Olympyske Simmerspullen 2016

De Olympyske Simmerspullen fan 2016 (Portegeesk: Jogos Olímpicos de Verão de 2016), offisjeel bekend as de Spullen fan de XXXI Olympiade, wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e simmer fan 2016 holden waard yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro. Hoewol't dizze edysje fan 'e Simmerspullen formeel fan 5 oant 21 augustus rûn, wiene de groepswedstriden fan it frouljusfuotbal al op 3 augustus úteinset, twa dagen foar de iepeningsseremoanje. Oan 'e Spullen diene mear as 11.000 sporters mei út 206 ûnderskate lannen. Foar Kosovo en Súd-Sûdan wie dit har earste dielname ea oan 'e Olympyske Spullen. It evenemint omfieme fierders 306 ûnderdielen yn 28 ferskillende sporten, wêrfan't it meastepart organisearre waard yn of om Rio de Janeiro, wylst in diel 'útbestege' waard oan fiif oare Brazyljaanske stêden, te witten: Belo Horizonte, Brasilia (de haadstêd), Manaus, São Paulo en Salvador. De Spullen fan Rio de Janeiro wiene de earste edysje fan 'e Olympyske Spullen (Simmer- en Winterspullen) dy't yn Súd-Amearika holden waarden, en teffens de earsten dy't yn in Portegeesktalich lân holden waarden. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Rio de Janeiro ek de Paralympyske Simmerspullen organisearre.

XXXIe Olympiade
holden ynRio de Janeiro (Brazylje)
jier2016
data3-21 augustus
organisatorIOC
dielnimmende lannen206
dielnimmende atleten> 11.000
eveneminten306 yn 28 sporten
iepeningsseremoanje5 augustus
slutingsseremoanje21 augustus
edysjes
foarrige edysjeLonden 2012
folgjende edysjeTokio 2020
Temaside Sport

Organisaasje en swierrichheden

De organisaasje fan 'e Olympyske Simmerspullen fan Rio de Janeiro waard pleage troch ferskate swierrichheden en skandalen. Yn it foarste plak fûn in grut part fan 'e Brazyljanen dat it regear mei de organisaasje fan it evenemint foar miljarden dollars fuortsmiet dy't better brûkt wurde kinnen hiene foar de sûnenssoarch, de nasjonale ynfrastruktuer of it miljeu. Sadwaande wiene der yn 'e oanrin nei en ek noch ûnder de Spullen ferskate grutte demonstraasjes tsjin it sportbarren.

Troch in ekonomyske krisis yn Brazylje kaam fierders de oanlis fan 'e nedige sportfasiliteiten, ynfrastruktuer en de ûnderkommens fan 'e sporters yn 'e knipe. In protte projekten kamen pas luttele dagen foar de iepeningsseremoanje ree en guon bûtenlânske ôffurdigings wiene min te sprekken oer de steat fan har ferbliuwen yn it Olympysk doarp, dêr't nei't it skynt lekkende wetterliedings en bleatlizzende elektrisiteitsbekeabeling fuort njonkeninoar foarkaam. Troch inregearingskrisis wêrby't de Brazyljaanske presidinte Dilma Rousseff in fearnsjier foar de Spullen oan 'e kant waard op beskuldiging fan korrupsje waarden dizze swierrichheden noch oanboaze.

Follybalster Fabiana Claudino draacht it Olympyske flam.

As oft dat noch net genôch wie, hie Brazylje ûnderwilens ek noch te krijen mei in útbraak fan it troch langpoaten oerbrochte sikafirus, dat by ûnberne poppen de oandwaning mikrosefaly feroarsaakje kin (in ferlytsing fan 'e plasse dy't de ûntjouwing fan 'e harsens behinderet). Dat firus is sadwaande yn it bysûnder gefaarlik foar swiere froulju, mar is ek net ûngefaarlik foar oare persoanen. De measte sporters besleaten nettsjinsteande dat risiko dochs nei Brazylje ôf te reizgjen; inkeld yn it manljusgolf wiene der om dizze reden in protte ôfsizzings.

In probleem fan in hiele oare grutte wie de Baai fan Guanabara, dêr't it hurdsilen en wynsurfen holden waard, mar dy't desennialang troch Rio de Janeiro brûkt wie om it rioelwetter op te loazen. It organisearjend komitee hie ûnthjitten dat de baai skjinmakke wurde soe, mar dêr kaam neat fan op 'e hispel en doe't de Olympyske Spullen úteinsetten, wie der inkeld besocht om it driuwend ôffal út it sylwetter te kearen. Ferskate silers seine dat dit it smoarchste wetter wie dêr't se ea op syld hiene, en oaren, dy't oerboard slein of kapseisd wiene, rapportearren neitiid dreech te bestriden bakteriële ynfeksjes.

Ta ein beslút hie it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) syn eigen soargen, mei it Russysk dopingskandaal, dat in skaad oer de Olympyske Simmerspullen fan 2016 smiet. De Russyske atletykploech waard hielendal útsletten fan dielname, mar it IOC besleat in pear dagen foar de iepening fan 'e Spullen dat oare Russyske sporters wol dielnimme mochten as harren respektivelike ynternasjonale sportbûnen dat goedkarden. Dy beslissing kaam it IOC op in protte krityk te stean, net yn it lêste plak fan 'skjinne' atleten, dy't poerlulk wiene dat bewiisde dopingbrûkers dochs talitten waarden. Doe't in pear dagen nei de iepeningsseremoanje it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) àl besleat om 'e hiele Russyske ploech út te sluten fan dielname oan 'e Paralympyske Simmerspullen fan 2016, pleatste dat de eardere beslissing fan it IOC hielendal yn in nuver ljocht.

Sporten

De folgjende sporten makken diel út fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2016, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes. (Offisjeel wiene der 28 sporten, mar dan wurde alle wettersporten as ien sport beskôge en bgl. follybal en strânfollybal ek.)


Kalinder

ISiepeningsseremoanjegroeps- en kwalifikaasjewedstriden1finalesSGshowgalaÔSôfslutingsseremoanje
augustus3
woa.
4
tong.
5
freed
6
sneon
7
snein
8
moan.
9
tii.
10
woa.
11
tong.
12
freed
13
sneon
14
snein
15
moan.
16
tii.
17
woa.
18
tong.
19
freed
20
sneon
21
snein
finales
seremoanjesISÔS
Atletyk354554677147
Baanhurdfytsen12211310
Badminton11215
Basketbal112
Berchfytsen112
Bôgesjitten11114
Boksen1111113413
Dykhurdfytsen1124
Follybal112
Fuotbal112
Gewichtheffen122222111115
Gymnastyk ritmysk1118
trampoline11
turnjen1111433SG
Golf112
Hânbal112
Hynstesport211116
Fytskrossen22
Hockey112
Hurdsilen2222210
Judo222222214
Kanofarren slalom11216
sprint444
Keunstdûken111111118
Moderne fiifkamp112
Roeien244414
Rugby112
Syngroanswimmen112
Sjitsport22212122115
Skermjen11112111110
Strânfollybal112
Swimmen444444441134
Teakwondo22228
Tafeltennis11114
Tennis1135
Triatlon112
Wetterpolo112
Wrakseljen2223322218
totaal tal finales12141415201924212217251623223012306
tal finales dien122640557594118139161178203219242264294306
augustus3
woa.
4
tong.
5
freed
6
sneon
7
snein
8
moan.
9
tii.
10
woa.
11
tong.
12
freed
13
sneon
14
snein
15
moan.
16
tii.
17
woa.
18
tong.
19
freed
20
sneon
21
snein
finales


Dielnimmende lannen

De dielnimmende lannen oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2016, mei it tal yndividuële sporters oanjûn.


Medaljespegel

 Plak LânNOK Totaal
1Feriene Steaten  USA463738121
2Grut-Brittanje  GBR27231767
3Sina  CHN26182670
4Ruslân  RUS19181956
5Dútslân  GER17101542
6Japan  JPN1282141
7Frankryk  FRA10181442
8Súd-Koreä  KOR93921
9Itaalje  ITA812828
10[Austraalje  AUS8111029
11Nederlân  NED87419
12Hongarije  HUN83415
13Brazylje (gastlân)  BRA76619
14Spanje  ESP74617
15Kenia  KEN66113
16Jamaika  JAM63211
17Kroaasje  CRO53210
18Kuba  CUB52411
19Nij-Seelân  NZL49518
20Kanada  CAN431522
21Oezbekistan  UZB42713
22Kazachstan  KAZ35917
23Kolombia  COL3238
24Switserlân    SUI3227
25Iraan  IRI3148
26Grikelân  GRE3126
27Argentynje  ARG3104
28Denemark  DEN26715
29Sweden  SWE26311
30Súd-Afrika  RSA26210
31Oekraïne  UKR25411
32Servje  SRB2428
33Poalen  POL23611
34Noard-Koreä  PRK2327
35Belgje  BEL2226
Tailân  THA2226
37Slowakije  SVK2204
38Georgje  GEO2147
39Azerbeidzjan  AZE171018
40Wyt-Ruslân  BLR1449
41Turkije  TUR1348
42Armeenje  ARM1304
43Tsjechje  CZE12710
44Etioopje  ETH1258
45Sloveenje  SLO1214
46Yndoneezje  INA1203
47Roemeenje  ROU1135
48Bachrein   BRN1102
Fjetnam  VIE1102
50Sineesk Taipei  TPE1023
51Bahama's  BAH1012
Ivoarkust   CIV1012
Yndividuele Olympyske Atleten   IOA1012
54Fidzjy   FIJ1001
Jordaanje  JOR1001
Kosovo  KOS1001
Porto Riko  PUR1001
Singapoer  SIN1001
Tadzjikistan  TJK1001
60Maleizje  MAS0415
61Meksiko  MEX0325
62Algerije  ALG0202
Ierlân  IRL0202
64Litouwen  LTU0134
65Bulgarije  BUL0123
Fenezuëla  VEN0123
67Yndia   IND0112
Mongoalje  MGL0112
69Boerûndy  BDI0101
Grenada   GRN0101
Niger  NIG0101
Filipinen  PHI0101
Katar  QAT0101
74Noarwegen  NOR0044
75Egypte  EGY0033
Tuneezje  TUN0033
77Israel   ISR0022
78de Dominikaanske Republyk  DOM0011
Eastenryk  AUT0011
Estlân  EST0011
de Feriene Arabyske Emiraten  UAE0011
Finlân  FIN0011
Marokko  MAR0011
Moldaavje  MDA0011
Nigearia  NGR0011
Portegal  POR0011
Trinidad en Tobago  TRI0011

Fryske medaljes

medaljenammesportûnderdieldatum
goudMarit Bouwmeestersilenlaser radial (froulju)16 augustus
goudSanne Weversturnjenbalke (froulju)15 augustus
brûnsMechiel Versluis (mei 8 oaren)roeienacht (manlju)13 augustus

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
wizigje


Olympyske Simmerspullen 2016

Atletyk | Baanhurdfytsen | Badminton | Basketbal | Berchfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Fytskrossen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Golf | Gymnastyk | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Rugby | Syngroanswimmen | Sjitsport | Skermjen | Strânfollybal | Swimmen | Teakwondo | Tafeltennis | Tennis | Triatlon | Wetterpolo | Wrakseljen


wizigje
🔥 Top keywords: