Turkmenistan

Türkmenistan Jumhuriyäti
Flagge fan TurkmenistanWapen fan Turkmenistan
FlaggeWapen
Lokaasje fan Turkmenistan
Offisjele taalTurkmeensk
HaadstêdAsjchabad
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
488.100 km²
0,49­%
Ynwenners (2005)4.952.081
MuntTurkmeenske manat (TMM)
TiidsôneUTC +5
Nasjonale feestdei27 oktober
LânkoadeTKM
Ynternet.tm
Tillefoan993

Turkmenistan is in lân yn Aazje. Eartiids hearde it by de Sowjetuny. De haadstêd fan it lân is Asjchabad

Geografy

Lizzing

Turkmenistan hat in oerflak fan 488,100 km² en wurdt begrinzge troch:

Lânskip

De heechste berch fan it lân hjit de Ayrybaba (3137m). It klimaat is kontinintaal subtropysk. Der falt oer it hiele jier net folle rein. De simmers binne waarm mei minder strange winters.

Skiednis

Nei de Oktoberrevolúsje yn Ruslân wie der in soad politike ûnfrede yn de regio en dat late ta it stiftsjen fan de Turkmeenske Sosjalistysk Sowjetrepublyk dy't in jier letter ta de Sowjetuny tatreedzje soe. Turkmenistan ferklearre himsels op 27 oktober 1991 ûnôfhinklik fan de Sowjetuny dy't yn datselde jier opholden wie te bestean.

Demografy

Fan de befolking is 89% moslim en 8% russysk-ortodoksk. Turkmeensk is de offisjele taal fan it lân. Likernôch 12% fan de ynwenners praat Russysk en 5% Oezbeeksk.

Distrikten

Bestjoerlik is Turkmenistan ferdield oer fiif provinsjes of welayatlar (meartal fan welayat):

ProvinsjeHaadplakOerflak (km²)Ynwennertal (1995)
BereaAnnau95,000722,800
BalkanBalkanabat138,000424,700
DaşoguzDaşoguz74,0001,059,800
LebapTurkmenabat94,0001,034,700
MaryMary87,0001,146,800

De haadstêd Asjchabad falt net ûnder in provinsje mar is in autonoame stêd mei 604,000 ynwenners.

🔥 Top keywords: