart 1955) is in Kongoleeske gynekolooch en Nobelpriiswinner. Hy is de oprjochter fan it Panzi-sikehûs yn Bukavu, dêr't er him spesjalisearre hat yn 'e medyske behanneling fan froulju dy't yn en nei de Twadde Kongoleeske Oarloch it slachtoffer wurden binne fan groepsferkrêftings, benammen troch striders fan 'e ferskate rebellegroepen. Mukwege wurdt anno 2018 beskôge as de liedende ekspêr yn 'e wrâld op it mêd fan ferwûnings oan 'e geslachtdielen dy't feroarsake binne troch ferkrêfting. Syn opkommen foar ferkrêftingsslachtoffers waard him yn 'e Kongo troch in soad manlju net yn tank ôfnommen, en nei in moardoanslach yn 2012 moast er in skoft yn ballingskip gean. Yn 2014 waard oan Mukwege troch de Jeropeeske Uny de Sacharovpriis takend, en yn 2018 wûn er tegearre mei de Jezidyske frouljusrjochte-aktiviste Nadia Moerad de Nobelpriis foar de Frede.

Denis Mukwege
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDenis Mukengere Mukwege
nasjonaliteit Kongoleesk
berne1 maart 1955
berteplakBukavu (Belgyske Kongo)
etnisiteit?
wurkpaad
berop/amtgynekolooch
aktyf asfrouljusrjochte-aktivist
jierren aktyf±1980 – no
prizenSacharovpriis 2014
Nobelpriis foar de Frede 2018

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Mukwege waard yn 1955 berne yn Bukavu, in stêd yn it easten fan wat doe noch de Belgyske Kongo wie. Hy wie de trêde fan njoggen bern yn it gesin fan in pinksterkristlike dûmny en dy syn frou. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, besleat Mukwege en doch in stúdzje medisinen, om't er de sike lju, foar wa't syn heit altyd bea, genêze woe. Nei't er tsjûge west hie fan 'e komplikaasjes by de berte dêr't froulju yn 'e eastlike Kongo (of Saïre, sa't it lân doe hiet) mei te krijen hiene om't der gjin spesjalistyske sûnenssoarch foar harren bestie, keas er der nei it ôfrûnjen fan 'e algemiene oplieding foar om him fierder ta te lizzen op ferloskunde.

Mukwege mei it lintsje fan it Frânske Légion d'Honneur.

Nei't er syn medyske oplieding yn Boerûndy ôfmakke hie, gie Mukwege as ferloskundige oan it wurk yn it sikehûs fan Lemera, op it Kongoleeske plattelân yn 'e omkriten fan Bukavu. Dêr kaam er pasjintes tsjin dy't nei de berte freeslike pine en genitale bliedings krigen om't der mank de medyske stân yn Saïre gjin kennis bestie om harren oandwanings te behanneljen. Sadwaande briek Mukwege syn wurk ôf en reizge nei Frankryk, dêr't er gynekology studearre oan 'e Universiteit fan Angers.

Karriêre

Mukwege sette syn wurk yn it sikehûs fan Lemera fuort nei't er as diplomearre gynekolooch yn Saïre weromkeard wie. Doe't nei it útbrekken fan 'e Earste Kongoleeske Oarloch, yn 1996, de sitewaasje yn Lemera te gefaarlik foar him waard, gied er nei syn berteplak Bukavu, dêr't er inkele jierren yn oare sikehuzen wurke. Yn 1999, in jier nei it útbrekken fan 'e ekstreem bloedige Twadde Kongoleeske Oarloch, stifte Mukwege yn Bukavu it Panzi-sikehûs. Dêr spesjalisearre er him fierder yn it helpen fan 'e froulju dy't dêr mei skriklike genitale ferwûnings binnenbrocht waarden nei't se it slachtoffer wurden wiene fan groepsferkrêftings. Sokke oarlochsmisdieden waarden yn it easten fan wat doe ûnderwilens de Demokratyske Republyk Kongo wurden wie, troch alle stridende partijen as oarlochswapen brûkt, mar benammen troch de ferskate rebellegroepearrings.

Sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren hat Mukwege syn wurk grutdiels bestien út genitale plastyske sjirurgy. Anno 2018 hat er mear as 85.000 froulju holpen fan wa't de ferwûnings yn 60% fan 'e gefallen feroarsake wiene troch seksueel geweld. Yn in fraachpetear omskreau er hoe't syn pasjintes soms op eigen krêft folslein neaken syn sikehûs witte te berikken. Hy ferrjochte persoanlik soms wol tsien operaasjes deis, wêrby't er dan wurkdagen fan 18 oeren makke.

Denis Mukwege sprekt yn 2014 it Jeropeesk Parlemint ta by de útrikking (oan him) fan 'e Sacharovpriis.

Yn septimber 2012 joech Mukwege in taspraak foar de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes, wêryn't er de straffeleazens foar de massale ferkrêftings yn 'e Demokratyske Republyk Kongo feroardiele en it Kongoleeske regear sawol as bûtenlânske machten bekritisearre mei't se net genôch diene om in ein te meitsjen oan wat er "in ûnrjochtlike oarloch" neamde, "dy't gebrûk makket fan geweld tsjin froulju en ferkrêfting as in oarlochsstrategy."

Wierskynlik as reäksje op syn taspraak foar de Feriene Naasjes foelen op 25 oktober 2012 fjouwer wapene manlju Mukwege syn wente yn Bukavu binnen. Om't er sels net thús wie, gizelen se syn dochters en wachten oant er thúskomme soe om him te fermoardzjen. Doe't er thúskaam, waard Mukwege syn libben rêden troch syn liifwacht, dy't sels lykwols deasketten waard. De dokter wist dekking te sykjen en oerlibbe de dêropfolgjende sjitpartij. Neitiid moast er foar syn eigen feilichheid de wyk nimme nei Jeropa, dêr't er in fearnsjier yn ballingskip trochbrocht yn Frankryk. Neffens it Panzi-sikehûs hie syn ôfwêzigens in ûntstellend effekt op 'e deistige gong fan saken dêre.

Op 14 jannewaris 2013 kearde Mukwege werom nei Bukavu, dêr't er in waarm wolkom krige fan it meastepart fan 'e befolking. Benammen syn pasjinten wiene tige bliid him werom te sjen, en hiene jild ynsammele foar syn fleanticket fan Frankryk nei Kongo troch mei ananassen en sipels te suteljen. Datselde jiers kende de Jeropeeske Uny oan Mukwege de Sacharovpriis foar de minskerjochten ta. Yn 2018 wûn er de tige prestizjeuze Nobelpriis foar de Frede, tegearre mei Nadia Moerad, in Iraakske frou dy't de Jezidyske Genoside en seksuële slavernij yn 'e hannen fan 'e striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) oerlibben hie.

Prizen

jierpriisnasjonaliteitorganisaasjedield mei
2008Minskerjochtepriis fan de Feriene Naasjes ynternasjonale mienskipFeriene Naasjes
Olof Palme-priis Swedenoerheid
2009Afrikaan fan it Jier Nigeariakrante Daily Trust
ridder yn it Légion d'Honneur Frankrykoerheid
2010Van Heuven Goedhart-priis NederlânStichting Vluchteling
earedoktoraat SwedenUniversiteit fan Umeå
Wallenberg Medalje Feriene SteatenUniversiteit fan Michigan
2011Kening Boudewyn Ynternasjonale Untwikkelingspriis Belgjeoerheid
Clinton Global Citizen Award Feriene SteatenClinton Foundation (útrikt troch Bill Clinton)
2012Deutscher Medienpreis DútslânDútske media
ofsier yn it Légion d'Honneur Frankrykoerheid
2013Civil Courage Prize Feriene SteatenThe Train Foundation
Human Rights First Award Feriene SteatenHuman Rights First
Right Livelihood Award SwedenRight Livelihood Award Foundation
Priis foar Konfliktprevinsje FrankrykFondation Chirac
2014earedoktoraat BelgjeKatolike Universiteit fan LeuvenLawrence Lessig en Jigme Thinley
Hillary Clinton Award Feriene SteatenUniversiteit fan GeorgetownWilliam Hague
Inamori Ethics Prize Feriene SteatenInamori Center for Ethics and Excellence
fan 'e Case Western Reserve University
Solidariteitspriis BelgjeMédicins du Monde
Sacharovpriis Jeropeeske UnyJeropeesk Parlemint
2015earedoktoraat Feriene SteatenUniversiteit fan Harvard
Gulbenkianpriis PortegalCalouste Gulbenkian Foundation
Champion Peace Award Feriene SteatenWomen for Women International
2016Prix Héros pour l'Afrique BelgjeHéros pour l'Afrique
Renfield Foundation Award for Global Women's Health Feriene SteatenUniversity of Pennsylvania School of Nursing
Four Freedoms Award NederlânRoosevelt Stichting
Scandinavian Human Dignity Award SkandinaavjeScandinavian Human Rights Lawyers & Committee
Seoul Peace Award Súd-Koreäoerheid
2017earedoktoraat SkotlânUniversiteit fan Edinburch
2008earedoktoraat FrankrykUniversiteit fan Angers
earedoktoraat BelgjeUniversiteit fan Luik
Nobelpriis foar de Frede NoarwegenNobelkomiteeNadia Moerad

Publikaasjes

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: