Olympyske Simmerspullen 2020

De Olympyske Simmerspullen fan 2020 (Japansk: 2020年夏季オリンピック, transliteraasje: Nisen Nijū-nen Kaki Orinpikku), offisjeel bekend as de Spullen fan de XXXII Olympiade, wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e simmer fan 2021 holden waard yn 'e Japanske haadstêd Tokio. It wie de earste edysje fan 'e Spullen ea dy't útsteld waard en in jier letter plakfûn as de bedoeling wie. Reden dêrfoar wie de koroanapandemy. Hoewol't dizze edysje fan 'e Simmerspullen formeel fan 23 july oant 8 augustus rûn, setten guon groepswedstriden al op 21 july úteinset, twa dagen foar de iepeningsseremoanje. Oan 'e Spullen diene 11.090 sporters mei út 205 ûnderskate lannen en territoaria. It evenemint omfieme fierders 339 ûnderdielen yn 33 ferskillende sporten. Nije sporten dy't op dizze edysje fan 'e Olympyske Spullen yntrodusearre waarden, wiene 3×3 basketbal en fytskrossen frije styl, wylst yn in stikmannich besteande sporten mingde eveneminten foar manlju en froulju tafoege waarden en by it baanhurdfytsen de keppelkoers foar manlju reyntrodusearre waard en in selde evenemint foar froulju tafoege waard. Dêropta wiene der fiif sporten spesifyk foar dizze iene edysje fan 'e Olympyske Simmerspullen op it programma set. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Tokio ek de Paralympyske Simmerspullen organisearre.

XXXIIe Olympiade
holden ynTokio (Japan)
jier2020 (2021)
data21 july-8 augustus 2021
organisatorIOC
dielnimmende lannen205 (+ Flechtlingeteam)
dielnimmende atleten11.090
eveneminten339 yn 33 sporten
iepeningsseremoanje23 july 2021
slutingsseremoanje8 augustus 2021
edysjes
foarrige edysjeRio de Janeiro 2016
folgjende edysjeParys 2024
Temaside Sport

Utferkiezing

By de útornearring fan 'e gaststêd foar de Olympyske Simmerspullen 2020 naam Tokio it op tsjin in stikmannich oare gadingmakkers. De wichtichsten dêrfan wiene Istanbûl, yn Turkije, en Madrid, yn Spanje. By de ferkiezing behellen dy beide stêden in dield twadde plak. Dêrom wie der in runoff nedich, wêrby't Madrid ôffoel. By de einstimming wûn Tokio it fan Istanbûl mei 60 tsjin 36 stimmen.

Organisaasje en swierrichheden

Yn ferhâlding ta de problematyske oanrin nei de foargeande Olympyske Simmerspullen, dy fan 2016, yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro, gie it mei de tariedings foar de Spullen yn Tokio dat it slydjage. De útbraak fan 'e wrâldwide koroanapandemy, yn desimber 2019, jage de boel lykwols yn 'e bulten. Al rillegau ûntstie der twifel oft de spullen yn 'e simmer fan 2020 wol holden wurde koene. It Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) en it regear fan Japan holden noch in skoft út dat it evenemint trochgean soe. Noed oer it wolwêzen fan 'e sporters en oare belutsenen en eangst foar de fierdere fersprieding fan koroana ûnder de Japanske befolking wylst der oant teminsten desimber 2020 gjin effektyf faksên tsjin 'e sykte beskiber komme soe, makken útstel fan 'e Olympyske Spullen lykwols ûnûntkomber.

De Olympyske ringen by nacht op in ponton yn 'e Baai fan Tokio.

Op 30 maart 2020 makke it IOC yn in mienskiplike ferklearring mei it Organisearjend Komitee foar de Olympyske en Paralympyske Spullen yn Tokio (TOCOG) bekend dat de Olympyske Simmerspullen fan 2020 in jier útsteld wurde soene, oant 23 july 2021. Dat wie in unikum yn 'e skiednis fan 'e Olympyske Spullen, mei't eardere edysjes soms oergien wiene omreden fan negative ynfloeden fan bûtenôf (spesifyk de Earste Wrâldoarloch en de Twadde Wrâldoarloch), mar noch nea útsteld wiene oant in lettere datum. De hoop bestie dat yn 'e simmer fan 2021 it koroanafirus betwongen wêze soe. Dat wie sa net, mar fanwegen de beskikberens fan in effektyf faksên tsjin it firus (en om finansjele redens) waard doe besletten de Spullen net fierder út te stellen, ek al fûn der tagelyk mei de Olympyske Simmerspullen in nije koroana-útbraak plak yn Japan. Yn dat lân bestie tsjin dy tiid sadwaande net folle animo mear foar it hâlden fan it evenemint, mar kontraktuele ferplichtings en druk fan it IOC twongen de Japanske autoriteiten om yn 2021 dochs troch te setten.

Hoewol't de Olympyske atleten en har ûnderstypjende stêf yn Tokio yn in 'bubbel' libben en dus alhiel gjin kontakt hiene (of alteast hearden te hawwen) mei de pleatslike befolking, waarden der ûnder harren geandewei de Spullen dochs noch 458 gefallen fan besmetting mei it koroanafirus fêststeld. Sokke sporters en stêfleden waarden fuortendaliks tsien dagen yn karantêne set en dêrnei nei hûs stjoerd, en koene dus fierder net oan 'e Spullen dielnimme.

Sporten

De folgjende sporten makken diel út fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes. (Offisjeel wiene der 33 sporten, mar dy telling is frijwat ûndúdlik om't dy neffens sportbûn rekkene is. Sa foarmje alle wettersporten yn dy optyk ien sport.) Der wiene twa nije sporten: 3×3 basketbal en fytskrossen frije styl. Dêrnjonken wiene der fiif sporten spesifyk en allinne foar dizze iene edysje fan 'e Olympyske Simmerspullen op it programma set: honkbal, karate, skateboarden, sportklimmen en surfen.


Kalinder

N.B.: Foar alle tiden en data jildt de Japanske Standerttiid (UTC+9)
ISiepeningsseremoanjegroeps- en kwalifikaasjewedstriden1finalesÔSôfslutingsseremoanje
july/augustus 202121
woa.
22
tong.
23
freed
24
sneon
25
snein
26
moan.
27
tii.
28
woa.
29
tong.
30
freed
31
sneon
1
snein
2
moan.
3
tii.
4
woa.
5
tong.
6
freed
7
sneon
8
snein
finales
seremoanjesISÔS
Atletyk134565887148
Baanhurdfytsen121221312
Badminton11125
Basketbal Klassyk114
3×32
berchfytsen112
Bôgesjitten111115
Boksen21114413
dykhurdfytsen1124
Follybal112
Fuotbal112
fytskrossen224
Gewichtheffen121212121114
Gymnastyk Rytmysk1118
Trampolyne11
Turnjen1111433
Golf112
Hânbal112
Hynstesport112116
Hockey112
Honkbal11
Hurdsilen224210
Iepenwetterswimme112
Judo2222222115
Kanofarren slalom111116
sprint444
Karate3328
Keunstdûken111111118
Moderne fiifkamp112
Roeien64414
Rugby112
Skateboarden11114
Skermjen22211111112
Softbal11
Sportklimmen112
Strânfollybal112
Sjitsport2222212215
Surfen22
Swimmen4445544535
Syngroanswimmen112
Taekwondo22228
Tafeltennis111115
Tennis1135
Triatlon1113
Wetterpolo112
Wrakseljen33333318
totaal tal finales11182122231721212520261727233413339
tal finales dien1129507295112133154179199225242269292326339
july/augustus 202121
woa.
22
tong.
23
freed
24
sneon
25
snein
26
moan.
27
tii.
28
woa.
29
tong.
30
freed
31
sneon
1
snein
2
moan.
3
tii.
4
woa.
5
tong.
6
freed
7
sneon
8
snein
finales


Dielnimmende lannen

De dielnimmende lannen oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, mei it tal yndividuële sporters oanjûn.


*) Om't Ruslân fanwegen syn wegering om op strukturele wize doping oan te pakken noch altyd fan dielname útsletten wie troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC), diene de Russyske sporters oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020 mei as neutrale dielnimmers ûnder de flagge fan it Russysk Olympysk Komitee.

Medaljespegel

Boerkina Faso, San Marino en Turkmenistan behellen op 'e Olympyske Simmerspullen 2020 harren earste Olympyske medaljes ea. Bermuda, de Filipinen en Katar behellen har earste Olympyske gouden medaljes.

 Plak LânNOK Totaal
1Feriene Steaten  USA394133113
2Sina  CHN38321888
3Japan (Gastlân)  JPN27141758
4Feriene Keninkryk  GBR22212265
5Russysk team  ROC20282371
6Austraalje  AUS1772246
7Nederlân  NED10121436
8Frankryk  FRA10121133
9Dútslân  GER10111637
10Itaalje  ITA10102040
11Kanada  CAN761124
12Brazylje  BRA76821
13Nij-Seelân  NZL76720
14Kuba  CUB73515
15Hongarije  HUN67720
16Súd-Koreä  KOR641020
17Poalen  POL45514
18Tsjechje  CZE44311
19Kenia  KEN44210
20Noarwegen  NOR4228
21Jamaika  JAM4149
22Spanje  ESP38617
23Sweden  SWE3609
24Switserlân    SUI34613
25Denemark  DEN34411
26Kroaasje  CRO3328
27Iraan  IRI3227
28Servje  SRB3159
29Belgje  BEL3137
30Bulgarije  BUL3126
31Sloveenje  SLO3115
32Oezbekistan  UZB3025
33Georgje  GEO2518
34Sineesk Taipei  TPE24612
35Turkije  TUR22913
36Grikelân  GRE2114
Uganda  UGA2114
38Ekwador  ECU2103
39Ierlân  IRL2024
Israel   ISR2024
41Katar  QAT2013
42Bahama's  BAH2002
Kosovo  KOS2002
44Oekraïne  UKR161219
45Wyt-Ruslân  BLR1337
46Fenezuëla  VEN1304
Roemeenje  ROU1304
48Yndia   IND1247
49Hongkong  HKG1236
50Filipinen  PHI1214
Slowakije  SVK1214
52Súd-Afrika  RSA1203
53Eastenryk  AUT1157
54Egypte  EGY1146
55Yndoneezje  INA1135
56Etioopje  ETH1124
Portegal  POR1124
58Tuneezje  TUN1102
59Estlân  EST1012
Fidzjy   FIJ1012
Letlân  LAT1012
Tailân  THA1012
63Bermuda   BER1001
Marokko  MAR1001
Porto Riko  PUR1001
66Kolombia  COL0415
67Azerbeidzjan  AZE0347
68Dominikaanske Republyk  DOM0325
69Armeenje  ARM0224
70Kirgyzje  KGZ0213
71Mongoalje  MGL0134
72Argentynje  ARG0123
San Marino  SMR0123
74Jordaanje  JOR0112
Maleizje  MAS0112
Nigearia  NGR0112
77Bachrein   BRN0101
Litouwen  LTU0101
Namybje  NAM0101
Noard-Masedoanje  MKD0101
Saûdy-Araabje  KSA0101
Turkmenistan  TKM0101
83Kazachstan  KAZ0088
84Meksiko  MEX0044
85Finlân  FIN0022
86Botswana   BOT0011
Boerkina Faso   BUR0011
Gana   GHA0011
Grenada   GRN0011
Ivoarkust   CIV0011
Koeweit  KUW0011
Moldaavje  MDA0011
Syrje  SYR0011

Fryske medaljes

medaljenammeútsportûnderdieldatum
sulverYmkje Clevering (en 3 oaren)Haulerwykroeienfjouwer sûnder28 july
brûnsMarit BouwmeesterWartenhurdsilenlaser radiaal (froulju)1 augustus

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
wizigje


Olympyske Simmerspullen 2020

Atletyk | Baanhurdfytsen | Badminton | Basketbal | Berchfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Fytskrossen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Honkbal | Hurdsilen | Judo | Karate | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Rugby | Syngroanswimmen | Sjitsport | Skateboarden |Skermjen | Softbal | Sportklimmen |Strânfollybal | Surfen |Swimmen | Teakwondo | Tafeltennis | Tennis | Triatlon | Wetterpolo | Wrakseljen


wizigje
🔥 Top keywords: